Dûbeltaligens en twaligens
Ien fan de konklúzjes dy't ik út dit ûndersyk lûke wolle soe, is dat wy hjir yn Fryslân oppasse moatte dat de op himsels tige te wurdearjen earste ferantwurdlikens fan de Provinsje foar it Fryske taalbelied net meibringe moat dat de Fryske organisaasjes bûten spul set wurde en it fierder wol leauwe. Foar in aktyf taalbelied is it fan grut belang dat der bûten de oerheid en de troch de oerheid beneamde advysorganen organisaasjes besteane dy't de foarstap nimme kinne ta fierdere ûntjouwing fan it belied. In organisaasje as de Ried fan de Fryske Beweging is dêrta nedich en ynstee dêr lêbich op ôf te jaan - sa't de lêste tiid noch al ris bart - soe it krekt fan belang wêze foar in sterke Fryske pleitkoalysje as folle mear organisaasjes en persoanen har dêr by oansleaten.
Fierders bin ik it mei Gorter (side 438) iens dat in ferliking fan it taalbelied yn ús Fryslân mei dat yn Wales en Kataloanje foar ús maatskiplik relevanter wêze soe, om't dêr foar ús folle mear te learen falt. Yn sa'n ûndersyk soe benammen ek omtinken jûn wurde moatte oan dûbeltaligens yn Wales en de twataligens yn Kataloanje.
By ús is sûnt Fan geunst nei rjocht (1985) bewust keazen foar twataligens, om't it Frysk en it Hollânsk sa nei oaninoar besibbe binne, dat Hollânsktaligen mei wat goede wil it Frysk al gau neikomme kinne lykas de Spaansktaligen yn Kataloanje it Katalaansk. De lêste tiid wurdt yn ús Provinsjale Steaten benammen troch it cda ek wol pleite foar dûbeltaligens, om de wjerstannen by net-Frysktaligen wei te nimmen. Sa'n belied om skriftlike stikken yn beide talen út te jaan bringt lykwols gâns kosten mei, wylst it Frysk dan net mear funksjoneel is mei it grutte risiko dat der net folle mear yn it Frysk ferskynt.
It is bêst te begripen dat in sa yngeand ûndersyk as dat fan Hemminga fanwege de talen minder maklik te realisearjen falt, want de ûndersiker moat dan op syn minst it Ingelsk en it Spaansk goed behearskje en leafst ek noch it Katalaansk. Fanwege de dûbeltaligens yn Wales is foar sa'n ûndersyk de behearsking fan it Welsk minder needsaaklik.
No't it Europeeske belied foar lytse talen ek al yn ferbân mei it Hânfest hieltyd wichtiger wurdt, is it fan belang dat der njonken de ûtwikselingen ek ferlykjende ûndersiken komme oangeande it taalbelied yn de ûnderskate lannen. De dissertaasje fan Hemminga past skoan yn dat gehiel.