Libbenselikser
Jitske Kingma
Freondinnen
Hy strielde jeugd, krêft en iepenheid út. Wie lang en meager. Strak spikerbroekje, simpel himd. Oan alle fingers hie er ringen, moaie ringen. Dy om 'e tomme wie it breedst. Hy seach sykjend om him hinne. It wie behoarlik fol. Dat er op my ta stapte, koe gjintafal wêze.
Nee, ik die gjin takomstmassaazjes, dat wie dy frou yn it kantoarke mei de sletten doar. Se seach strang, mar die har wurk mei waarmte. Hy leaude der oars net sa yn (‘Ja, ja’), mar no moast it even.
In man mei sensuele lippen kaam by ús te stean.
‘Ik haw krekt west, man, man, wat fielt dat goed!’
‘Wat docht se dan?’
‘Ja hallo, as soe ik dy dat evenyn dyn wachttiid útlizze kinne.’
Wy kearden ús fan him ôf.
‘Ho ris, jim binne krekt wat ik nedich haw. Myn frou hat my ferlitten en sakrekt haw ik ûntdutsen wêrom't ik myn earste freon net beethâlde mocht.’
Dat makke ús krekt nijsgjirrich genôch om wer in heale slach te draaien.
‘As ik dy sa sjoch dan hiesto my net ôfward as ik dy beethâlde woe.’
‘As ik dyn freondin wie, wie ik fuortrûn foar't ik dyn frou wurde koe.’
Ik frege oft se skoare woene of sa. Nee, fansels net. Se kamen nea yn sokke gelegenheden, dat wie net nedich. Mar nijsgjirrich, no?
‘Se fertelt dy neat oars as watst al witst’, sei ik, pratend út ûnderfining.
Myn freondinne en ik hiene tegearre besletten om dizze jûnen te hâlden. Der wiene sa-folle minsken dy't net wisten wa't se wiene of wat se woene. Wy hiene ûntdutsen dat wy snapten wat oaren soms net seagen en dat wy dat diele koene. Dat joech enerzjy.
We noegen in tal minsken út foar in feestje, lokten harren mei spiritualia en in fergeze takomstfoarsizzing yn 'e foarm fan in lichemslêzing en boekten in hiel protte resultaat. Dat sy betelje moasten en wy om selskip sochten wiene motiven dy't wy altyd as suver ferdigenje koene. Wy setten minsken faak op it goeie spoar.
De man mei de moaie lippen brocht in redenearring nei foaren:
‘Leafde moat sûnder lok bliuwe, oars stjert hja.’
‘Leafde moat romte jaan, oars is der gjin lok’, sei de man mei de moaie ringen.
Mar doe wie hy oan bar en hy bleau hast wol in healoere fuort.
‘Ik snap der hielendal neat fan’, sei er doe't er weromkaam, ‘se freget my hoelang ik noch ûntkenne wol dat ik biskseksueel bin.’
Ik glimke tefreden en naam him mei nei ien fan de blomkebanken.
Hy wie yn 'e war, mar net wanhopich. Hy hie niis har hannen field en dat binne krekt strykizers as se yn foarm is. Wat soe it lekker streakje op syn strakke bonkerak.
Ik skode ticht tsjin him oan, hie myn spesjale fiskje hast weryn 'e fûke.
Krekt doe't ik mei myn ûnwjersteanbere eachopslach de festing nimme woe, kaam myn freondinne har kantoar út, in oere te gau.
Se seach my feninich oan, draaide mei in wreed gebaar it felle ljocht op en sei:
‘Slutingstiid! Ik haw myn nocht fan dit ferrekte relaasjegedoch. Jim bliuwe allegear allinnich as jim sokke kloatsékken binne en dat is eigen skuld. En do ûntrouwe hûn, sikest mar in oare weiten hin.’