Gysbert Japicxpriis
Op 18 oktober wurdt de Gysbert Japicxpriis 2001 útrikt oan Tsjêbbe Hettinga, de dichter dy't neffens Jabik Veenbaas in proses trochmakke hat ‘dat de trekken hat fan in transformaasje’ (sjoch it essay ‘Dionysos yn 'e stringen - ûntjouwingen yn it dichterskip fan Tsjêbbe Hettinga’ yn it lêste aprilnûmer).
Mei it each op dy priisútrikking yn dit nûmer in skôging fan Mirjam Vellinga oer de roerige skiednis èn de takomst fan de GJP. Yn it folgjende nûmer û.o. it sjueryrapport.