Trotwaer. Jaargang 33
(2001)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 245]
| |||||||
It postmodernisme as fersin
| |||||||
[pagina 246]
| |||||||
nistysk tiidrek yn, lykas we yn de hjoeddeiske literatuerkompendia lêze kinne.Ga naar eind1. Ekyn de literatuerteory waarden heterogeniteit en histoaryske ferwizing, ‘yntertekstualiteit’ sjoen as dragende skaaimerken, dêr't dan in aksintuearring fan de talichheid fan it wurk oan tafoege waard. De literatuerteory hat te hastich west. Om te begjinnen hat se har de terminologyske problematyk net genôch bewust makke, wylst dy wichtige ynhâldlike konsekwinsjes hat. It is tige de fraach oft it modernisme as literêre perioade en de moderniteit as filosofysk tiidrek wol yn elkoar skowe kinne. It literêre modernisme waard de beweging dy't de teoryen fan minsken as Nietzsche en Freud ynkorporearre, tinkers dy't de westerske humaniteit ûnderwrotten en omdolden. It waard de beweging fan de problematyske yndividualiteit - Der Mann ohne Eigenschaften! -, fan de twivel oan de beskaving - Die Blendung, The Waste Land! -, fan de literêre parody en de yntertekstualiteit - Ulysses, The Waste Land! Jo soene dêrom úthâlde kinne, dat it literêr modernisme in krityk is op de filosofyske moderniteit en as sadanich oanslút by it filosofysk postmodernisme. Guon literatuerkritisy tinke dat de problematyk fan 'e loft is as se it literêr postmodernisme typearje as in lêste konsekwinsje fan it modernisme. Jan van Luxemburg e.o. skriuwe yn it resinte Over literatuur: ‘De modernistische stellingname dat de werkelijkheid onkenbaar is [...] laat de bestaansstatus van de werkelijkheid in tact... In postmodernistische literatuur en kunst wordt de status van de werkelijkheid in twijfel getrokken.’Ga naar eind2. It modernisme soe neffens har de ‘epistemologyske’ [kennisteoretyske] twivel oan de werklikheid fertsjintwurdigje, it postmodernisme de ‘ontologyske’ twivel [op grûn fan de ‘zijnsleer’]. En kreas wurde der auteurs neamd dy't yn it pomo-plaatsje passe, by need mei weromwurkjende krêft: Rushdie, Marquez, Borges. De ymplikaasje soe wêze dat de modernisten gjin twivel oan it wêzen fan de werklikheid talieten. Mar fan dy ymplikaasje bliuwt net folle oer as we wat sprekkende foarbylden hifkje. Hokfoar ontologyske wissichheid kinne we abstrahearje út Kafka syn Die Verwandlung, of út Der Prozess? Kinne we út it om 'e nocht sykjen fan Josef K. opmeitsje dat der in lêste werklikheid wêze moat? Of wurdt ek sa'n lêste werklikheid yn twivel lutsen? Gjin sinnige kritikus sil dy lêste mooglikheid útslute. Wat wol Eliot sizze as er yn ‘The Hollow Men’ it Kristusgebed ûnderbrekt en ferfettet mei: ‘This is the way the world ends’? En wat bedoelt er mei de titel fan it fers? Gjin ontologyske twivel? Wa't dat beweart, docht oan ynliskunde. Wêr is de ontologyske fêstichheid yn it wurk fan Beckett, yn dy parade fan allesferskuorrende twivel? Nee, wa't úthâldt dat Rushdie en Marquez in stap fierder geane as Kafka en Beckett, dy lit him twinge troch in sjabloan. Ek de oare skaaimerken fan it postmodernisme kinne we by guon modernisten fine:
| |||||||
[pagina 247]
| |||||||
Nee, it hat der alles fan wei dat it literêr postmodernisme in oerflakkige teoretyske moade is, op syn bêst in aktualisearring fan it modernisme. De saneamde ‘postmodernistyske’ techniken toane ús farianten op de fertroude modernistyske tema's.Ga naar eind3. | |||||||
It realismeWe binne yn de literatuer it tiidrek fan it modernisme noch net foarby, mar dochs meitsje likernôch alle hjoeddeiske modernisten op har tiid gebrûk fan realistyske techniken. En se swarre de psychologyske wurkwize hast nea finaal ôf. Hoe komt dat dochs? Wêrom wurde der überhaupt noch realistysk-psychologyske romans en novellen skreaun? En hoe komt it dat we Dostojewski en Gogol no noch lêze kinne sûnder dat we it gefoel hawwe dat se datearre binne? Op it stik fan it realisme moatte we ús yn 't foar al hoedzje foar in terminologyske simplifikaasje. It realisme yn bredere sin kin ommers dy skriuwwize oantsjutte dy't útgiet fan in herkenbere