Trioel
Reinder mei leauwe wat er wol
Veenbaas makket in rare gisel yn syn besprek fan Van der Leest syn beide Dynte-Nierboeken yn 'e rige klassiken (Ljouwerter Krante, ik ha spitigernôch de datum net oantekene). Hy freget him ôf: binne dizze ferhalen inkeld healwizichheid of sit yn dy healwizichheid krekt de artistike kwaliteit? It antwurd op dy fraach jout er net, dat lit er ôfhingje fan Van der Leest syn leauwe: ‘Want as Van der Leest yn de boppesteande sin yn syn eigen wurk leaut, dan moat dat wurk ek as keunst besjoen wurde, en net as sljochtwei ferdivedaasje.’ It liket my folslein yrrelevant wat Van der Leest mei syn grapmakkerij bedoeld hat. Skriuwersbedoelingen dogge net ta de saak, men kin se nammers ek net objektyf fêststelle, dat it is mar krekt wat jo leauwe wolle dat in oar leaut. Wêr't wy ús mei dwaande hâlde moatte is de tekst, net de man.
Ik fyn ‘keunst’ en ‘ferdivedaasje’ oars gjin tsjinstelling. Formeel falt literatuer ûnder de keunst en alle keunst hat (ek) in ferdivedearjend karakter.
Tr. Riemersma