Trotwaer. Jaargang 33(2001)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 296] [p. 296] Jabik Veenbaas Darwinistyske weemoed kristus, wêr bedarje ik ik bin sa nerveus! sil ik in ingel wurde? soms mien ik dat myn sturtbonkje groeit mar it is dy grize pûde oan myn kop noch bettere masines, tink! mei myn freonen fier ik myn ferline: de bonobo boartet, de kakatoe ropt, en de syperske kat glimket (deis slûgje en spinne jûns mei ien sprong op it dak) mar dan bekrûpe my bloedige bylden: it slachfjild, de guodlike dodo dy't him opofferet, en ik sis net: lit my it mar dwaan ivich dy ferrekte miggen stutsen my al as skobbich reptyl ja, doe't ik noch in slûchslim eiwyt wie ik batste der samar yn wat fiel ik my âld! oeral yn en om my it reauntsjende wetter sa beskieden dat it my betizet en nea ûnwennich fan in siele wêr docht it my dochs oan tinken? waard ik mar wer in stien: earst it grutske stjurjen, dan it lizzen, it loaikjen, it stadige bliermoedige sliten [pagina 297] [p. 297] Ik dreamde frjemd ik dreamde frjemd, myn eagen ûnhastich troch in keamer strieken, mar sûnder myn lichem rekken de sitting fan in stoel it wie noch waarm boppe it krekt ferlitten reid in pear reade pumps, as twalingsusters, út elkoar groeid, mar erflik en ivich ûnwennich en twa âlde minsken, finzen yn in portret, dy't wat roppe woene mar net koene op 't lêst, oan in rút, wie dêr it sicht op it plein mei dy iene stille lantearne in leave frou hie dêr rûn mei flugge, lytse stappen wie se yn in gloppe ferdwûn Vorige Volgende