Fuotbal is gewoan fuotbal
André Bralts
Eppie Dam, Foppe. Portret fan in bysûnder gewoan minske. Utjouwerij Fryslân, Ljouwert 2001. 232 siden. f 35.
Wio Joustra & Yme Kuiper, sc Heerenveen. Spylje mei tradysje. Thomas Rap, Amsterdam 2001. 175 siden. f 29,86.
Kees 't Hart, Het mooiste leven... Het seizoen 2000/2001 van sc Heerenveen. Hard Gras nr. 27, juni 2001. 272 siden. f 19,90.
Fuotbaljen wat wie der eins oars? Wie der eat op 'e wrâld dat it fuotbaljen te boppe gie? Tocht it net: stiif achter de goal sitte en de bal oansûzjen kommen sjen, it ûnferjitlike droege, skuorjende lûd fan de bal-yn-it-net, even hingjen bliuwe en dan stadich en keninklik delfalle. It fersleine gesicht fan de fijanlike keeper, dy't mei bûgde holle de altyd fernederjende gong nei it net makke en de bal mei in lusteleaze traap rjochting middelline skopte. Ik hie lykwols altyd wat begrutsjen mei him, want ik wie sels ek keeper.
Fuotbal: de ferskrikking fan de sneintemoarn as de reindrippen as kiezelstiennen tsjin it rút sloegen. Soe it wol trochgean? De grouwélige leechte fan in fuotballeaze snein gappe my oan yn al syn ferskuorrende ferfeelsumheid. Hastich oanklaaie en nei it sportpark fytse. Hoera, de flaggen hongen al.
Ik stean oan de taap en begjin ynienen samar fûl tsjin in barkruk oan te skoppen.
‘Wat dochst no?’ seit de kastlein, in ras- Feyenoorder, ferheard.
‘Ik tocht dat it in Ajacied wie.’
‘Do hast ien fertsjinne.’
Fuotbal is oarloch, altiten. Doe't ik acht jier wie krige ik al in feninige traap fan sa'n smoarge Harrekiet fan wol fyftich jier, allinnich om't ik ‘Hoi’ rôp by in prachtgoal fan ús Houtigehage! Ik wie der by doe't tsientûzen supporters yn it Oosterpark Fred Bisschot fan Telstar driigjend: ‘Waar blijft het mes, waar blijft het mes’ tasysteren. Jawis, systeren, dat is folle sinisterder as razen.
Twa fan de trije boeken dy't oanlieding wiene foar it skriuwen fan dit learsume stikje (Eppie Dam syn Foppe en Wio Joustra & Yme Kuiper har sc Heerenveen) binne skreaun yn de tiid dat SC Heerenveen tige suksesfol wie: it seizoen 1999/2000 doe't It Fean twadde waard yn de kompetysje en him rjochtstreeks pleatste foar de Champions League! De beammen waakse dan fier de himel yn en it driuwt noflik op de weagen fan it sukses.