Trotwaer. Jaargang 33
(2001)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 317]
| |||||||
Wij he fan 't jaar al soafeul gedonder had, dy priis kin der noch wel bij
| |||||||
1961: It gefal Marten BrouwerYn 1961 wurdt de Gysbert Japicxpriis takend oan de dichtbondel Seinen fan de Marten Sikkema (G.A. Gezelle Meerburg). Yn 'e sjuery sitte U.J. Boersma, G. Brouwer en M. Brouwer. Marten Brouwer stapt derút om't de oare sjueryleden neffens him it kritearium fan ‘presentabe-Tens foar it offisium oer’ de trochslach jaan litte. Hy jout alle notulen frij foar de parse. De oare sjueryleden neame syn beskuldigingen ‘pertinent net wier’ en ‘kweadaerdige ûnsin’. Foar it earst sûnt 1947 komt der no ek krityk op de gearstalling fan de sjuery, benammen fan Tiny Mulder. Dy seit yn in útstjoering fan de Regionale Omroep Noord en Oost (rono): Op zichzelf bezien, was de keuze van de juryleden, die Gedeputeerde Staten maakte uit een lijst van jurykandidaten, opgesteld door de Fryske Akademy, wel geschikt: Gerben Brouwer met een carrière van zo'n dertig jaar als Fries dichter; Marten Brouwer als vertegenwoordiger van de experimentelen en juffrouw Boersma als neutrale figuur, van wie men geen voorkeuren kende. Het was evenwel, dunkt mij, van de Fryske Akademy niet handig om van de Friese experimentelen juist Marten Brouwer voor te dragen bij Gedeputeerde Staten. Van Gedeputeerde Staten kan niet verwacht worden, maar van de Fryske Akademy wel, dat zij kennis draagt van het feit, dat Marten Brouwer enkele jaren geleden de experimentele dichter Jelle de Jong heeft geproclameerd tot de beste Friese dichter sedert 1945 en hem tegelijkertijd heeft uitgeroepen tot graaf Jelle. [...] Wie eenmaal zo sterk zijn voorkeur heeft uitgedrukt voor één bepaalde dichter, kan later niets anders meer doen dan zijn tijdgenoten oproepen tot bekering tot Jelle de Jong.’Ga naar voetnoot3 It giet by de takenning fan de priis dus tusken Marten Sikkema en Jelle de Jong. De sjuery komt der oan de hân fan in troch harren sels opsteld listke mei kritearia, net út. Der wurde dêrom twa útstellen dien: Gerben Brouwer stelt út om Sikkema foar te dragen foar de priis en Jelle de Jong earfol te neamen; Marten Brouwer stelt út om Sikkema en De Jong beide foar te dragen en de kar oan Deputearre Steaten te litten. Uteinlik giet Boersma mei it earste foarstel mei. Der wurdt besluten in foarriedich sjueryrapport te meitsjen. Dat is foar Marten Brouwer de oanlieding om út de sjuery te stappen. | |||||||
[pagina 318]
| |||||||
De mearderheid fan de sjuery is it dus iens mei it útstel fan Gerben Brouwer. Jelle de Jong wurdt mei eare neamd yn it sjueryrapport en dat is op de priisútrikking ek útsprutsen. Deputearre Steaten hiene dêr no kenlik gjin problemen mei, wylst hja der yn 1950 noch poer op tsjin wiene in ynstitút ‘earfolle fermeldingen’ yn te stellen.Ga naar voetnoot4 De sjuery makket yn in frij lange ynlieding noch in oantal wichtige opmerkingen. Se is ta it ynsjoch kommen dat de kar hieltyd slimmer wurdt om't it tal ûnbekroane dichters dat namme makke hat, ôfnimt en dat it no oankomt op it hifkjen fan eigentiidsk wurk neffens suver literêr-estetyske en algemien taalkulturele kritearia. De bekroaning mei de Gysbert Japicxpriis wurdt minder de bekrêftiging fan in fêstige reputaasje en mear in profesije fan dichterskip. Foar de sjuery is de priis ynearsten dus gjin oanmoedigingspriis, wylst dat neffens de regleminten wol de bedoeling is, mar giet it wol dy kant út, no't alle fêstige skriuwers him al in kear wûn ha. De sjuery kin no net mear ôfgean op de fêstige reputaasje fan in skriuwer, mei oare wurden op it plak dat in skriuwer al hat yn it literêre sirkwy. Hja sil in kar meitsje moatte út skriuwers dy't (noch) gjin fêst plak ha yn dat sirkwy. Uteinlik soe de sjuery der sels foar soargje kinne dat in skriuwer troch in takenning yn it fêstige sirkwy telâne komt. Oan de oare kant bestiet fansels ek it gefaar dat de minsken dy't al yn dat literêre sirkwy sitte, fine dat de sjuery de planke kompleet misslein hat. Dat soe in grut gesichtsferlies foar de sjuery en foar de Gysbert Japicx-priis betsjutte kinne. | |||||||