werklikheid en dy't dy werklikheid benei besiket te kommen, wylst de term realisme yn smellere sin de njoggentjinde-ieuske literêre streaming beneamt dy't folge op en polemisearre mei de romantyk: it realisme dus fan Stendhal en Balzac, dat it naturalisme yn syn kylwetter meifierde. Literatuertinkers identifisearje dy twa realismes faak te'n ûnrjochte mei elkoar. Dat docht bygelyks Riemersma, as er yn neifolging fan Lolle Nauta sprekt fan ‘naturalisme in psychologicis’.Ga naar eind4. Dy kwalifikaasje is nammers yn dûbele sin betiizjend, omdat er de term ‘naturalisme’, gewoanwei de namme fan in frij spesifyk definiearre streaming yn de literatuer, brûkt foar it realisme yn bredere sin. Der bestiet in njoggentjinde-ieusk realisme dat we hjoed-de-dei as âlderwetsk, as datearre ûnderfine. Dat neam ik it objektyf realisme, en ik soe it omskriuwe wolle as it realisme dat de pretinsje hat om dingen te sizzen oer of sjen te litten fan in objektive werklikheid. Yn it wurk fan Balzac fine we sa'n objektive pretinsje: hy seach de romans fan syn ‘Comédie humaine’ as ‘Etudes Sociales’. Lykas Geoffroy-Saint-Hilaire de bistewrâld yndielde, sa woe Balzac de minsken beskriuwe as farianten op ien grûnpatroan. Ek by de naturalist Zola fine we de objektive, wittenskiplike pretinsje. Zola woe, nei it foarbyld fan de eksperimintele genêskunde fan Claude Bernard, in ‘roman expérimental’ skeppe dy't wittenskiplik ferantwurde wie. It realisme is net ferdwûn, it is feroare. It hjoeddeiske realisme ferskilt wêzentlik fan dat fan Balzac en Zola. De skriuwer dy't hjoed-dedei realistysk skriuwt, sil net de pretinsje hawwe dat der ien werklikheid is, dêr't er de objektiviteit fan benei komme kin op wittenskiplike wize. Hy sil syn realisme sjen as in realisme dat yn twa opsichten subjektyf filtere is: it is syn eigen omgong mei syn eigen realiteit. It eigentiidske realisme is in subjektyf realisme. Dat dit sa leit, fertelt ús ek de manear dêr't we hjoed-de-dei de njoggentjinde-ieuske realisten op lêze. Wat mear dat realisme strykt mei ús eigentiidske, subjektive mjitstêven, wat lêsberder en wat minder ferâldere we it achtsje. De bruorren Karamazow en Adolphe, hiel subjektyf yn opset en perspektyf, kinne we lêze as wiene se juster skreaun, mar Zola syn De bûk fan Parys en Balzac syn Heit Goriot dogge ús mei har neidruklik objektive metodyk folle mear datearre oan. Boppedat wurd it realisme yn bredere sin, lykas ik dat hjirboppe definiearre ha, yn de tweintichste ieu fernijd troch moderne, troch modernistyske techniken. As foarbyld neam ik de stream-of-consciousness-technyk. Dy skriuwtechnyk besocht yn wêzen it streamen fan tinken en fielen yn de mins te imitearjen, hie | |||||||
[pagina 248]
| |||||||
dus yn wêzen in realistyske yntinsje. Typysk tweintichste-ieusk is dy technyk, omdat er sa út en út rjochte is op it subjekt: Woolf is op dat stik de konsekwinsje fan Dostojewski. Typysk modernistysk is bygelyks ek it heterogeen realisme. De modernist besjocht de (syn) werklikheid noch alris út ferskillende, subjektive perspektiven wei. Yn it wurk fan Faulkner fine we faak in mear-perspektivysk realisme, bygelyks yn The Sound and the Fury, in boek nammers, dat it mearfâldige perspektyf kombinearet mei in per persoan ferskillende stream-of-consciousness. Oarsoartige foarbylden binne De wereld een dansfeest fan Van Schendel en De ingewijden fan Hella Haasse. In apart plak binnen de realisme-diskusje nimt bygelyks Joyce syn Ulysses yn, dat realistyske stream-of-consciousness-passaazjes (lykas de monolooch fan Molly Bloom) ôfwikselet mei parodistyske. | |||||||
