Tegels
Meinou P.
Ta gelegenheid fan in feest yn de tún fan Baukje Wytsma waard in bondel útjûn mei gedichten fan tweintich bekende en minder bekende dichters: Túnwurk (1992). Dêr stiet ek ien fan my yn. It giet oer in geloksstientsje dat te nuodlik is om te hawwen en dat dêrom ritueel fuortgoaid wurdt.
‘Dat hasto sels belibbe’, sei in freondinne, dy't it lêzen hie. ‘Ik kin dy goed genôch om dat te witten. En dan fyn ik it eins net in gedicht. It is mear in ferhaaltsje.’
‘It hyt dan ek “Anekdoate”’, andere ik, om derôf te wêzen. Mar ik wie it net mei har iens. Hast alle gedichten binne dochs ta stân kommen troch eat dat belibbe of ûnderfûn is troch de makker, tocht ik.
Yn in temanûmer fan De Revisor (2001-2) oer literatuer en wurklikheid, stiet in essay fan Ilja Leonard Pfeijffer mei de titel ‘De mythe van het spontane meisje’. It giet oer it fenomeen dat yn de temporêne literatuer wier bard mei autintisiteit lykskeakele wurdt en autintisiteit mei goed. Pfeijffer is it dêr net mei iens. Hy spitst syn redenearring ta op poëzy en is fan betinken dat der trije wetten jilde moatte oangeande de autintisiteit fan gedichten:
○ | skriuw net wat wier is, mar wat it gedicht wol; |
○ | skriuw net wat bard is mar wat barre kinne soe en sels dat net; |
○ | de dichter moat net gûle, mar de lêzer. |
Dan behannelet er in gedicht fan Rogi Wieg dêr't alle trije wetten yn oertrêde wurde. Dochs fynt er it goed. Hy komt ta de konklúzje dat it by eintsjebeslút allinnich mar giet om styl: Het is volslagen onbelangrijk of iets authentiek is of niet, als het maar authentiek lijkt. Het doet er niet toe of een gedicht echt is gebeurd of echte gevoelens verwoordt, als het maar goed geschreven is. En eigenlijk wisten we dat al lang. We waren het alleen even vergeten.
Neat nijs, dus. En it hie dan neffens my ek net nedich west de trije wetten te formulearjen, wylst dy my no krekt oan it tinken set hienen.
In hiel skoft lyn wie Harmen Wind yn ‘De koperen tún’ by Henk te Biesebeek. Henk stelde de fraach oft jo wol dichtsje koenen oer de dea fan jo heit as dy noch libbe. Ik wit noch hoe shockearre ik wie. De gedichten dêr't Henk it oer hie, hienen my ûntroerd en no bliek it optocht te wêzen! Ik moast mysels tasprekke en sizze dat it eins neat útmakket. It fers is der net troch feroare. As ik de radio net oanset hie, hie ik fan neat witten.
It negative gefoel liet him net fuortprate.
Het klakkeloos weergeven van de werkelijkheid levert een oninteressant gedicht op, seit Pfeiffer. Hy makket it donkere hier fan syn freondinne sûnder ien momint nei te tinken ljocht, as dat better foar it gedicht is. No, dêr kin ik ynkomme. Sy docht dat tink ek, as hy it moaier fynt. Dat der in grins is oan it ferdichtsjen, is foar my ek dúdlik.
Mar ik moat it tajaan: in écht geloksstientsje hie ik fansels noait yn it Swin smiten.