Krekt as soenen ‘wij’ (mei ekskús foar dat ‘nasjonalistyske’ taboewurd) yn ien kultuer leve! Wat in ûnsin! Elk dy't wêr dan ek mar om him hinne sjocht, in krante iepenteart, de radio of de televyzje oanset, sjocht hast oars net as Nederlânske en mondiale kultuer. Ek al soenen je je yn 'e Fryske kultuer opslute wòlle, dan slagget je dat noch net - sels wrâldfrjemde Djipfriezen bliuwe fan frjemde smetten net frij.
Thúskommen sjoch ik de farsk ynbûne jiergongen der op nei. Wie it nivo fan dy fan '94 oant '96, doe't de redaksje safolste jonger wie, wier safolste heger en it eachweid safolste rommer as fan dy fan de ôfrûne twa jier, doe't de gemiddelde leeftyd fan redakteuren omheech skeat nei't trije jonge(re) ‘Grinzers’ om ferskillende redenen op eigen inisjatyf opstapten? Ik leau der neat fan, mar dat kin komme fan de blynkape dy't ik as seisenfyftich-jierrige grif op ha. Wol sjoch ik in groei fan it tal siden: fan 284 yn 1994, fia 320 yn 1997 nei 512 yn 1999 en 2001.
Der is yn Trotwaer noch noait safolle ‘literatuer’ publisearre as de lêste twa jier. En dat jildt ek foar de kultuer yn it algemien. It tal meiwurkers is ek grutter as oait. Dy ha spitigernôch wol ien fatale handicap: se binne meast boppe de fjirtich, guon sels boppe de sechstich! Komt dat om't de doarren foar tweintigers en tritigers sletten binne? Gjin sprake fan fansels. Of soenen dy har bij ‘ús’ net thús fiele? At dat sa is, moat dêr uteraard daliks wat oan dien wurde. Want Trotwaer wol net allinnich ta op in bredere ynhâld mar ek op in breder en jonger publyk.
De plannen foar sa'n Nij Trotwaer binne op 12 septimber bepraat yn de Steatekommisje foar Wolwêzenssaken. Op de aginda stie de fierhinne eigenhannich troch deputearre Bertus Mulder gearstalde Diskusjenotysje nij Frysk tydskrift. Syn foarstel: de F-side bliuwt, Trotwaer wurdt útboud ta ‘in ûnôfhinklik en eigensinnich kultureel blêd’ en de afûk jout fjouwer kear yn 't jier in ‘temamagazine’ út foar in spesjale doelgroep.
Dêr koenen de Steatefraksjes it net oer iens wurde. It cda lansearre in plan foar in Frysktalige Privé (‘Krekt as soenen wy hjir in jetset ha,’ reagearre Hannah Ludwig fan de PvdA, ‘wy ha net iens in “matras”.’). De vvd woe fanwegen ‘het gebleken gebrek aan draagvlak’ de diskusje it leafst foar in hoartsje slute. En sa hie elk wol wat. Sadwaande koe de ferslachjouwer fan de Ljouwerter Krante spytgnyskjend konkludearje: ‘Na het uitwisselen van deze visies hakten de woordvoerders een uurtje lang de ideeën fan de anderen aan mootjes, waarop Mulder samenvatte dat er in principe steun lijkt voor zijn plannen. Deze worden nu verder uitgewerkt en met de betreffende uitgevers besproken.’
Sa't it no liket hat in breder Trotwaer yn de Steaten wol in kâns: pvda, fnp en Grien Links binne foar; it cda is ferdield mar úteinlik wierskynlik net echt tsjin. Der sille op syn gaust yn desimber definitive besluten nommen wurde.
No mar hoopje dat it jong-is-better firus har tsjin dy tiid net te pakken krigen hat.