Altyd wat!
Tr. Riemersma
Jongereinliteratuer: in oerstallige term
Skriuwend oan Nei de klap tocht ik op in stuit: hee, dit wurdt in jongereinboek, wat grappich dat ik dat ek kin. Ik ha it boek opdroegen oan myn jongste bern en as ‘jongereinboek’ ynlevere by de KU. It bestjoer fan 'e KU woe lykwols perfoarst net dat op s. 2 kaam te stean dat it in jongereinboek wie, der moast gewoan ‘roman’ stean, oars ferkocht it boek net. Dat wie my best; myn boek is ek in science-fictionferhaal en dat stiet likemin op s. 2.
It ferbaasde my dat se yn Hollân krekt sokke problemen mei it ferkeapjen fan jongereinboeken hawwe as hjirre. Myn Hollânske útjouwer stie der op oan dat Na de klap dochs net as jongereinboek de Hollânske wrâld yngean soe.
De útjouwerswrâld mijt de term ‘jongereinliteratuer’ út kommersjele motiven. Literêrteoretyske motiven dy't pleitsje foar it hanthavenjen fan de term lykje der net te wêzen. Literatuerteoretisy hawwe überhaupt problemen mei it ûnderskieden fan literatuerskiften neffens de âldens fan 'e haadpersoanen (en fan it bedoelde lêzerspublyk). Dat is gjin reedlik kritearium. Boppedat witte de literatuerteoretisy skoan, alles wat jo ôfsnije fan 'e haadstream en apart sette, leit bleat foar trivialisearring.
Dat sjugge jo oan 'e ûnderskiedingen dy't op kommersjele basis makke wurde, sokken as ‘oarlochsroman’, ‘kasteelroman’, betocht om de klant wat makliker oan syn geriif te helpen. Dat binne triviale sjanres wurden. Mei ‘jongereinliteratuer’ en ‘berneliteratuer’ leit it nei alle gedachten oars, dy skiften sille optocht wêze troch pedagogen mei it doel om bern fia goede lektuer yn it goede spoar te hâlden. It gefaar fan trivialisearring is troch dy goede bedoelingen nammers net lytser wurden.
It nuvere docht him foar dat yn 'e praktyk beskate boeken minofmear tafallich al of net it stimpel fan ‘jongereinliteratuer’ opdrukt krije. Tiny Mulder har Tin iis is as grutminskeboek de wrâld yngien en letter troch de jongereinboekelju ‘nadere’ as jongereinboek. Myn Nei de klap is om ien of oare reden net nadere. Spilet hjir sokssawat triviaals as ‘happy end’ en ‘positive libbensynstelling’ dochs in rol?
Is der - dat is faaks de wichtichste fraach - tusken Swart op wyt, Tin iis, Nul-nul, Nei de klap, De lêste brief en ‘gewoane’ romans sa'n dúdlik en belangryk ûnderskied dat it winsklik is om dy boeken apart te setten? Ynhâldlike kritearia binne net oertsjûgjend, de lêzersgroepen rjochtfeardigje sa'n skieding ek al net: de jongerein lêst neat en de folwoeksen lêzers lêze de ‘jongereinboeken’ dy't ik hjirboppe neam mei like grut plesier as ‘gewoane’ romans.
Dat is tink ik de oast: foarhinne woenen folwoeksenen gjin bek op jongereinliteratuer sette, om't dy fierste berneftich wie. Akky van der Veer komt de eare ta dat se it earste folwoeksen jongereinboek skreaun hat... en dêrmei in bom ûnder de kategory ‘jongereinliteratuer’ lein hat. It skift ‘jongereinliteratuer’ koe bestean salang't it om in triviaal soarte boeken gyng, dêr't inkeld pedagogen heil fan ferwachten. No't it soarte syn trivialiteit ûntstiicht, wurdt it ‘gewoane’ literatuer, dy't it rêde kin sûnder etiket en pedagogyske bepopking. Lit ús hoopje dat de berneliteratuer itselde lot treft. De earste folwoeksen berneboeken binne der oars al: Kninekeutels yn it oerwâld fan Mindert Wynstra en Lytse Anna fan Teije Brattinga.