Abe Bonnema (1926-2001)
Hy brocht de boukeunst op in heger nivo
Henk van der Meulen
De Fryske media ha wiidweidich stilstien by it ferstjerren fan boumaster Abe Bonnema op 9 augustus. Ek yn de Hollânske media krige hy omtinken, al wienen dy hiel wat minder royaal as at Bonnema wierskynlik sels fûn dat er fertsjinne hie. Sûnder mis alhiel terjochte, al dy oandacht, want Abe Bonnema wie in markant arsjitekt dy't de boukeunst yn Fryslân letterlik en figuerlik ta in heger nivo optild hat, mar ek dêrbûten erkenning en wurdearring krigen hat.
Ofsjoen fan de jierren dat er yn Delft studearre, hat de yn 1926 yn Stiens berne, yn Ljouwert opwoeksen en fjirtich jier lyn yn Hurdegaryp delstrutsen Bonnema altyd yn Fryslân wenne. Hy hâlde fan Fryslân, fan de Fryske taal ek, dy't er graach en perfekt brûkte, en as siler fral ek fan de Fryske marren. Hoe emosjoneel en waarmhertich hy yn lytse rûnte ek wêze koe, profesjoneel en saaklik wied er faak stiifkoppich en liet er syn ein net slûpe. Tsjinspraak en krityk koe Bonnema - faak al mei muoite - allinnich ferneare fan minsken dy't er lije mocht, dêr't er dus respekt foar hie en dy't er fertrouwe koe.
Wat syn arsjitektoanyske jeften en opfettings oangiet hie Bonnema abslút gjin lêst fan selsûnderskatting. It wie him dan ek net nei 't sin dat hy - neffens himsels - by de gemeente Ljouwert te min oan 'e bak kaam. Hy hie mar al te graach it nije stedskantoar bouwe wollen. En ek foar de ynrjochting fan it Wilhelminaplein en it ûntwerpen fan it ‘pleinôfslutend gebou’ hienen se einliks in berop op him dwaan moatten, fûn er. Profesjonele oergeunst wie him dus net alhiel frjemd. Mar dat is mear arsjitekten eigen. Yn Grins wienen fakgenoaten der ek min oer te sprekken dat it ûntwerp foar it nije museum perfoarst fan de Italiaan Mendini en oare bûtenlânske arsjitekten komme moast. En yn Den Haach wie ek al in protte krityk op it beslút om it nije stedhûs bouwe te litten troch de Amerikaan Meier.
Bonnema hat wat de stêd Ljouwert oangiet oars neat te kleien hân. As der ien arsjitekt is dy't syn stimpel mannichfâldich op stedsbyld en skyline set hat, dan Abe Bonnema wol. Rûnom wurdt men konfrontearre mei syn kreaasjes. Yn 1973 boude er oan it Noardfliet in kantoar foar de Sosjale Tsjinst mei bypassende wenten. Hy krige sels in ynternasjonale priis foar dat kompleks mei gevels fan bakstien tusken betoneleminten en finsters yn ferskillende formaten. In wat romantysk oandwaande, typyske santiger jierren styl, ek werom te finen yn oare bouwurken oan stedsgrêften. In styl dy't noch yn neat like op it letter troch Bonnema omearme funksjonele modernisme, sa't dat û.o. stal krigen hat yn syn toer-kantoaren oan de Langemerkstrjitte, de Ljouwerter fersekeringsboulevard. Oan it Saailân boude er it nije ûnderkommen fan it Gerjochtshôf, oan de Tesselschadestrjitte it Girokantoar en oan de Harnzerstrjitwei in skoallegebou. Sa'n bytsje de hiele wyk Aldlân East komt fan Bonnema syn tekentafels en ek it hiele kompleks fan mcl Súd is fan syn