Oebele Naneur
Wadmania (1)
Fan it ferskaat oan fersen dy't syn freonen en opponinten by 't libben oan Anne Wadman (1919-1997) wijd hawwe is my dat fan Jan Jelles Hof (1872-1958) it leafst. Doe't ik destiids rêde moast mei de yllustraasjes fan Klaas Dykstra syn Lyts hânboek fan de Fryske literatuer (1977) koe ik dy fjouwerrigel, op side 78, yn hânskrift opnimme (yn de twadde, troch Bouke Oldenhof útwreide printinge fan 1996 stiet er op s. 79). Dat it op Wadman sloech is der doe net by set, mar dat wie wol it gefal.
Hof reagearre op dizze, neffens my tige geastige, wize op de faak ek geastige spytbokkens dy't de jonge Wadman him sa hjir en dêr ferkocht hie. Hof syn tsjinset, op rym noch wol, mocht der wêze:
Ris fiele yn 't flybrich mûltsje... Omraken,
Sa gnjiddet er. Fij net, sa'n lest! -
Gnau hy mar, boai! 'k Ha al sa faken
Foar bern-yn-'t-toskjen de bytring west!
Letter is 't fansels wol oersljochte. Doe't Hof mei eare 85 jier waard, hat Wadman in treflik stik ta hulde en tank publisearre (Het Vrije Volk 24/10/1957). Fan 't âlde skeel wie al neat mear hingjen bleaun; sa geane dy dingen.
Soe it nammers, njonken it plan dat de Fryske Akademy no buorkundich makket oangeande in Wadman-projekt, ek noch net ris komme kinne ta in Hof-studzje? Wat koe dy âld man, taalgelearde, dichter en foaral polemist by de graasje, ek skriuwe!
Freark Dam