De filatelist
Greet Andringa
‘Mei ik jo wat freegje?’
Nee, tink ik. Fansels, sis ik. Ik haw it mantsje net oankommen sjoen. Ynienen stiet er dêr tusken twa auto's. Ik haw der spyt fan dat ik myn bril ûnder yn 'e tas stoppe haw. Sa mei dy net sa skerpe kontoeren sjocht net allinnich de wrâld der in ein mylder út: dat jildt blykber ek foar mysels.
‘Ik haw MS,’ seit de man. Ik sjoch no dat er op in stok leunt. ‘Jild,’ tink ik en ik bin der no wis fan dat ik hjoed myn naïve EO-look haw. Wat hie'k dan tocht? Hoe sjocht immen der oars út as sy yn in lange rok ‘te maaie, te maaie’ núnderjend en gelokkich nei it grien dat oan de tûken rint sjocht?
Wêr komt er wei? tink ik tagelyk en ik eagje it parkearterrein oer. In pear kroegen, in pakhús en in opfang foar ferslaafden. Hy is te fier fuort om drank rûke te kinnen.
En ja hear: ‘Ik skamje my dea,’ seit er. ‘No haw ik fanmoarn myn nije jas oanlutsen. En bin ik myn portemonnee fergetten. Kinne jo my helpe?’ In lyts leeftydsloas, ûnsjoch mantsje. Mei in readgrize snor. Hingjend op syn stokje as is er in ûnderbroek dy't yn 'e wyn te droegjen hinget. Ik wol fan him ôf. Ik skamje my foar mysels. En dochs seach it der hjir moaier út foardat ik dat stive gefoel yn 'e búk krige dat tagelyk mei de man opdûkte. It kin fansels, ms en ferjitlikens.
Ik meitsje in beweging mei de holle dêr ik sels noch net krekt fan wit wat dy betsjut. It mantsje wol gelokkich. ‘Dat soe prachtich wêze!’ seit er. ‘Dan wol ik graach twa dingen fan jo. Ik moat nei Nijmegen-Oast. Dêr haw ik 45 gûne foar noadich. En ik wol jo namme en giro- as banknûmer graach op in papierke hawwe sadat ik jo gau werombetelje kin.’
Ik bin al ûnderweis nei de jildautomaat foardat ta my trochkringt dat er ynienen hielendal net lyts en begrutlik mear west hie. Ik sjoch efterom. Hy sit op in bankje, mei syn gesicht omheech nei de sinne. Syn griene jas hat er iepenritst. De hannen tsjininoar oan tusken de skonken stutsen... ‘Jo komme werom, no?’ hied er frege. En ik hie ja sein. Fansels.
Myn man gniis ik altyd út as moanliks syn antlit belûkt boppen de slúf mei bankôfskriften. Hy tinkt noch hieltyd dat er in heal miljoen winne sil yn 'e Steatslotterij. Gewoanwei bin ik net immen dy't risiko's nimt. Mar mei beloften leit it oars.
Op 'e trotwaartegels ûnder de automaat binne ferskate kwitsen ôfkôge kaugom efterlitten. Guon lykje wol wat op bloedspatten. Wêrom rin ik net gewoan troch nei it stasjon? Mar dat dy man my besoademiterje wol - Hoe wied er hjir oars kommen yn'e frede? Fanmoarn hied er dochs ek jild noa-