It âlde systeem en de nije opset
Al dy goeie advizen sille te let kommen wêze. Ein juny hie de sjuery grif har kar al makke en trochjûn oan de Provinsje. Dêr ha se grif safolle tiid noadich dat it augustus/septimber is foar't de útslach bekend makke wurdt.
Wa't it wurdt? Dat is min te sizzen. Om't twa fan de trije sjueryleden hjir folslein ûnbekend binne, om't der nochal wat kandidaten binne en om't de spulrigels net dúdlik binne.
Earst de sjuery. Dy bestiet út twa wittenskippers út Leiden, de neerlandica Korrie Korevaart en de germaniste A. Visser, foar wa't de Fryske literatuer in frij ûnbekend terrein is, en út Geart de Vries, sjoernalist/histoarikus en foaroanman fan de Stichting Litteraire Activiteiten Leeuwarden. Dy hat de ôfrûne jierren televyzjedokumintêres makke oer Tsjêbbe Hettinga, Harmen Wind en Josse de Haan. Dat seit fansels wat oer syn foarkar.
Oare serieuze kandidaten binne op grûn fan har oeuvre sûnder mis Eppie Dam, Freark Dam, Berber van der Geest, Hylkje Goïnga, Durk van der Ploeg en Baukje Wytsma. Mar wêrom soenen ek Wilco Berga, Sjoerd Bottema, Eeltsje Hettinga, Trinus Riemersma, Albertina Soepboer en Mindert Wynstra net meidwaan op grûn fan opfallende resinte publikaasjes?
De fraach dêrbij is wol hokker formele kritearia at de sjuery hantearret. En dat bringt ús bij in pynlik punt. Dat kom sa:
Yn desimber 1999 waard yn Provinsjale Steaten in moasje fan de Partij van de Arbeid oannommen om de Gysbert Japicxpriis wat fan karakter te feroarjen. Wer werom nei 1953, soe men sizze kinne. Doe waard de jierlikse ûnderskieding foar de bêste literêre útjefte (om bar foar proaza en poëzy), omset yn in twajierlikse priis. Yn 1983 feroare de frekwinsje en ek it karakter fan de gjp: ien kear yn 'e trije jier, foar de auteur dy't ‘it bêste wurk publisearre hat, op it mêd fan [...] de Fryske literatuer yn alle sjenres, sawol foar in wurk as foar it hiele oeuvre fan in auteur’. - Tsjinstridige betingsten: in oeuvrepriis koe, mits de auteur yn kwestje yn de ôfrûne perioade ek ‘it bêste wurk’ publisearre hie.
Yn de nije ieu soe it wer gean moatte om in twajierlikse ûnderskieding, de iene kear foar poëzy, de oare kear foar proaza. It motyf dêrfoar wie dat ‘in fersebondel komselden konkurrearje kin mei in roman’. Dêr siet wat yn. Yn 1986 krige Tiny Mulder de priis foar har bondel Oh in stêd, ah in lân ‘en fierders foar har hiele wurk’. De kearen dêrop gong it hyltyd om romans (fan Anne Wadman, Steven de Jong, Trinus Riemersma en Piter Boersma).
Ek yn de nije opset soe it noch om in ‘oeuvrepriis’ gean kinne, sa woene de Steaten ha. De tsjinstridichheid bliuwt dus. Behalve at dêr yn de neiere útwurking wat op fûn waard...
En dêr sit 'm it probleem. Mei it nije reglemint keallet it sa swier dat sjuery foar de Gysbert Japicxpriis 2001 noch ûnder it âlde systeem wurkje moat, al skynt har wol sein te wêzen dat in oeuvrepriis ek mooglik is sûnder in opfallende publikaasje yn de ôfrûne trije jier.
Se wienen der op it Provinsjehûs suver wat mei oan doe't ik mear as ien kear frege om it krekte beslút fan Deputearre Steaten (Provinsjale Steaten?) dêr't it nije reglemint op basearre wurde moat. It wie ein juny noch net boppe wetter. Sadwaande wit ik ek noch net oft der wol om tocht is dat it skôgjende proaza der yn de nije opset net ûnderstrûpt (in sjenre ommers dat sûnt 1947 mar twa kear yn 'e prizen foel: Anne Wadman en E.B. Folkertsma), oft de