myn eigen kreaasje te sjen. Ik kin der noch net by. Goed sechstich jier en dan fan ien fan tsien les krije hoe't jo jo eigen skilderijen besjen moatte. It is om jo dea te skamjen.
‘Hoe witsto dat allegear,’ freegje ik. ‘Hat jim heit dy dat ferteld?’
‘Nee hear,’ seit er, ‘dat kin jo ommers sels sjen. It stiet der doch op? Dat hoege jo doch earst net te witten?’
‘Hoe fynst it hynder?’ freegje ik noch. Hy laket wat skealik myn kant út, krekt as hat er wat begrutsjen.
‘Dat is gjin hynder,’ seit er, ‘dat is de auto fan Foppe de Haan. En fierder moatte jo it no sels mar útsykje, want ik moat ús heit helpe.’
Hy rint by my wei en ik bliuw allinne achter yn de no folslein lege tinte. Ferbjustere besjoch ik noch in kear de ûndergong fan de wrâld en rin dan werom nei it stasjon en nim de trein fan 17.45 nei Grins. Yn Hurdegaryp stapt in frommeske yn mei in fioele ander de earm. Se giet tsjin my oer sitten. Pas as se ienkear goed en wol teplak sit, sjoch ik dat se gjin klean oan hat. De fioele set se neist har yn de hoeke op 'e bank. Dan sjocht se my oan.
‘Lekke ban?’ freegje ik.
‘Ja,’ seit se, ‘mar hoe witte jo dat sa?’
‘Tocht ik samar,’ sis ik. ‘Oars binne jo doch altyd op 'e fyts net? Of fersin ik my no?’
‘Nee,’ seit se, ‘dat is sa. Mar doch wol sterk hear. Hoe witte jo no dat ik dat wie?’
‘Dat seach ik daliks wol oan dy fioele,’ sis ik beskieden.
Yn Bûtenpost stapt se út en ik sjoch har nei hoe't se nei de fytsestalling rint, de fioele achterop ûnder de snelbiners docht en mei rôljende stuten neist de fyts mei de lekke bân oer it lege stasjonsplein it doarp yn rint.
As ik jûns thúskom en fertel wat ik meimakke ha, is der net ien dy't my leaut.
‘Do bist gek,’ sizze se. ‘Tinkst no wier dat ien in fioele samar sûnder der wat omhinne op de pakjedrager fêstbynt?’
‘O nee, hin,’ sis ik, ‘en dat frommeske dan, siet dêr soms wat omhinne?’
‘Ja, ja,’ sizze se en se sjogge elkoar wat oan.
‘Ast wer ris wat meimakkest, fertel dan tenei watst sjoen hast en net watst tochtst datst sjen moast. Ik soe jûn mar net al te let op bêd gean.’
Ik folgje de rie op en dream fan in moaie simmerske dei. De sinne stiet heech oan de loft. In frommeske yn in oan it kin ta tichtknope dikke lange winterjas komt rinnendewei de hoeke om. Brune breiden hoazen yn platte swarte skuon. Oan de iene hân draacht se in fioelekiste mei noch in moltontekkentsje der omhinne. Wylst de dream him foar myn eigen eagen ôfspilet wit ik al dat ik dit moarn oan gjinien fertelle sil.