| |
| |
| |
De bûterblommen fan Omrop Fryslân
Piet Hemminga
‘Hâld ek ús link fan 'e wike yn 'e gaten’, sa ropt de ynternetside fan Omrop Fryslân ús allegear op, mar wa hâldt de Omrop sels yn de gaten? Wat binne de prestaasjes fan de Omrop? De programma's fan de Omrop binne, opmerklik genôch, gjin ûnderwerp fan publyk petear of deistige resinsjes. Mar krekt sjoen de prestaasjes en pretinsjes fan de Omrop, en al it publike jild dat sa stadichoan mei de regionale stjoerder anneks is, soe dat feroarje moatte. Noch ôfsjoen fan it ferlet dat de programmamakkers grif fan reaksje en krityk hawwe: Sis it mar! Sadwaande in oanset ta diskusje.
| |
Rûchskerne
De Nederlânske televyzje levert de sjogger net faak wille op, feitlik binne de aardige en nijsgjirrige mominten yn in wike ornaris op de fingers fan ien hân te tellen. As in jûn ien sa'n momint hat, hoecht men net ûntefreden te wêzen. Mar de measte dagen kin de tiid hiel wat better brûkt wurde as foar it sjen nei de Nederlânske televyzje. Oer it generaal is it net best wat dat medium presteart. Oerflakkens, in soad fan it selde, de iene Amerikaanske pulpseary nei de oare, de kamera as wapen yn de hannen fan programmamakkers, dy't it ferskil tusken brûken en misbrûken net kenne, en dochs wakker grutsk op de eigen prestaasjes. Mar soms stekt ynienen in lyts orchideeke oan de râne fan it mânske mediaravyn de kop op. De rvu, soms de vpro en in oare kear in inkeld nps-programma, binne sokke blomkes op de stjonkende rûchskerne fan sbs6, Yorin en sa stadichoan it grutste part fan de publike omrop. Mar dêr wol ik it winliken net oer ha.
It giet my hjir om de prestaasjes fan ús eigen Omrop Fryslân. Dy Omrop hat net de minste pretinsjes as it om it freegjen om publyk jild giet. En fan de eigentiidske promoasjefideo fan de Omrop spat it elan en de gong ôf. Mar binne de prestaasjes dêr neffens? Spitigernôch litte se it op de Ljouwerter Himrik krekt like raar sitte as dy oare skermfullers.
Ek de resinsinten litte it trouwens raar sitte. It wurk fan de Omrop is gjin ûnderwerp fan publyk debat. Resinsjes besteane net. Blykber wurdt it wurk fan de regionale omrop net sjoen, of, noch slimmer, net iens in resinsje wurdich achte. Fansels, it kin ek sa wêze dat alles wat de Omrop docht by foarried goed fûn wurdt. Ik wol dat lykwols net leauwe, want feitlik giet it mei de televyzjeprogramma's fan de Omrop gjin hier better as mei dy fan Bussum en Hilversum. En dat is net allinne spitich foar de harkers en sjoggers, mar foaral as sjoen wurdt nei de hegere doelen dy't de Omrop tsjinje moatte soe.
| |
Unnoazel
De televyzje-prestaasjes fan Omrop Fryslân binne net allinne op it mêd fan de taal bytiden bot - yngreven - ûnnoazel, de programma's sels binne it ek faker as ien kear.
As de fêste programma's bylâns gien wurde falt as earste de tongersdeitejûn op dy't net maklik ynhelle wurde kin, as it giet om in suver absolute ûnnoazelens. Men tinkt pm-tv moat in
| |
| |
persiflaazje wêze, mar dat blykt in misfetting. Hoe is it mooglik! Spegels, it kulturele program fan de freedtejûn spilet likemin swak by. Resinte hichtepunten wienen de fraach oan in tafallige besiker fan it Fries Museum wat dy wol tocht fan de nije direkteur, krekt ien dei yn tsjinst fan dat museum. En ek it ferslach fan Liet 2001 mocht der wêze. Dat makke yn elts gefal moai dúdlik dat de presintator hiel wat wichtiger is as de stakkers dy't oan dat barren meidienen.
