Trioel
In fers skeind?
Yn it junynumer lêst Piter Terpstra my it leksum nei oanlieding fan myn stikje op de F-side fan 4 maaie fan dit jier. Dêryn sitearre ik in trijetal rigels út it fers ‘De Joadebern’ fan Freark Dam. Fan dit fers, dat achttjin rigels telt, naam ik allinne de rigels 15, 16 en 17 oer, de lêste rigel net. De earste fjirtjin trouwens ek net. Mar dat ik krekt dy lêste rigel net oernim, nimt Terpstra my kwea of, slimmer noch: hy seit dat ik dêrmei it fers fan Dam skeind ha.
No is sitearjen fansels altiten in nuodlik wurk, as jo ien kear in Jehova by de doar hân ha kin je dêr fan meiprate, it bêste soe dus winliken wêze om de hele tekst te sitearjen, mar dat is net altiten mooglik. It is, tink ik, ek net altiten needsaaklik. Yn alle gefallen ha ik it foar myn stikje oer 4 maaie net nedich fûn en ik wol probearje dúdlik te meitsjen wêrom net.
Ik lies yn 'e krante in lyts berjochtsje oer in 85-jierrige Eastenrykske dokter, dy't der yn 'e oarloch û.o. foar soarge hat, dat mear as achthundert bern troch úthongering, deadlike ynjeksjes of ‘wittenskiplike eksperiminten’ de dea fûnen. De man hat nei de oarloch in moaie karriêre makke, is in man fan kwizekwânsje wurden en hat blykber noait ergens wer lêst fan hân. Hy is oant no ta oan rjochtsferfolging ûntsnapt fanwege syn sûnens. Dat ha jo altiten mei sokken, tink mar oan Pinochet.
Ik woe yn myn stikje dúdlik meitsje, dat sa'n man, hoe swak, siik of mislik er ek wêze mei, syn straf net ûntrinne mei, ek net no't er 85 is. Hy hat noait ien kear bliken jûn fan spyt of wat dan ek, hy hat fleurich trochlibbe. Sa'n ien moat dan, foar't er dea giet, noch al even witte dat foar sokke slimme bernemoardners gjin moederaasje jilde kin.
En doe skeat my it gedicht fan Freark Dam yn it sin, ien fan de moaiste oarlochsgedichten dy't ik ken, en dêr ha ik trije rigels út brûkt, mei opsetsin dy trije rigels en de lêste rigel net. Om't dy trije rigels presiis oanjoegen, wat ik by it lêzen fan dat artikeltsje fielde. En omdat de lêste rigel - ‘Joadesoan Jezus, sjoch ús net sa oan’ - neffens my wat bedoelde te sizzen dêr't ik it op dat momint net mei iens wêze koe. Ik ha dus inkeld in ynterpretaasje fan dy rigel jûn, myn ynterpretaasje. Want as ik lês, dat de Joadesoan Jezus ús net sa oan sjen moat, dan krij ik beskate assosjaasjes. Dan tink ik hoe't er sei, dat as immen jo op de iene wang slacht, jo him de oare takeare moatte, dat er learde dat jo jo fijannen leafhawwe moatte en dan wit ik dat er foar syn moardners ferjeffenis frege, sels doe't se him oan in krús sloegen. As ik dus de lêste rigel fan Dam syn gedicht net sitear, dan ûntwyk ik de eagen fan Jezus net, sa't Terpstra ha wol, krekt oarsom, ik sjoch him lyk yn 'e eagen en sis: ‘Mei permisje, Joadesoan, mar diskear bin ik it folslein mei jo ûniens.’
Neffens my ha ik dus it gedicht fan Freark Dam net skeind, ik ha inkeld trije rigels sitearre en de lêste rigel ynterpretearre. Wa't witte woe hoe't dy lêste rigel is, hoegde inkeld de bundel Sa sydlings (Drachten, 1960, s. 9) te pakken en dan koed er it hele fers lêze. Want ek Terpstra sitearret net it hele gedicht, mar allinne de lêste seis rigels. Fan de oare tolve jout er syn eigen ynterpretaasje.
Wim van der Schaaf