1967: It gefal Trinus RiemersmaDe jierren dêrop binne der gjin swierrichheden: yn 1963 giet de priis nei Jo Smit (foar de ferhalebondel Bisten en boargers), yn 1965 nei Jan Wybenga (foar de fersebondel Barakkekamp). Yn 1967 leit dat oars. De takenning fan de priis oan Fabryk fan Trinus Riemersma jout dan nochal wat opskuor. Safolle sels dat der yn de Steaten fragen oer steld wurde. Benammen de konfesjonele partijen chu, arp en kvp hawwe swierrichheden mei it frijmoedige seksuele karakter fan it boek. Hja freegje harren ôf oft de oerheid sa'n boek wol bekroane moat. Sybren van Tuinen sei út namme fan 'e arp-fraksje: Het is duidelijk dat Gedeputeerde Staten de artistieke kwaliteiten van de bekroonde roman Fabryk niet kunnen beoordelen. Daarvoor was de jury. Maar wel hadden zij hun uiteindelijk besluit moeten toetsen aan het criterium: bevorderen wij met deze prijstoekenning het algemeen belang en blijven wij daarmee binnen de normen op zedelijk gebied? De overheid zorgt immers ook voor een reinigingsdienst en voor vuilverwijdering. Dit moet ook in geestelijk opzicht geschieden.’Ga naar voetnoot5 It Kolleezje hat lykwols, mei in mearderheid fan stimmen, it beslút de priis ta te kennen oan Fabryk, al nommen. By de tsjinstimmers wie ek de deputearre fan kultuer Piter van der Mark. De funksje fan de sjuery is yn dit gefal dúdlik: hja is in soarte fan buffer tusken de keunstwrâld en de oerheid, dat om foar te kommen dat de oerheid in oardiel útsprekt oer de keunst. Soe de oerheid dat wol dwaan, dan bestiet it gefaar dat der in soarte fan steatskeunst ûntstiet, en dat soe de autonomy fan de keunsten ûnderstek dwaan kinne. It prinsipe dat de oerheid har ûnthâlde moat fan in oardiel oer de keunst, is ien fan de wichtichste prinsipes fan it Nederlânske-keunstbelied. Dat begjinsel is foar it earst útsprutsen yn 1862 troch Jan Roelof Thorbecke. Der is ek krityk op de gearstalling fan de sjuery. Neffens Gerben Abma binne G.A. Piebenga en E.G.A. Galama as filologen net ge- | |||||||
[pagina 319]
| |||||||
skikt foar in literêre sjuery. Jo Smit is dan wol in literêre figuer, mar om't hy yn in earder wurk fan Riemersma tige priizge is, soe hy net hielendal ûnpartidich wêze. Diskear is de sjuery ek net ienriedich. Galama tsjinnet in minderheidsrapport yn. Hy wol de priis ta ha oan De Fûke fan Rink van der Velde. Deputearre Steaten folgje, lykas wenst, it advys op fan 'e mearderheid fan 'e sjuery. Trinus Riemersma sels seit yn syn tankwurd: Doe't ik dy tiisdeitojûns [...] mei it bliid boadskip fan Van der Mark thúskaem, doe sei myn frou: ‘Wij he fan 't jaar al soafeul gedonder had, dy Gysbert Japicxpriis kin der noch wel bij.’ Dat wie likernôch de stimming. [...] Ik hie sa'n idé dat dizze priis bidoeld wie om my fuort te promovearjen: hjir hast fyftjinhûndert goune, en nou moatst dy fierder de bek hâlde. [...] Dat jild fyn 'k aerdich,
Kommissaris fan de Keninginne H.P. Linthorst Homan rikt de Gysbert Japicxpriis 1967 op it Boalserter stedhûs út oan Trinus Riemersma, 29 jier âld en dêrmei de jongste laureaat oant no ta. (foto argyf flmd)
