Trotwaer. Jaargang 33
(2001)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 260]
| |
De ein mei ynmoed beskrept
| |
[pagina 261]
| |
tiid grif hân hat), makket it dreech om de skôger-kritikus serieus te nimmen. Dat it mei al dy detektives (fjirtjin en trije bondels mei detektiveferhalen) fan 'e lêste jierren mei de Fryske literatuer wol swietwei nei de ein rinne moat, is in partikuliere opfetting dy't in kultuerpessimistyske swartkiker mar yn himsels ferarbeidzje moat. Dêr hoecht it omsittend laach, dat de wrâld wat fleuriger skôget, net mankelyk fan te wurden. Dat fernuveret him mooglik yn blidens oer de bloei fan de Fryske histoaryske roman, op 'e grins fan fiksje en non-fiksje en dêrmei hielendal op 'e moade. Mar dat sjenre beneamt Krol yn syn oersichten net, wylst it de lêste jierren sa sterk fertsjintwurdige is mei treflik, geef of aventoerlik wurk fan Durk van der Ploeg, Piter Terpstra, Rink van der Velde, Harmen Wind, Willem Tjerkstra, Jacobus Knol. Dat skift is mei njoggen - en as men de oarlochsferwurking fan Benny Holtrop en Anne Wadman meitelt mei alve - fan de 55, sels noch sterker yn 'e bondel fertsjintwurdige as de detektives. Dat in kritikus yn in lyts taalgebiet ‘sfear’ net heech hat en ferdivedaasje as by foarbaat minder nijsgjirrich oan kant leit, ropt de fraach op hoe't de Ljouwerter Krante en hoe't de lêzers it goed sân jier mei him úthâlden ha. Dêr moatte de 55 bondele kritiken in antwurd op jaan kinne.
Krol hie, doe't er yn jannewaris 1999 mei it resinsearjen ophâlde, 130 boeken besprutsen, tritich mear as er yn it begjin fan doel west hie. Fan dy besprekken binne dus minder as de helte yn 'e bondel opnommen, wat yn in bestek fan 156 siden ek hast net oars koe. It hear oersjend falt it mei de iensidigens fan 'e seleksje wol wat ta. No ja, Krol hat fiif kritiken opnommen oer Durk van der Ploeg en trije oer Trinus Riemersma, Piter Terpstra,
Omslach: In Serie, Amsterdam
Rink van der Velde en Benny Holtrop - dat is al santjin fan 'e 55 foar fiif yndied âldere skriuwers. By de oare 38 binne frijwat dûbletten: Piter Boersma, Margryt Poortstra, Willem G. Abma, Anne Wadman, Doete Venema, Hylkje Goïnga, Wilco Berga, Froukje Annema, Sjoerd Bottema. Mar alle soarten binne wol aardich fertsjintwurdige en it falt, de kritiken lêzend, mei de nijsgjirrigens fan ferdivedearjende detektive- of fleurige ferhalen yn 'e beoardieling fan Krol net iens ôf. | |
[pagina 262]
| |
Fan alle skriuwers ferliede Durk van der Ploeg, Jetske Bilker (‘Bingo!’ oer In nacht fan hûs), Trinus Riemersma, Piter Boersma en Margryt Poortstra de kritikus suver ta opteine bewûndering, hoewol't er yn Durk van der Ploeg syn Skepsels fan God wol oanjout wat better kinnen hie. Mar dat wurdt dan hoeden, mei respekt formulearre. Hoe oars giet er om mei it swarte skiep Willem Abma, dy't mei de kop ‘In ûnútsteanbere freon’ suver in dûbeld oardiel oer de lea kriget (it boek is yn 'e ik-foarm skreaun). Benammen, en dat is nijsgjirrich as men wit wat it fak fan de auteur is, de psychology doocht neffens Krol by Abma net. ‘Alles komt jin ûnlogysk oan...’ Mei de psychologyske logika fan skriuwers leit er nammers faker yn tsjok waar. En dat ropt de fraach op oft er sels miskien op dat punt wat steksjoggerich is. Hy mei yn alle gefallen graach oer in oersichtlik psychologysk wrâldbyld - alteast, dat blykt út syn kritiken. Gauris lêst men in sintsje as: ‘echt ynsjoch yn Lidewij har problemen kriget men net’ (Margryt Poortstra), ‘ek psychologysk is it boek net botte oannimlik’ (Hette Uilkema). Fan dat oangeande, de oersichtlikens, hat er yn 'e boeken dy't foar dizze bondel útsocht binne oer it ginneraal syn gerak wol krige. Fan 'e 55 kritiken einigje eins mar fiif echt yn mineurGa naar eind1., en dat komt fan langtriedderige eamelderij (‘tyskerij’) of dy ûnlogyske psychology. By alve kin it der krekt sa'n bytsje of, toe mar, goed op troch (‘Typysk Terpstra’Ga naar eind2.), 32 kritiken binne nei myn yndruk posityf oant tige posityf yn har wurdearring. Hast al dy krityske of ûnkrityske stikken binne geef fan opset. Krol is gauris tige goed dokumintearre. Ik wit noch hoe't it my fernuvere dat er mei in genealogyske puzzel út 'e argiven fan Haskerlân samar even Jacobus Knol ûntmaskere as de skriuwer fan de kffb-roman In libben as Styntsje. Dat hie grif de skriuwer sels net foar mooglik hâlden, en ik begryp net wêrom't dy fernimstige ûnthulling net yn de bondel opnommen is. Sa lêst er in luie Douwe Kootstra de les, om't dy net, lykas Krol, de ensyklopedy út 'e kast helle foar't er in rigelmennich oer in âld atlas opskreau (mar ensyklopedyen binne ek sa swier yn 'e rêchpûde, en as reizger jout men jin net noflik yn bibleteken del, dat soe ûnlogysk wêze, koe it beskie fan Kootstra wêze). Krol komt, op in pear kritiken nei, de skriuwer ek gauris fair yn 'e mjitte as dy foar in oar nivo kiest as de kritikus miskien wol lêze woe. Sa kin in ienfâldige, sels wat ‘glêde’ roman fan Riek Landman (In sterke man) dochs in positive wurdearring krije. De ferdivedearjende bondel It fertriet fan dokter Kildare fan Sjoerd Bottema hat sels ‘boppe-provinsjale kwaliteiten’, wat Krol sa wichtich fynt dat er der in kop fan makket.
Dizze kritikus hat each foar details, oant op it omslach. Mei byneed de lûp derby fynt er dinkjes dy't de ûntwerper net iens opfallen wiene (fiif amper te tellen skiep yn in hokje fan twa by twa sintimeter). Hy nimt flapteksten serieus, en is net te skiterich om in treflik ûntwerp te loovjen. Oarsom hat er ek genôch idee oer kwaliteitseasken dy't hjoed-de-dei oan 'e útris steld wurde meie om in minne útfiering ôf te kreakjen. Foar de lêzer, en dus foar in kranteredaksje, is grif noch mear fan belang dat Krol yn syn kritiken in oare, gâns libbener styl en eigener taal brûkt as yn it boardpapieren slot fan syn skôging. Hy is in fakman dy't mei faasje in stelling ponearje en yllustrearje kin, en de skriuwer en syn lêzers noch wolris wat leart oer it opsetten en útwurkjen fan in roman. Dêr mochten, skriuwt er mei rjocht yn syn slotskô- | |
[pagina 263]
| |
ging, útjouwers wol wat mear oan dwaan. Moai dat sa'n bondel kritiken der leit. Men kriget suver oanstriid om nochris in boek út 'e kast te heljen dat dêr al jierren stof garret, om te sjen oft it oardiel fan Krol noch altyd jildt. En wat dy psychologika oanbelanget, ach, der binne oaren by 't soad dy't dêr wer sterker yn binne. Ik bin der fan oertsjûge dat de psychologyske roman by Krol syn opfolger Jabik Veenbaas ynienen wol wer takomst hat. |