Wat bliuwt der oer? De sportútstjoerings mooglik? Ik wol it net leauwe en ik kin my ek net foarstelle dat immen in tsjinst dien wurdt mei it dagen nei in wedstriid wjerkôgjen fan wat al lang útiten is. De prestaasjes fan de trettjinde klasse amateurs, wa falt der moandeitejûns foar? En woansdeitejûns hat de presintatrise nei healwei achten spitigernôch deselde kwaal as dy fan de freedtejûns. It wûnderlike Sadwaande is blykber foaral bedoeld om sels skitterje te kinnen. Hoewol't besocht wurdt om grappich te wêzen, is de humor fier te sykjen. Allinne de tiisdeitejûns bliuwt noch oer, want de sneons wurdt al it tentoanstelde leed ek noch werhelle. Werheljen heart trouwens dochs al ta it hannelsmerk fan de regionale stjoerder. Breedbyld op tiisdei is fansels radio, mar it is it iennige fêste televyzjeprogram dat bytiden it sjen en it healoere wurdich is.
| |
Hjoed
En hoe giet it mei Hjoed? It is spitich dat de earmoed oan nijs en kreativiteit der mei ta laat, dat as der werklik in ûnderwerp is, de sabeare sjoernalisten elke mjitte ferlieze. Men soe tinke dat de warbere jongelju fan de Omrop mei sa'n ûnderwerp oan de haal geane, mar feitlik is it krekt oarsom. Troch de earmoed oan nijs en de ûnfoldwaande kwaliteit fan de meiwurkers giet sa'n ûnderwerp mei de sjoernalist oan de haal.
Eelke Lok yn aksje op www.omropfryslan.nl
Dat docht him al foar by de meast triviale ûnderwerpen dy't yn it nijs fan de Omrop finaal útmolken wurde. Dat docht him krektlyk foar by werklik nijs, dêr't de programmamakkers dan sa fan ûnder de yndruk reitsje dat alle realiteit út it each ferlern liket te wurden. Hoe faak hawwe de sjoggers nei de Omrop de Keningswei yn Feankleaster al net yn byld hân? De saak-Marianne Vaatstra is kear op kear wer grut nijs. Hoe faak hawwe dyselde sjoggers al net yn de grutte seal fan de Ljouwerter Rjochtbank west? Juridyske en plysjesaken skoare wakker, om't der blykber neat betters is, en om't soks boppedat lekker maklik en goedkeap is. Oebele Brouwer, Harry Oenema en Robert Rambonnet binne de ûnmisbere free-lancers fan de Omrop. Mar fan in eigen krityske of relativearjende bydrage komt yn it gûvernemintele dwaan en litten fan de Omrop neat nei foaren.
Ik wurd altiten in bytsje bang as ús it nijs oansein wurdt. Soks bart mei rôljende r's en brekkende oa's. Elk wurdlid kriget de klam.
| |
| |
Allinne, meastentiids giet it nearne oer. Nee, útsein foar de leafhawwer fan ‘camp’ levert dat net folle wille op. Dat jildt trouwens foar alle Omrop Fryslân-programma's: der falt selden wat te laitsjen. It is allegearre bloedserieus en bot earnstich. Humor is fier te sykjen, wat suver ûnbegryplik is as ik it stik oer de Omrop, okkerdeis yn de lc, leauwe mei.
| |
Waarman
As der gjin nijs is, dan sels it nijs mar meitsje. In lytse enkête oer ien of oar triviaal punt docht it altiten goed, ek al doocht de folge oanpak foar gjin meter en rekket de opmerklik gau lutsen konklúzje igge noch seame. It earste winterke is yn oantocht en de bysûndere waar- en reklameman fan de Omrop begjint fuortendaliks en yn de bêste Hollânske tradysjes mei syn ljocht oer in mooglike Alvestêdetocht skine te litten. Neffens in oar taalwûnder fan de Omrop - hoe fielst dy no? - is hiel Fryslân yn de ban fan de ferwachte Alvestêdetocht. Alle âlde en nije koryfeeën wurde út de wintersliep helle, bylden fan earder wurde fertoand, priiswinners wurde nochris op in rychje set en folle net genôch. En as de temperatuer efkes letter wer omheech giet en de riderij al gau yn it teiwaar ûnder giet, wurdt ús dúdlik makke hoe spitich dat is. Dat it ek sa wêze kin dat net eltsenien op in Alvestêdetocht sit te wachtsjen of om allerhanne reden ferlet fan hegere temperatueren hat, it docht der net ta.
