Regio-tv: in oanfolling op Hemminga
Bertus Mulder
De simmerfakânsje is in tiid om achterstallich lêswurk te dwaan. Sa bedarren boeken fan Burke en Blokland, Riemersma en Kingma, en Hobsbawn en Hemminga yn de tas. It proefskrift fan Piet Hemminga oer Het beleid inzake unieke regionale talen (fan septimber 2000) hie ik wat tsjinoan skytskoarre. Dat kaam mei troch de ûndertitel: Een onderzoek naar het beleid en de beleidsvorming met betrekking tot een drietal regionale talen: het Fries in Nederland en het Noordfries en het Sorbisch in Duitsland.
No binne proefskriften net direkt skreaun om de lêzer tewille te wêzen. De skriuwer lit sjen in ûnderwerp - ek teoretysk - yn de macht te hawwen. As âld-direkteur fan de Fryske Kultuerried, âld-skriuwer fan de Fryske Rie en meiwurker bestjoerssaken fan de Fryske Akademy is Hemminga de man dy't alles meibringt om dat te kinnen. En hoe't jo ek tebekskrilje foar de akademyske opbou fan it boek en it hantearre bic-ûndersyksmodel, Hemminga hat safolle aardichheden troch syn tekst struid - sprekkende krantekoppen, in monolooch fan Baukje Wytsma, útspraken fan âld-minister Ritzen oer it Ingelsk - dat hy hâldt jin derby. Boppedat, de heldere yndieling soarget derfoar dat jo flot opsykje kinne wat jins oandacht hat.
It gie my om de twa ûnderdielen dêr't ik direkt mei te krijen haw: de ûntjouwing fan de bestjoersôfspraken oer de Fryske taal en kultuer tusken de Provinsje en it Ryk en it tastânkommen fan de regionale televyzje. Oer de bestjoersôfspraken sil ik koart wêze. Hemminga giet wiidweidich yn op de earste fan 1989 en de twadde fan 1993, mar komt oan de behanneling fan de tredde fan 2001 fansels net ta. Dat is spitich, om't it Ryk dêryn yn prinsipe in nije posysje ynnimt: it giet no ek om it staljaan fan in nasjonale taalminderhedepolityk yn in Europeesk ramt. En dat kin gefolgen ha.
Wa't witte wol hoe't fan de jierren sechstich ôf op de regionale Fryske televyzje omstind is, kin it by Hemminga weromfine. Hy jout oan dat twa koalysjes foar elkoar oer steane, in wikseljende pleitkoalysje foar Fryske televyzje en in sterkerenien dy't dêr neat fan ha moast en hiel lang by steat wie Fryske televyzje te kearen.
Nijsgjirrich is dan te witten hoe't dy sitewaasje feroarje koe. Twa faktoaren spilen in rol: it trochbrekken fan it nos-monopoly as gefolch fan Europeeske rigeljouwing oer de kommersjele omrop, en it optreden fan de Twadde Keamer dy't troch in moasje Middel/Koetje de wetlike behinderings fan regionale televyzje opromme. De mooglikheid waard skepen dat provinsjes jild op it kleed leine foar in trijejierrich eksperimint foar regionale televyzje. Yn Fryslân wiene se der klear foar: Deputearre Steaten beslute yn desimber 1992 sa'n eksperimint mooglik te meitsjen dat yn febrewaris 1994 út ein sette kin.
It aparte is dat Hemminga hjir syn ferhaal ophâlde lit. Mar it eksperimint hat dan noch gjin fêste basis. It giet hjir boppedat net om Fryske televyzje, mar om it tastânkommen fan regionale televyzje, krekt like goed foar Fryslân as foar Drinte, Oerisel en Grinslân. En dat betsjut dus dat de pleitkoalysje foar de Fryske televyzje resultaat hie as ûnderdiel fan in bredere koalysje. Dat liket my fan belang foar it it bic-ûndersyksmodel, dat it eardere Belied, de Interaksje om beslútfoarming hinne en de Contekst dêrfan yn kaart bringe wol.