De psychologyIt probleem fan it psychologysk proaza is besibbe oan it probleem fan it realistysk proaza, mar it falt dêr net mei gear. As we it hawwe oer de psychologyske roman, bedoele we ommers fakentiden proaza dat yn elts gefal realistysk is yn it psychologyske, mar soks hoecht net altyd it gefal te wêzen. Der binne ek romans skreaun dy't psychologysk neamd wurde kinne wylst se net yn alle opsichten realistysk binne. Der Prozess fan Kafka soe as foarbyld fungearje kinne, mar it ferhaal De noas fan Gogol likegoed. Fan 'e oare kant hoecht in realistyske roman út soarte net altyd psychologysk te wêzen. Minsken dy't it hawwe oer de psychologyske roman, doele faak op de psychologyske roman as realistyske roman en se fersimpelje dan al yn 't foar. Mar ek as we har yn dy beheining folgje, kinne we har op in fersimpeling trappearje. It begryp realisme is ommers ambivalint. Ek as we prate oer de ‘realistyske psychologyske roman’, moatte we ûnderskied meitsje tusken it ‘objektyf’ realisme en it ‘subjektyf’ realisme. Dat ûnderskied is just yn de diskusje oer de psychologyske roman sa belangryk, omdat it psychologyske momint nei myn idee in haadrol spilet yn it ûnderskied tusken de twa typen njoggentjinde-ieusk realisme. It objektyf realisme, benammen dat fan it naturalisme, twingt it subjekt, dêrmei ek de psychology, nei de eftergrûn. Yn De bûk fan Parys is de kontekst, de omjouwing, folle promininter, it ynderlik fan de haadfigueren folle minder prominint oanwêzich as yn bygelyks Adolphe fan Constant of yn de romans fan Dostojewski. Just de klam op de psychology typearret de oergong nei it modernisme. By in soad grutte fernijers oan it begjin fan de tweintichste ieu sjogge we psychologisearring, sels hyperpsychologisearring. Proust is in sprekkend foarbyld, dy fynsinnige skatgraver fan it minsklike ynderlik. Mar we kinne ek oan Woolf tinke. Se sochten it subjekt op, it yndividu, yn syn isolemint, syn iensumheid. It wurk fan Vestdijk, de Nederlânske skriuwer dy't mear as wa ek de ynfloed fan de ynternasjonale ûntjouwingen ûndergie, dy't him yn syn iere wurk op skriuwers as Proust en Joyce oriïntearre, moat it alderearst hawwe fan syn yngeande psychologyske typearring. Vestdijk ferdigene de psychology nammers ek teoretysk, doe't er de bluisterige Rodenko parearre mei syn essay ‘De psychologie in de roman’.Ga naar eind5. It postmodernisme - dat as literêre beweging net bestiet - hat de psychologyske roman net ferdriuwe kinnen. Ek hjoed-de-dei is dy noch folop aktueel. Belangrike literatoaren - Ingelsktalige auteurs as Coetzee en Atwood, Nederlânsktalige skriuwers as Rosenboom, Möring, Enquist, De Loo, in Frysktalige auteur as Van der Ploeg - jouwe it sjenre nije ympulzen. Oare | |||||||
[pagina 249]
| |||||||
skriuwers jouwe de psychology in plak yn in part fan har wurk. Ek de saneamde postmodernisten wurkje noch faak psychologysk. II nuome della rosa fan Eco, dy't himsels noch alris as postmodernist affisearret, is yn psychologysk opsicht hiel neigeanber en tradisjoneel. Rushdie, sa't it hyt postmodernist pur sang, nimt yn de ferhalebondel East, West ek frij ‘tradysjonele’ psychologyske portretten op. De resinte roman Disgrace fan de Súdafrikaanske skriuwer Coetzee, beleanne mei de prestiizjeuze Booker-prize, befettet wol yntertekstuele ferwizingen, mar tagelyk is it boek in frij gewoane realistysk-psychologyske roman. De haadpersoan is yn alle opsichten in gewoan minske dêr't jo jo as lêzer mei identifisearje kinne en dy't in ûntjouwing trochmakket. En lit ús ris tichter by hûs bliuwe. De Fryske skriuwer Trinus Riemersma, sûnt De reade bwarre as postmodernist yn de boeken kommen, skreau in pear jier letter Nei de klap, in boek dat ûnder mear in psychologyske roman neamd wurde kin. | |||||||
De hypersubjektiviteitIt postmodernisme, it hjoeddeiske modernisme, hat it realisme en de psychology net út de literatuer ferdreaun. Oarsom meitsje realisme en psychology yn de hjoeddeiske literatuer net it hiele programma út. Mar kin dy literatuer dan noch wol sokssawat as in algemiene legitimaasje ferneare? Of is elke typearring yn 't foar al te beheinend? Earder kaam ik ta de konklúzje dat it hjoeddeiske realisme in subjektyf realisme is, en dat de oergong nei it modernisme psychologisearring betsjutte, hyperpsychologisearring sels. Ik tink dat dy konstatearringen ús de wei wize kinne, omdat se kultuerfilosofyske ymplikaasjes hawwe, omdat se wat sizze oer de posysje fan de hjoeddeiske minske. De gong nei de tweintichste ieu hat in gong west nei it subjekt, nei