mar fan dy priis giet foar my gjin inkelde oantrún út. [...] Hwat my wol ynspirearret, dat binne de protesten tsjin it feit dat dizze priis my takend is. [...] Deputearre Steaten hawwe har mei it takennen fan dizze priis foar Fabryk tige dúdlik distânsiëarre fan 'e roppers en de razers en mâlbearders dy't der sok raer guod fan spuid hawwe. Deputearre Steaten hawwe yn 't foar witten dat hjir dalje op komme soe, dat wie mei de klompen oan to fielen, mar der binne se net foar omlizzen gien. En dat fyn ik flink.Ga naar voetnoot6 | |||||||
[pagina 320]
| |||||||
As biswier soe men ynbringe kinne, dat it hjir net giet om in kréative died yn poëtyske sin; mar dêr stiet foaroer, dat de útkomst helte wichtiger is as it publisearjen fan in fersebondel of fan in mannich fersen yn in tydskrift. Dit ûndernimmen hat nammers de kréativiteit wol befoardere, troch it freegjen fan bydragen oan binammen jongere dichters en troch it organisearjen fan poëzij-jounen dêr't jonge minsken har fersen foarlêze koene.Ga naar voetnoot7 Deputearre Steaten geane net akkoart mei dizze foardracht: Volgens het desbetreffende besluit van Prov. Staten kan de prijs alleen toegekend worden aan een auteur en niet aan een instelling, die te vergelijken is met de Stifting It Fryske Boek. Ook heeft de provincie door het verlenen van een subsidie aan Operaesje Fers al eerder van haar waardering voor dit nieuwe initiatief blijk gegeven. De prijs kan volgens de afdeling niet worden toegekend, tenzij de commissie - die overigens eigenmachtig van haar opdracht is afgeweken - wel een auteur kan aanwijzen, op zeer korte termijn.Ga naar voetnoot8 De kommisje bliuwt by har foardracht en de priis wurdt net takend. Yn it Fryske literêre sirkwy binne foar- en tsjinstanders fan de kommisje te finen. Jo Smit, dy't it Frysk Skriuwersboun fertsjintwurdiget, falt mei oaren oer de passaazje yn it sjueryrapport dat de foardracht ‘gjin negatyf weardeoardiel [ynhâldt] oer de yn de jierren 1965-1968 forskynde poëzij. As jimme kolleezje akkoard giet mei ús útstel, soene de bondels dy't yn dit tiidrek publisearre binne foar de folgjende poëzij-priis meitingje kinne.’ In oar punt fan diskusje is it moedwillich yngean fan de kommisje tsjin de regleminten. Hja seit yn in brief oan Deputearre Steaten dat hja wol ferwachte hiene dat de foardracht swierrichheden mei har meibringe soe. Jo Smit seit oer dy beide punten: De kommisje nou hat ‘Operaesje Fers’ foardroegen foar de priis, yn de wittenskip dat soks net koe. Knapper hie west om fuort tsjin Deputearren to sizzen: ‘Op dy bitingsten en oer dy priis wolle wy net adfisearje. [...]’ Dat hawwe dy kommisjeleden net dien, né, hja hawwe sabeare ynstimd mei hwat frege waerd, mar hja hawwe adfisearre oer hwat net oan 'e oarder wie. [...] Net liker as is it mei poëzij itselde as mei somlike tsiis en wyn en wurdt hja better as hja mannich jierren lein hat. Nou is it noch to farsk, der is gjin wurk dat der útkipet, mar as wy nochris fjouwer jier tiid dogge, dan sil faeks blike dat it iene gâns better biwinteret as it oare. Nou is it fansels yn saken fan kunst ek makliker om op in ôfstân to sjen en it is gauris sa dat lettere slachten neat mear begripe fan it oardiel fan de tiidgenoaten oer in bikroande auteur, mar hwa't op groun dêrfan net oardielje wol - en dat is in folslein to wurdearjen hâlding - moat gjin sit nimme yn in adfyskommisje. Dizze adfyskommisje hat de literatuer en Fryslân, dy't bliid wêze meije mei it feit dat der in Gysbert Japicx-priis is, en dy't noch ferlet hawwe fan folle mear prizen, in minne tsjinst biwiisd.Ga naar voetnoot9 Foarstanners fan it advys, wêrûnder de meiwurkers fan Operaesje Fers, wize benammen op it logge amtnersapparaat dat net adekwaat ynspylje kin op feroarings. Ut protest tsjin it beslút fan Deputearre Steaten wurdt in alternative Gysbertpriis útrikt oan Operaesje Fers. | |||||||
