By Jenny op 'e kofje
Hylkje Goïnga
‘Ik seach datsto it wiest, Martha, oars hie ik de doar net iependien. Ik lis op 'e sofa. Draaist de doar ek wer even yn 't slot, oars komt der miskien ien yn dy't ik hjir net ha wol.’
Wy rûnen de lange gong troch nei de achterkeamer. Se sei: ‘Ik wie krekt even foar, Martha. Ja, wat soe ik dêr no ek al wer. Wit ik net iens mear.
Doe seach ik dy. Hast in oar kleurke yn 't hier?’
‘Nee, of miskien in oar merk, mar it is altyd kastanje. Bist net lekker?’
‘Wat sil ik sizze? Ik bin net siik ast dat bedoelst. Ik ha der even gjin nocht oan. Setsto even kofje? De boel stiet al klear op it oanrjocht. Hoechst mar op 'e knop te drukken. Of drukst mar op beide, dan avesearret it wat hurder. Kopkes steane op it blêd. Sjochst it wol en pakst mar wat en molke is yn 'e iiskast.’
‘Ik ha nei it túnsintrum west. Om in Sineeske roas. Mar dy binne der noch net. Ierdbeien en slaad kinst it hiele jier troch krije, mar sa'n roas dus net. “En dêr freget no ek noait ien om”, sei dat famke.’
‘Dy mei dy dreadlocks, tink. No, dan nimst doch in oare plant. Trouwens, wat moatst mei al dy blommen? Wa hat no noch in finsterbank fol mei blompotten. Ik wol wat sjen kinne.’
‘Ast hjir sa leist, sjochst fansels ek niks. Moat ik ek in boadskip of sa foar dy dwaan?’
‘Nee, dat docht Kees wol as er wer thús is. Martha, hy is der op út hjoed.
Nei Rotterdam. Lit dyn kofje net kâld wurde.’ Ik hie it al op. En wy seagen ta it rút út, nei de tún dy't der mar hjerstich by lei. Gjin fûgel te sjen en de stiennen fan it paad nei de feart glinsteren fan 'e wietens. Spegelglêd fansels. Allinnich al as je der nei seagen, glieden je al út.
‘Wat dochst no sa'n dei, Jenny? Sliepe of teevee sjen? Lêze?’
‘Datsto hjir no krekt komme moatst, Martha.’
Se seach my oan mei har grutte blauwe eagen. Se hie it hier wer ris yn in soarte fan frissel om 'e holle bespjelde. En foar de safolste kear moast ik feststelle, dat har moaie gesicht mar noait rimpels krige. San en fjirtich jier troud. Se joech my har kopke oer.
‘Wy nimme noch ien.’ Ik skonk yn. Se sei: ‘Kees is nei Rotterdam ta mei syn soan., Martha. Dennis hjit dy jonge, of ik kin better man sizze. En ik kin dy fertelle, dat dy soan ek al wer in dochter hat fan yn 'e tweintich. Dat myn Kees is al lang pake, sûnder dat er it sels wist. Dêr bist stil fan, hin?
‘No ja. Is der dan ek noch in mem yn 't spul? Of witst dat net?’
‘Ja, en dat is Ada. Hy kaam om de groeten fan har oer te bringen en in pot