De warbere waarman hat de populêrens fan de hampelman en sil dus noch wol in skoft yn byld of te beharkjen bliuwe, ta argewaasje fan mear minsken as op De Himrik tocht wurdt. Dat syn wurk foar it kommersjele sbs6 allinne al reden is om it kontrakt mei him op te sizzen, sa fier giet it tinken yn de foarkeamer fan it Omrop-bastion fansels net.
| |
Rampestjoerder
Gjin Alvestêdetocht, mar wol tongblier yn it lân. By de Omrop binne se sa bliid as in protter, en hoewol't de sjoernalistike mooglikheden mar beheind binne, wurdt alles út de kast helle om de ellinde fan de boeren en har húshâldings foaral breed út te mjitten. En krektlyk as de kommersjelen dy't dêr al sa sterk yn binne, wurdt foaral net neilitten om in oar syn leed yn it ljocht fan de sjochsifers te eksploitearjen. Neat wurdt oerslein, ek graach de bern efkes yn byld. De rampestjoerder op syn bêst. In molkrider is foar it earst fan syn libben in dei thús en fan hamsterjen is gjin praat, mar de Omrop wit net hoe gau by de ferbûke molkrider of it molkfak fan de supermerk fan Wommels paraat te wêzen. Ommers, net allinne it grutte leed moat ferslein wurde, mar benammen it lytse triviale leed, want dat docht it goed by de sjoggers, sa wurdt der yn Bussum tocht en dus ek op de Ljouwerter Himrik. Wannear sil de earste marmot romme wurde? Lit it efkes witte.
| |
Radionijssintrale
Moarns mei'k graach ris nei de Radionieuwscentrale harkje: it nasjonale en ynternasjonale nijsprogramma fan de mei-elkoar oparbeidzjende regionale omroppen. It programma is, lykas safolle programma's, folslein oerstallich, mar dat hindert op himsels net. It moaie fan dat program is dat allerhanne lûdsbannen draaid wurde mei fragminten út televyzje-útstjoerings fan in dei earder. Sadwaande heart men it ûnderwilens âld nijs nochris en sûnder ûndertiteling komme de moaiste eksoatyske talen foar de mikrofoan del. It geniet wurdt heechstens bedoarn troch de efkes letter ynfallende voiceover fan de sintrale.
Fansels, der is gjin wurd Frysk by. Ek yn de programma's fan de Omrop sels liket trouwens wat langer wat faker en folslein oerstallich
| |
| |
troch de meiwurkers Hollânsk praat te wurden. Mar wat wol men, sa't it yn Hilversum om Hollânsk en Ingelsk giet, sa giet it yn Ljouwert om Frysk en Hollânsk.
| |
Bûterblommen
Fansels, it is net allinne mar leed op de televyzje of earmoed op de radio. Ik neamde Breedbyld al. Sawol de politike as sportive programma's fan Eelke Lok rinne der út. Sippy Tichelaar makket op de radio prachtige dokumintêres. It radioprogram Omnium fan Eric Ennema docht it alhiel net ûnaardich. Op de televyzje krige ik earder suver net genôch fan it nijsgjirrige Blik op souder. En de ploech fan de sneinstelevyzje wit bytiden de moaiste programma's te meitsjen. Mar ien kear sneins kin spitigernôch net it leed fan de hiele fierdere wike weipoetse. Mei troch de wike ek noch hieltiten mear stjoertiid wurdt dat leed, ta myn spyt, hast like grut as de publike stipe oan en pretinsjes fan Omrop Fryslân.
De Omrop hat in geweldich foardiel boppe de oare wrotters en bodders op de merk fan byld en lûd: de minsken dêr't it om giet wenje om de hoeke en fiele har, krekt fanwegen it Frysk, mei de Omrop ferbûn. Wat dat oanbelanget hoecht de Hilversumske trukedoaze net iepen en hat men gjin glamour nedich. sbs6, de Panorama fan de Nederlânske televyzje, hoecht it foarbyld net te wêzen. En it soe likemin dreech wêze moatte om de kar fan de muzyk oan te kinnen, mar de werklikheid sjocht der justjes oars út. Straks ek noch nij Frysk tv-drama: Baas boppe baas. Neffens my hie it jild dêrfoar op foarhân hiel wat better yn de oplieding en foarming fan de meiwurkers ynvesteard wurde kinnen.
Sjoch ris nei it Dútse n3 hoe't it ek kin. Lieding en meiwurkers moatte har nedich ris neier op it wêrom en kinnen fan de regionale omrop beriede. Kies dochs foar deeglike, saakkundige, belutsen en yntegere programma's. Ferjit de neimakke stjerstatus foar de presintators. It earste adagium soe wêze moatte: ‘Omrop Fryslân imiteart Bussum of Hilversum net!’ Meskien kinne de pretinsjes sa wat bysteld wurde en de enerzjy rjochte op behâld en útbou fan dat wat wol goed kin.
In orchidee op de Nederlânske mediarûchskerne is grif te folle frege, mar it soe ek al moai wêze as de Omrop foar in moai boskje bûterblommen soargje soe. En dan no mar wer non-stop-muzyk.
|
|