it yndividu. Dy gong wie al ynsetten yn de tiid fan 'e Renêssânse, doe't it omtinken op 'e nij begûn út te gean nei de persoan. Montaigne, Descartes, dat wiene de tinkers dy't de earste stappen setten. De tiid fan de Ferljochting folge, dy't de autonomy fan it subjekt beklamme, dy't dat subjekt stadichwei losmakke fan syn biningen mei godstsjinst en metafysika. De Romantyk boude fierder oan de emansipaasje fan it subjekt, it fin-de-siècle dielde nochris grutte klappen út. De namme Nietzsche moat hjir falle, ien fan de profeten fan de tweintichste ieu, de man dy't God fan it toaniel raamde en de fitale minske ferhearlike. De tinkers riede ta, de maatskippij folget. De tweintichste ieu liet ús de ferwurkliking sjen fan wat de grutte tinkers betochten. Nietzsche ferklearre God dea, in ieu letter is de sekularisearre maatskippij in gegeven - al bestiet de godstsjinst noch altyd. Tinkers as Rousseau en Kant beneamden de autonomy fan it subjekt - yn ús ieu is it autonome subjekt in gegeven wurden, yn de etyk, yn de rjochtspraak, yn it libben fan aldendei. It subjektivistyske tinken hat úteinlik laat ta de subjektivearring en yndividualisearring fan de westerske minske. It giet hjir út soarte net om in simpel suksesferhaal. Mear omtinken foar it yndividu betsjutte net allinnich emansipaasje en fuortsterking. It betsjutte ek mear omtinken foar de problematyk fan dat yndividu, foar syn isolemint, syn ferskuordheid. It modernisme wurke yn it skaad fan de grutte tweintichste-ieuske trageedzjes, fan de humanitêre drama's, de wrâldoarloggen, de kommunistyske diktatueren. Dy drama's hawwe dizze ûntjouwing wol problematisearje, mar úteinlik net keare kinnen. It tiidrek nei de Twadde Wrâldoarloch hat ús stadichwei de ûndergong brocht fan grutte ideologyen lykas it kommunisme, en dat is it | |||||||
[pagina 250]
| |||||||
gelyk fan it wiisgearich postmodernisme. Mar we hawwe ek de fuortsettende subjektivearring belibbe, dy't út de subjektivistyske tinktradysje wei legitimearre wurde kin. Sekularisaasje, ûntpyldering, yndividualisearring, dat binne de sosjologyske biedwurden wurden fan de desennia dêrnei. De fal fan it East-Europeeske kommunisme hat dy yndividualisearring nochris beklamme, en ien fan de ideologyen nei foaren helle dy't al op de stream fan dy yndividualisearring meigie: it liberalisme. It New Age-tinken foarmet der in befêstiging fan: it yndividu siket op in folslein persoanlike wize nei ûntploaiïng, nei terapeutyske help, nei religieuze en/of libbensbeskôglike oriïntaasje. De milenniumwikseling hat dit perspektyf net feroare. De hjoeddeiske minske is foar alles it yndividu dat syn wei siket tusken de oare yndividuen. Yn de literêre personaazjes fine we dy yndividualiteit wer, yn ferskillende sin. Alderearst draait it yn de hjoeddeiske literatuer faak om it yndividu, om de problematyk fan de ienling, al of net yn ferallegorisearre foarm. It swiertepunt leit by de skriuwer: dy is foar alles it yndividu dat syn heechstpersoanlike boadskip op syn heechstpersoanlike manear útteart. Oarspronklikheid, autintisiteit, dat binne dan ek de earste kritearia dy't it hjoeddeiske boek ôffege wurde. En dan is dêr noch de tredde poal yn it literêre bedriuw, de lêzer. Dy lêzer, yndividu ûnder de yndividuen, wol himsels werkenne, wol meigean kinne yn it yndividuele libben dat de literatuer foar him ûntslút. De hjoeddeiske literatuer is hypersubjektyf. Dat is in ienfâldige, brede term, mar hy is akkuraat en hy is iepen. It is in term dy't foar alle hjoeddeiske literêre ferskiningsfoarmen jilde kin. Dy meie realistysk, parodistysk of fantastysk wêze, eklektysk of ûnôfhinklik, heterogeen of homogeen, om as literatuer jilde te kinnen moatte se altyd hypersubjektyf wêze. Us hypersubjektivisme bepaalt ek ús histoaryske útsjoch. Wy lêze de literatuer út earder ieuwen as hypersubjektive uteringen, en beoardielje se neffens ús hypersubjektive kritearia. Dêrom hawwe we ek sa de pest oan it lette klassisisme: we meie net oer strange regeljouwing, omdat dy it persoanlike karakter fan de utering oerweldiget. |
|