1971: It gefal Paulus AkkermanOft it wat mei de reboelje om Operaesje Fers hinne te krijen hat, is net dúdlik, mar it is tige dreech om foar 1971 in sjuery byinoar te krijen. Der moatte mar leafst tsien minsken frege wurde. De trije dy't úteinlik ‘ja’ sein hawwe binne: D. Simonides, J. Boersma en G. van der Meer. En ek dy dogge it wer net goed. Nei oanlieding fan 'e takenning fan de priis | |||||||
[pagina 321]
| |||||||
oan Paulus Akkerman foar It roer út hannen, Foar de lins en Dat sadwaende baarnt der in diskusje los oer it nivo fan de priis. Oanfierder is Trinus Riemersma, dy'tyn Trotwaer seit. ‘Mei disse bislissing fan disse jury, dy't de net-literatuer ta literatuer forheft en de literatuer fan hjoed oan kant reaget, wurde de proklamaesje fan Schurer en fiifentweintich jier krityske aktiviteit fan Tsjerne en Trotwaer ûngedien makke.’Ga naar voetnoot10 Riemersma hat ek krityk op de gearstalling fan de sjuery. Hy freget him ôf wêrom't Deputearre Steaten trije sjueryleden oansocht hawwe, fan wa't net bekend wie oft hja ynsjoch yn 'e literatuer hiene, en wêrom't de Fryske Akademy dizze sjueryleden foardroegen hat. - Mei it each op de swierrichheden by it gearstallen fan de sjuery, wurdt ien en oar wat dúdliker: oaren woene net of koene net! Yn in brief oan Deputearre Steaten dêr't Riemersma de útnoeging foar it bywenjen fan de priisútrikking yn ôfslacht seit er: Neffens literaire kritearia hifke, komt it wurk fan P. Akkerman net yn 'e bineaming foar de Gysbert Japicx-priis, dat in literaire priis is, net in treastpriis, oanmoedigingspriis of in útkearing foar trou bodzjen en dreech úthâlden. [...] Ik moat (dan) konstatearje dat wurk fan moderne alluere en fan in ridlik literair nivo, ik tink oan It lyk wurdt oantaest (Piebenga) en De feestgongers (Wadman), troch de jury en de akkoart-geande Deputearren fan Fryslân eftersteld wurdt by slim tradisjoneel en pretinsjeleas proaza.Ga naar eind11 Der binne mear minsken dy't krityk ha op de gearstalling fan de sjuery en de kar dy't dy sjuery makke hat. Under har de redaksje fan Trotwaer (Josse de Haan, Remco Heite, Adri van Hijum en Leo Popma) en Piter Terpstra. De krityk hat oer it algemien dizze strekking: der is neat tsjin op streek- en boereromans, mar dat betsjut noch net dat in skriuwer as Akkerman yn de beneaming komme moatte soe foar de Gysbert Japicxpriis. De sjuery is sa gearstald dat der net al te folle reboelje te ferwachtsjen wie; se is fan in ferkeard kritearium útgien dat te krijen hat mei de produksje, in grut lêzerspublyk en in typysk Fryske problematyk yn it wurk sels. Der wurde ek nammen fan skriuwers neamd dy't neffens de kritisy wol yn de beneaming kamen foar de priis. Neist Anne Wadman en Tjitte Piebenga binne dat Rink van der Velde, Hylkje Goïnga en Ypk fan der Fear. Deputearre Steaten hawwe ek krityk op de motivearring fan de sjuery. Dy hie neffens harren wol wat wiidweidiger kinnen. Der wurde yn it rapport gjin fergelikingen makke mei oare skriuwers en ek gjin arguminten jûn wêrom't Akkerman de priis hawwe moatte soe. | |||||||
1975: Alwer gjin ienriedige sjueryYn 1973 krijt Daniël Daen (Willem Abma) de priis foar trije fersebondels. Hy is, 31 jier âld, de ien-nei-jongste laureaat. Foar 1975 fynt de ôfdieling kultuer yn it listke mei mooglike sjuerykandidaten, opsteld troch de Fryske Akademy, te min minsken mei in bepaald gesach. Gjin Tamminga, Smit, Wadman, Mulder of Poortinga dus. Hja fûnen de sjuery fan 1971 ek al frij swak en freegje har ôf oft der gjin jonge proaza-skriuwers te finen binne, dy't yn 'e jierren '71-'74 net folle publisearre hawwe.Ga naar voetnoot12 Al mei al komt der dochs in sjuery dy't ek Deputearre Steaten nei't sin is, mei Geale de Vries, Ria Postma-Stolk en Philippus Breuker. Gjin echt grutte konflikten dit jier, mar wer is de sjuery net ienriedich. Breuker tsjinnet in minderheidsrapport yn. Hy wol de priis takenne oan R.R. van der Leest mei Boef fan rys en It moaiste famke fan Antartica, wylst de oare leden tinke oan Rink van der Velde foar Foroa- | |||||||
