‘It’ Frysk kostúm bestiet net
Henk van der Meulen
Gieneke Arnolli, Mode in Friesland/Moade yn Fryslân/Fashion in Friesland, 1750-1950. Fotografie Erik en Petra Hesmerg. Grafisch ontwerp Gert Jan Slagter. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2000. 80 siden. f 37,50.
Foar wa't net ferneare kin dat hy net wit wat behalven brânblusark fierders noch ‘brânamer’ neamd wurdt, gjin aan hat fan wat mei fiifskaft, snebbe en tournure bedoeld wurdt, foar sokken is der útkomst: it boek Moade yn Fryslân 1750-1950. Men kin dêryn bygelyks ek oan 'e weet komme wat ‘mouwen à l'Amadis’ binne, it ûnderskie witte tusken in Dútske mûtse, in floddermûtse en in fontangemûtse en sels meiprate oer de ûntwikkelingsgong fan smelearizer ta breedearizer.
It boek is skreaun troch Gieneke Arnolli, kostúmkonservatrise fan it Frysk Museum, op inisjatyf fan de Stifting Kostúmkommisje Fryslân, mei help fan de kostúmkolleksje fan it Frysk Museum en mei tastân kommen troch de finansjele stipe fan ûnderskate subsydzjejouwers en fan sa'n 250 efter in it boek mei namme neamde Freonen fan it Frysk Kostúm.
In boek oer it Frysk kostúm dus? Nee, blinder net. Want it Frysk kostúm bestiet net, sa wurdt jin al yn de flaptekst ferdútst. It Frysk kostúm is nammentlik hyltyd mei de ynternasjonale moade meigien, sij it yn wat oanpaste foarm. En dat hiel sterk yn Ljouwert, de residinsje ommers fan de Fryske steedhâlders fan de sechstjinde oant midden achttjinde ieu. En it Steedhâlderlik Hof waard bewenne troch in ynternasjonaal selskip, ûnder oaren fral neiteam fan Dútske keningshuzen. Dat hat sûnder mis útwurking hân op de klean fan de hofhâlding en fansels ek op elkenien dy't him of har dêroan spegelje woe.
Gieneke Arnolli sprekt sels fan ‘in suver by elkoar socht soadsje op kostúmgebiet’ as hja it hat oer foto's fan in groep Fryske froulju op de grutte nasjonale kostúmshow by gelegenheid fan de útstalling ‘De vrouw 1813-1913’ yn Amsterdam. By achttjinde-ieuske sitsen jakken waarden njoggentjinde-ieuske tipdoeken en skelken droegen mei stiifstisele floddermûtsen út 'e tweintichste ieu. Pas sûnt 1964, doe't de Stifting Kostúmkommisje Fryslân begûn te krewearjen foar it behâld en behear fan it Frysk folkloare-kostúm, is it net langer in soadsje wat droegen wurdt.
It Fryske kostúm dat tsjinwurdich by folksdûnsjen, hurddraverijen en boerebrulloften en as strjitfersiering by keninklike houlikken it meast droegen wurdt, is basearre op de moade fan 1845 oant 1865, alteast wat de frouljusklean oanbelanget. It Fryske manljuspak fan no hat nammentlik de kentekens fan foar 1845 doe't de knibbelbroek noch yn 'e moade wie ynstee fan de lange broek dy't nei 1850 meast droegen waard.
Gieneke Arnolli fynt dat in dûnsgroep dy't him ûnderskiede wol fan oare Fryske groepen, rêstich in kar dwaan mei út in oar moadetiidrek as dat fan 1845 oant 1865. As mar de goede moadekenmerken tapast wurde mei in earizer dat dêr wer by past, dan is sa'n kostúm histoarysk besjoen like goed, ponearret hja. Mar soe it dan net wer in folkloristyske ‘soadsje’ wurde, hoe histoarysk ferantwurde ek, freegje ik my ôf.