Oebele Naneur
De skjintme vurt ferbwólgwódde
De ‘grap’ fan Jo Smit sil bekend wêze. Wis al, sei Smit, jawis, Obe Postma hat yn ien fan syn fersen dúdlik útsprutsen dat er homoseksueel is: Ik bin in flikkertins yn 't Albewustwêzen. Sa'n fers kin men noait wer gewoan lêze, sei Douwe Tamminga dy't my de ‘grap’ fertelde. It is lykwols net allinnich kweawillichheid, dy't de literatuer besmodsket, unbenul is in goede twadden.
Jierren lyn joech ik Midfrysk oan twa jonge froulju. Wy liezen de leafdessang fan Tsjerne en Yntske. Yntske hâldt de boat ynearsten wat ôf, se fertinkt Tsjerne derfan dat it him gjin mienens is: Linkert loaits dêrjinsen, leit dyn leafste Rinsen yn 't bûtehûs te kytsen oer de doar. ‘Wat is “kytsen”?’ frege ik. In rûtinefraach, dy froulju wienen op 'e hichte mei de assibilaasjeregel, ornearre ik. It wie even stil, doe frege ien fan beiden alderleafst: ‘Kotsen?’ Dat moat jo jo foarstelle, in moaie Fryske faam dy't oer de ûnderste helte fan 'e buothúsdoar hinget te koarjen! Ik haw it dy froulju noait wer ferjûn. Ien gelok, ik wit net mear wa't it sein hat, dat as ik no ien fan beiden moetsje, kin ik mysels wiismeitsje dat it dy oare wie, dy't it sei.
En it hâld net op. Langlêsten siet ik mei twa grutte Fryske dichters op in terraske oan it bier. Hoe en wat, dat wit ik net, mar Revius kaam te praat. De iene grutte dichter begûn te deklamearjen - en lykas hy, doch ik it ek út 'e holle -: 't En zijn de Joden niet, Heer Jesu die u kruisten, noch die verraderlijk u togen voor 't gericht, noch die versmadelijk u spogen in 't gezicht, noch die u geselden en stieten u vol puisten. Doe skrille de oare grutte Fryske dichter op út syn prakkesaasjes en frege ferheard: ‘Hin? Tieten vol puisten?’
Moat dan wier alles yn 'e groppe bedarje?
Tr. Riemersma