Tegels
Meinou P.
‘Oh, binne jo dêr. Wat bin ik dêr bliid om, ik haw jo safolle te fertellen. Dat mis ik sa no't ik hjir wenje. Dat jo jûns efkes in kopke tee mei my dronken en dat wy dan de dei efkes trochpraten. Mar ja, ik moast dêr wol wei te wenjen, ik koe net mear allinnich, no. It is wol wat hear, âlder wurde, dat sille jo skylk noch wol merke. Is it goed mei jo? En hoe is it op 'e buert? Jo moatte sels mar efkes kofjesette, dat is sa ûnhandich yn 'e rolstoel. Klau mar yn 'e kastkes om, der binne ek wol koekjes. No, sneintemiddei wie ús Jan hjir en ik seach drekt wol dat der wat wie. Myn lichem mei my dan yn 'e steek litte, de holle is gelokkich noch goed. “Giest by Harmke wei, tink”, sei ik, want hy komt noait allinnich en wat soe der no oars wêze as relaasjeproblemen. Hoe't ik dat wist, frege er. “Bist myn soan”, sei ik, “en ik ha soks al earder mei dyn broer meimakke.” No bin ik fansels nea net wiis west mei Harmke, dat witte jo ek wol, mar men kin dochs net samar byinoar weigean? Hoe âld oft se wie, frege ik. Wêr't ik it oer hie, bearde er. “Wol in pear jier âlder as jimme Miranda, hoopje ik”, sette ik troch, mar hy woe der neat oer sizze. No, ik hoech it net te witten en hy moat har ek net meinimme hjirhinne, ik haw genôch fan skoandochters en foaral fan nije. “Tink derom datst gjin bern wer oansetst”, sei ik noch, “foarst it witst moatte jimme dy ek wer ferdiele.” Want de wike dêrfoar wie ús Teade op besite en no moat ik goed neitinke om jo fertelle te kinnen wa't er allegearre by him hie. Syn freondinne Grace fansels, mei myn jongste beppesizzerke. No binne sokke bern my fierstente drok, se sitte oeral oan, dat ik ha leaver dat se dy net meinimme. De twa fan Pytsje wienen ek mei, dy wienen it wykein by harren heit en dat binne skatten. Mar Grace hie it bern út har earste
houlik ek by har. Dat wennet by de heit. En no komt it, it bern fan de frou fan dý man wie ek mei nei Teade-en-dy ta. Dan wie it net sa spannend foar de dochter fan Grace. De omgong tusken mem en dochter is wat dreech, leau'k. En dy twa moasten oan beppe foarsteld wurde. Ik sei dat ik harren beppe net wie en dat fiif bern wol wat tefolle wie yn sa'n lyts keammerke. Ik luts Anneke, de âldste fan Teade en Pytsje nei my ta en ik frege oft se it wol fijn fûn by heit, no't dy oaren der ek wienen. Se lake wat ferlegen en doe haw ik goed lûd sein dat se har heit en Grace net altyd har sin hoegde te jaan. Se moat foar harsels opkomme, fine jo net? En witte jo wat it no is? No sjoch ik al dy nammen al ûnder myn rou-advertinsje stean, al dy minsken en bern dy't my neat sizze en dat wol ik net! Dat ik sil Teade opbelje en sizze dat der allinnich mar “bern en bernsbern” ûnder moat. En no wol ik jo ek noch wat freegje. Wolle jo, as ik dea bin, dan asjeblyft wol soargje dat it ek echt sa bart?’