Trotwaer. Jaargang 33(2001)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 252] [p. 252] Freark Dam Ketliker floralia I Nageltûken Stille boerinne op Jo fonkelfyts Yn 't bleat earizer op 'en paad Op sok in stille maitydsmiddei Mei op it pakjedrager pronkjend Dat bosk begearlike seringen Dy adellikste boereblommen - Boerinne, wêr sil dit hinne? Sil it nei 't Wâld, nei 't Skoat? Nei Annebuorren of de Kolfbaan? De reden del fan moude en makade Nei Sechtjinroeden of de Singsang? Sei, wa ferearje Jo sa foarstlik Dat pearelmoer fan eigen hiem - Boerinne, wa mei dit barre? Boerinne is wei, 't ferline is 't ferlerne De lêste bocht om en foargoed út sicht Mar om dy swietrook fan har nageltûken Moat ik noch gûle no nei santich jier. [pagina 253] [p. 253] II Brimmerheide De felsten, de gleonsten dy't de simmer kundigje en dêr oan ûndergean. Lôge fan fjoer de hiele leane lâns. Fakkel yn fûlste flam, sa waarm, sa gol dy't wol fan fierrens komme moat. Fan Bremen, is it sizzen. Op heite jierdei, fjouwer juny, plôken wy steefêst - 't koe dan krekt - de earste blossemtûken dy't lykwols ringen wylgen. No sjoch ik ta hoe't mei itselde fjoer hja al mids maaie folút flamje: Kom dan, simmer! Wêr bliuwt de tiid? Vorige Volgende