[pagina 322]
| |||||||
ring fan Lucht, Ien foar it ôfwennen en Stjerrende wier, heite. In eventuele bekroaning moat neffens har ek sjoen wurde tsjin de eftergrûn fan it hiele oeuvre en dan benammen De Fûke. Deputearre Steaten moatte in kar meitsje út de twa foarstellen. Hja kieze, op advys fan de ôfdieling kultuer, lykas altyd, foar it foarstel fan de mearderheid. De ôfdieling ûnderbout har literêre(!) oardiel sa: De wurdearring foar it literaire talint Van der Velde is ek grif folle mear as 2x sa great as dy foar R.R. v.d. Leest. De earste hat mei ‘Foroaring fan lucht’ in klassiker skepen, dy't wol in Gysbert Japicx-priis fortsjinnet. Van der Leest syn romans binne yn it earste oankommen oars net as kolderforhalen, wol humoristysk, mar mei in frjemd en hjir en dêr ûnbegryplik taalgebrûk. Sunder mis in tige apart genre, mar oer it literaire gewicht dêrfan kin men fan miening forskille. De ôfd. sjocht dat der net sa bot yn.’Ga naar voetnoot13 Rink van der Velde kiest foar in alternative útrikking op it Provinsjehûs. Hy hie gjin nocht oan ‘dy fertoaning’: ‘Dat is fansels ûnaerdich tsjin de autoriteiten oer, dy't har útslove om der in moai feest fan to meitsjen, mar dat moatte se diz' kear mar ynskikke. Ik fyn, dat ik de frijheit ha om mysels te bliuwen en ik stean tsjin mysels as ik sa'n plechtichheit as yn Boalsert ûndergean moat.’Ga naar voetnoot14 | |||||||
1977: Hy hat him in al in kear wûn!De kommisje, besteande út Pieter Breuker, D.A. Tamminga en W. Veeman, kin it yn 1977 net iens wurde oer de definitive foardracht. De wichtichste reden dêrfoar is it feit dat de kandidaat mei de beste papieren, Jan Wybenga, de priis alris earder wûn hat. Foar in oantal kommisjeleden is dat in reden om syn Lyts Frysk deadeboek net foar te dragen. Dêrom jout de kommisje de opdracht wer werom, mei it fersyk in nije sjuery te beneamen. De sitewaasje dêr't de kommisje yn sit is sa:
Deputearre Steaten beslute de priis wol ta te kennen oan Jan Wybenga. Hja ha beswieren tsjin it ynstellen fan in nije sjuery: ‘Het benoemen van een nieuwe jury stelt deze jury voor een bijzonder moeilijke opgave, omdat het rapport van de oude jury openbaar is geworden. De nieuwe jury is in wezen niet vrij meer een standpunt te bepalen.’Ga naar voetnoot15 Yn in brief oan de advyskommisje lizze ds harren beslút de priis ta te kennen oan Jan Wybenga út. Neffens de sjuery komme der wol auteurs yn 'e beneaming foar de priis. Dy moat dan ek takend wurde. Formeel mei it feit dat in auteur de priis alris earder wûn hat, net meispylje by de takenning. Boppedat is de termyn fan tsien jier wêrbinnen in auteur net foar de priis yn 'e beneaming komme kin, al ferstrutsen. It giet by it takennen fan de priis dan ek net om de auteur, mar om it wurk, sa sizze Deputearre Steaten. Om't twa sjueryleden de bondel fan Jan Wybenga it beste fine, slute DS harren by dat stânpunt oan. Sadwaande is Jan Wybenga de earste dy't de priis foar de twadde kear kriget. | |||||||
Oare opset: it bêste boekDe kwestje ‘hy hat him alris earder wûn’ of ‘dy en dy hat him noch nea krigen’ komt de lêste | |||||||
[pagina 323]
| |||||||
