Libbenselikser
Jitske Kingma
Aai
‘Ik haw dêr oars nea tiid foar, sa lang mei immen te praten.’
‘Net in oerke?’
‘Nee, net sûnder dat ik tagelyk wat oars doch.’
‘Mar wêrom no dan wol?’
‘It telefoannetwurk leit plat.’
‘En?’
‘Oars hie 'k no al wer hiel wat telefoantsjes hân.’
‘Kinst dochs de voicemail der op sette?’
‘Nee, dat kin ik net meitsje, se rekkenje op my.’
‘Wa bellet dy dan it faakst, dyn frou?’
‘O nee, dy net. Bakte se earst noch wol ris in aaike as ik let thúskaam, no kin ik de panne tsjin myn aaien krije as ik der wer bin.’
‘Da's wol wat plat, giet it sa min?’
‘Se fynt alles wat ik doch folslein bespotlik.’
‘En wat fynsto dan fan har?’
‘Ik snap har ek net.’
‘Mar wat wolst dan?’
‘In aai, ik wol in aai.’
‘Der binne dochs wol oare oankrûperkes. Sa'n sympatike man, kreas yn 'e klean, mei in glimk om by te ranen.’
‘Dat hear ik nea fan immen.’
‘Mar se sjogge wol nei dy, dat haw ik sakrekt konstateard.’
‘Ik fernim der neat fan.’
‘Sjoch dan om dy hinne.’
‘Ik soe ek net witte wat ik der mei moast.’
‘Aaie fansels.’
‘Neffens my jout it in protte gedonder.’
‘Mar bist even wat minder iensum.’
‘Ik fiel my no ek net allinne.’
‘Ja, mar dat is in seldsumheid, hast krekt sein.’
‘Dy sykje ik wol op.’
‘Jout dat dan net in protte gedonder?’
‘Nee hear, by ús net.’
‘Mar ik fyn dy wol immen om oan te krûpen.’
‘Dat hoecht net.’
‘It kin wol.’
‘Mar ik soe it net dwaan.’
‘Soest it net wolle?’
‘As ik gek op dy wie, dan sei ik it net.’
‘Wat diest dan?’
‘Dan sette ik de mobile út.’