Tegels
Meinou P.
De pub seach der hiel oars út as de jûns derfoar, doe't wy mei fjoer en faasje ûs Fryske teksten songen hienen, dwars troch feestfierende en âljende Ieren hinne. Sy hienen in fuotbalwedstriid wûn en wy wiene op fakânsje. It siet der no fol mei ferreinde toeristen. Oan de bar wie noch wat romte, mar wy wienen wurch nei in fikse kuier troch it Glenbeighwood en woenen sitte.
Oan ien taffeltsje siet in âlde frou allinnich te iten. Wylst myn man de paraplu en de reinklean fuorthong, frege ik har oft se der beswier tsjin hie dat wy de lege plakken ynnamen. Se mompele eat, dat ik foar it gemak mar ynterpretearre as ‘toe mar’, en iet ûnfersteurber fierder. It seach der allegearre net sa smaaklik út, sy net en de giele smots op har panne ek net. Mar ik krige ûndertusken myn Budweiser, myn man joech him del mei in Guinness en wy hienen gjin ferlet fan kontakt, net iens mei elkoar.
Dat wie wol oars mei de Amerikanen dy't in eintsje fierderop sieten. Se wienen jong, yuppie-eftich good-looking en wis fan harsels. Men koe net om harren konversaasje hinne, sa lûd praten se, mar doe't der in alderheislikst smoarch âld mantsje ynkaam dy't syn plakje oan de taap opsocht, ferstomme it leven. Se mûskoppen noch wat troch.
De man siet noch net op de kruk yn it hoekje of hy hie syn pint al foar him stean. Syn lytse eachjes seagen skerp ús kant út doe't er de earste swolch naam. Hy boerde en fage him it skom fan 'e mûle. Troch in winkelheak yn de iene broeksbokse skimere in snústerige âldmanneknibbel. Hy hie syn healmingel hast op doe't ien fan de Amerikanen him noch in konsumpsje oanbea. Wat ferlegen syn mûle sûnder tosken bleatlaitsjend, akseptearre er.
Dêrnei gongen ús buorlju skamteleas har gong. Al gau stienen se mei har fjouweren om him hinne, him stadich en dúdlik fragen stellend, as hienen se it tsjin in bern.
‘How many pints do you drink a day?’ Gjin andert.
‘I mean ordinary.’ Wer gjin andert.
‘Can you understand us?’ In knikje.
‘May I take a picture?’ Gjin spoar fan in reaksje, mar dat joech neat, ien fan de twa froulju die de earm om him hinne, lei it gesicht tsjin sines en lake leaf op it stuit dat it tastel knipte. Doe wie de oare oan bar. Sy gong noch fierder en kroep hast by him op 'e knibbel.
Wy wisten fan plakferfangende sjêne net wêr't wy sjen oasten. Efkes tocht ik dat de frou nêst ús wat sizze soe, mar se skode it iten oan 'e kant en seach troch it finster nei de noch altyd streamende rein.
Ynienen stie de man dy't it inisjatyf nommen hie foar ús en sei mei syn belearjende stim tsjin de frou: ‘He says you are his girlfriend. Is that true?’
Se seach fûl nei de man oan de taap. ‘Ask him.’
‘But he said so!’
Se joech de panne noch in triuw en pakte har folle boadskiptas, dy't de hiele tiid ticht nêst har op 'e bank stien hie.
‘You're nosey’, stelde se fêst en rûn fuort.
Mei har hie ik graach op 'e foto wollen.