tiden ek hieltyd wer nei boppe at it oan it takennen fan de Gysbert Japicxpriis ta is. Sa stiet Durk van der Ploeg ek al hiel lang op 'e ‘nominaasjelist’. Dat komt benammen troch de konstruksje dy't de priis sûnt 1983 hat. Doe waard it én in oeuvrepriis én in wurkstikpriis.Ga naar voetnoot16 As in auteur yn de beneaming komme wol foar de priis moat er óf in oeuvre opboud hawwe en yn de trije jier foarôfgeand oan de takenning fan de priis publisearre ha óf hy moat yn dy trije jier in tige goed boek skreaun ha. Sa sil in grut oantal auteurs tusken de wâl en it skip telâne komme. De sjuery sil boppedat hieltyd in kar meitsje moatte tusken de oeuvrepriis en de wurkstikpriis en har dêrby ôffreegje moatte wat swierder weaget: it hawwen fan in oeuvre of it skriuwen fan in masterwurk. Boppedat jildt de priis no foar alle sjenres. Dat betsjut dat de sjuery der ek yn thús wêze moat en boppedat apels mei parren fergelykje moat. It hat de ôfrûne fyftjin jier bliken dien dat it proaza de measte klam kriget by de takenning fan de Gysbert Japicxpriis. Utsein fan Tiny Mulder, dy't him yn 1986 krige foar har hiele oeuvre, is de Gysbert Japicx-priis de lêste fjouwer kear takend oan óf in proazaskriuwer (Anne Wadman, 1989) óf in proazawurk (yn 1992 De Wuttelhaven del fan Steven de Jong, yn 1995 De reade bwarre fan Trinus Riemersma en yn 1998 It libben sels fan Piter Boersma). Dat is dus in ‘proaza-perioade’ fan mear as tsien jier. De oare sjenres lykas berne- en jongereinliteratuer en toaniel komme hielendal net oan bod. Ek de ferskillende sjenres dy't binnen it proaza te finen binne, lykas it koarte ferhaal en it essay komme oan 'e krapperein. Neffens my is it better om de Gysbert Japicxpriis wer syn âlde karakter te jaan. Dat hâldt dus yn: it bêste boek bekroane dat yn 'e ôfrûne trije jier ferskynd is. In auteur kin yn dat gefal ek bêst twa kear efterinoar de priis takend krije,
Deputearre Jaap Mulder rikt de Gysbert Japicxpriis 1975 op it Provinsjehûs út oan Rink van der Velde. (foto lc/Paul Janssen; argyf flmd)
as hy/sy twa kear it bêste wurk skreaun hat yn dy perioade. Ik soe de sjenres wer beheine ta proaza en poëzy. Dêr is foar in part al in oanset ta makke yn 1999 troch it oannimmen fan in moasje fan de pvda yn de Provinsjale Steaten. De gjp sil wer in twajierlikse priis wurde foar proaza en poëzij en de betingst dat in auteur trije jier foar it takennen fan de priis publisearre hawwe moat, wurdt nei alle gedachten loslitten. Hoe't ien en oar krekt útwurke wurde sil, is leau 'k noch net dúdlik, mar sa te sjen wurdt it oeuvre-barren dêrby noch net loslitten, wylst dat neffens my wol better is foar it karakter fan de | |||||||
[pagina 324]
| |||||||
priis. Stel dan noch in spesjale oeuvrepriis yn dy't net oan in bepaald tiidskema bûn is, mar útrikt wurdt nei oanlieding fan in spesjaal barren, lykas fiifentweintich jier skriuwerskip of in fiifensantichste jierdei fan in auteur. It kostet wat mear, mar dan hawwe jo ek wat. Foar de oare sjenres soene oare provinsjale prizen ynsteld wurde moatte, sadat dy ek op har eigen merites beoardiele wurde kinne. De provinsje soe wat berne- en jongereinliteratuer oanbelanget bygelyks gearwurkje kinne mei de Simke Kloostermanpriis. Nei mear as fyftjin jier mei de boel wol wer ris op 'e skeppe. Troch de jierren hinne hawwe ferskate minsken pleite foar in nominaasjesysteem, lykas no Joop Boomsma. Fia de ynternetsiden fan Kistwurk koene jo diskear skriuwers nominearje foar de gjp. Sa'n nominaasjesysteem soarget foar mear publisiteit en mear gedonder en dat kinne wy der no wol wer by hawwe. Want mei dy sleauwe boel fan de lêste tiden sitst der neffens my as skriuwer net iens sa op te wachtsjen om dy priis te winnen. Ommers, at allinnich dyn eigen kollega's mar witte datst ‘him’ wûn haste, wat seit sa'n priis dan noch? Silst der gjin boek mear om ferkeapje! |
|