Meiwurkers
Rodhan Al-Khalidi is berne yn Irak. Kaam yn 1998 it azc fan Harns telâne; sûnt skriuwt er fersen. Hat him it Nederlânsk eigen makke mei help fan freonen en (berne)boeken. Yn 2000 ferskynde by Bornmeer syn bondel Voor de nachtegaai in het ei. Wûn in priis yn de lanlike literatuerwedstriid fan El Hizjra, Centrurn voor Arabische Kunst en Cultuur. Hy fersoarget de kollum anders bekeken yn de Ljouwerter Krante. Hopet dat syn nije fersebondel ‘De fiets, de vrouw en de liefde’ noch dit jier útkomme kin. Is dwaande mei in roman.
André Bralts (1945), net praktisearjend doktorandus Frysk. Ald-redakteur fan De Strikel. Wurket mei syn maat Joop Douwma oan in cd-syklus fan Grinslanner libbenslieten: Woarom nait 1 t/m 10.
S. van Ek is recensent van het Friesch Dagblad.
Wieke de Haan (1959) wurket by It Fryske Boek en freelance foar de F-side. Neamt harsels brijsieder, is net by steat om analytysk wurk te leverjen, mar wit wol ferrassende ynfalshoekjes te finen op har eigen wâldpyk-achtige wize.
Atze Keulen (1938) Studearre klassieke talen yn Grins, wie learaar en konrektor yn Snits en Hengelo. Publisearre in oersetting fan Seneca syn Troades (1995) en in stikmannich keatslimericks yn Wis-in (1998).
Jitske Kingma (1959) wurke op de steds-, kultuer- en einredaksje fan it Friesch Dagblad, de lêste jierren as sjef fan de redaksje. Yn 1989 debutearre se mei it reisferhaal In dûk yn 'e Ganges, tsien jier letter oanfolle mei In twadde libben. Wurket by de ynternet-útjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan Trotwaer.
Anne Koopmans (1933) wie learaar Frânsk. Publisearre yn Trotwaer, De Strikel en Frysk en Frij; debutearre yn 1995 mei Fryslân boppe. Humoristyske ferhalen.
Henk van der Meulen (1925) wie sjefredakteur en resinsint fan de Ljouwerter Krante. Skreau û.o. in monografy oer de keunstskilder Jerre Hakse en wie ko-auteur fan Leeuwarden, beeld van een stad.
Bertus Mulder (1949) is sosjaal-demokraat, wie dosint sosjale skiednis en is deputearre foar kultuer fan de Provinsje Fryslân.
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis en fersoarget kursussen foar de afûk. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993).
Jabik Veenbaas (1959) studearre Ingelsk, Frysk en wiisbegearte, skriuwt toanielstikken, ferhalen en skôgings, publisearre yn Hjir en Trotwaer, wurket as oersetter en makke in grut part fan de fertalingen foar de Spiegel van de Friese poëzie (1994). Is resinsint Frysk fan de Ljouwerter Krante. Ein foarich jier ferskynde De brulloft fan Valentijn, syn twadde ferhalebondel.
Rindert Straatsma (1937) studearre politike en sosjale wittenskippen yn Amsterdam, dêr't er ek in sjoernalistekursus folge. Wie einredakteur fan it studinteblêd Fryslân Oerein!, joech jierrenlang kommentaren yn Frysk en Frij en is no en dan te Gast yn de lc.
Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad. Publisearre ferskate dichtbondels - de lêste wie Kajapoetoaly (2000) - en (tegearre mei Doeke Sijens) it tinkboek by it 25-jierrich bestean fan de Koperative Utjowerij, In útjouwerij fan QuizeQUânsje (1995).
Basearre op troch de auteurs oanlevere gegevens.