dy't it mier hat oan ûnferwachte komplikaasjes en fynt dat syn dei glêd en planmjittich ferrinne moat - Shakespeare der ek noch by: ‘It libben is in karretou, lang tin en smoarch.’
Dynte, de froulike haadpersoan, mei har misdiedich moaie lea, har liiflike weelde en har dekorative skonken, foarmfêste kûten en dito boarstpartij, docht wat der fan in ferdivedaasjefamke ferwachte wurde mei en brûst as in trochtaastend frommes troch it ferhaal hinne. Op suggestive wize wurdt beskreaun wêr't sy har mei dwaande hâldt (‘Earne skylt Dynte op 'e taast in banaan mei ritssluting.’ s. 202), mar har maat kin der ek wat fan (‘En Nier byt yn de prommedanten fan in pommerante.’). Sa is de fruitskaal gau leech fansels.
Mar goed, ien dy't sa moai is as Dynte en sokke wûnderlike aventoeren belibbet as har, wurdt al gau net mear serieus naam as froulike detektive en as in popke - stripfiguerke sa't men wol - beskóge. Anno 2001 is 't krekt oarsom. De froulike ynternet-stripfiguer Lara Croft, in tekene popke, skynt sa razend populêr te wêzen, dat besletten is om in film fan har te meitsjen. De filmmakkers fan Tomb Raider moasten foar de firtuele Lara Croft in aktrise fan fleis en bloed sykje dy't net bestie, mar ‘makke’ wurde moast mei help fan ekstra sillikoaneguod.
Foar dat it om in lúks útjûn boek giet, hie 't wol fan respekt tsjûge as de skriuwer en de útjouwer de grouwélichste taalflaters der wat útfiske hiene. (‘Se belt nei har hûs.’ s. 41; ‘Hy trochsiket it hiele hûs.’ s. 46; ‘Dan giest dêr mar sliepen.’ s. 51; ensfh.)
Ut it neiskrift fan Tineke Steenmeijer haw ik begrepen dat de oersette Hollânske siswizen fan Chick Anus mei opsetsin sa bryk brûkt binne (‘Ik koe gjin brij mear sizze.’, ‘Dêr kinst tonger op sizze.’, ‘Ien pot wiet.’, ‘“Soa, werom
fan fuort west?”’, ‘“Sis mar dei mei it hantsje.”’, ‘“Dat is dan foar mij nijs hyt fan de nuddel.”’, ensfh.). De skriuwer jout op side 176 sels al oan dat soks eins net kin, sok letterlik fan de iene taal yn d' oare oersetten, mar likegoed docht er it al (‘jonges niet zo over mijn straatje wadden hokfoar apegryks is dat, ach dat minske set har Frysk altiten letterlik yn it Hollânsk oer, soks kin fansels gjin kant út!’).
It liket as wol de skriuwer him hieltyd ûntskuldigje foar eventuele bonkjes yn it Frysk en ek it ûnderskrift ‘draaiboek foar in b-film’ kin