Seksuele revolúsje
Doe begûnen de bêste jierren foar de boekhannel. Der kaam jild los en minsken kochten djoerdere dingen. Sa gongen der frijwat Winkler Prins ensyklopedyen de doar út, gau goed foar in pear tûzen gûne. Frou Runia: ‘Wat yn dy tiid ek hiel goed rûn wie it boek Het grote wonder, oer de befalling. It wie foar it earst dat der in boek mei ôfbyldingen oer swangerskip en berte wie.’
It wie de tiid fan de seksuele revolúsje en wat de literatuer oanbelanget sloegen Jan Cremers en Jan Wolkers foar master op: ‘Dy boeken waarden ûnder de toanbank wei ferkocht. It moast allegear stikem. Mar der kamen in protte minsken foar en sa wie it in moaie kassafolling. Ik haw Ik Jan Cremer sels ek lêzen, dat fûn ik wol nijsgjirrich. Mar letter binne wy der mei ophâlden. Wy woene net mear mei de massa meirinne.’
Minsken kamen ek foar boeken oer seksuele foarljochting: ‘Soms bedoelden se dan porno en dy minsken, meast mannen, stjoerden wy nei Geeske Seks, in winkeltsje even fierderop yn 'e Koaningsstrjitte. Sy sei altyd: “Bedankt dat jum mij sufeul klanten sture.” It wie ien fan de earste sekswinkels yn Ljouwert. Der leine lege doaskes Prodent yn de etalaazje as kamûflaazje, want it mocht net fansels, sa'n winkel. It wie in fleurich frommes. Se siet altyd yn it strjitsje yn de sinne. Se hie de brune bân en koe de mannen wol oan. Se besloech alles mei de gek. Wy hiene nea lêst fan har. No sit der in metadonprojekt, dat is hiel wat oars. Se hingje altyd om en smite de rotsoai foar je doar.’
Yn de jierren santich wie de nnb in aparte boekhannel, foar yntellektuelen, notarissen en histoarisy. Datselde publyk komt no noch.
Yn de jierren tachtich kaam der in yngripende feroaring. De Runia's kochten en ferbouden it pân fan Slauerhoff, de âlde jongereinbibleteek, deun by harres en Dicky begûn in eigen boekhannel mei twaddehâns guod en fûnsrestanten. Doe kaam ek it spul fan souder, de nea ferkochte boeken fan útjouwerij Schaafsma en Meijer foarop. Dat wie wat nijs foar dy tiid.
Nei fiif jier is se der wer mei ophâlden, se fûn it te nuodlik om allinne yn de winkel te stean. Der wie altyd in protte stellerij en fernieling. Sa kamen der ris twa jonges dy't mei de boeken troch de winkel goaiden. Doe't se de folgjende dei mei in grutte hûn op 'e nij de win-