mar myn grutte foarbyld is Chaim Potòk. Dêr ha ik alle boeken fan lêzen. Hast wolris fan him heard?
(wifkjend)
Nnjaa... Dus do besikest te skriuwen lykas dy Póótok? (op dat stuit fersteurt infrou it petear. In lêzer fan Deby wol graach in boek sinjeard ha. Gysbert sjit oerein) Och hea, ferjit ik hielendal; ik moat myn boeken noch op de ferkeaptafel lizze.
Sjoch, yn myn boek sitte fansels (sykhellet djip) reflektive kursiven.
(goedkarrend)
Just, krekt! Dàt bedoel ik. Sòkke dingen. Dus dêr hast earst wol oer neitocht?
Och..., oer neitocht. 'k Wit net. Dat gie leau 'k min of mear fansels.
(giet der no foar sitten)
Sjoch, sa'n ien as Hylke Speerstra is ek sa begûn. Dy hie ek in ferhaal. No, ik fyn dy earste ferhalen noch altyd it moaist, moat ik sizze. Dêrnei begûn de man hieltyd wielderiger en patetysker te skriuwen. Dat ja.
Moatst hearre, ik ha skoften socht om in foarm dy't by my past, en ik mien dat ik him no fûn ha. En it ynteressearret my gjin grevel oft myn boek literêr fûn wurdt of net. It wurdt lêzen en it rekket minsken. Dat telt foar my. As bliken docht dat my dat net mear slagget, hâld ik dalik wer op fan skriuwen. (Infrou set in bakje apenuten op 'e tafel, dêr't elk in hantsjefol út krije kin. Gysbert stâlt de mûle dalik fol)
Wat fynsto no fan sa'n jûn as dizze? It is dreech harkjen as fiif minsken hast in healoere oan it wurd binne.
(hast ûnfersteanber)
It publyk is oars wakker oandachtich.
O ja? Wêr makkest dat út op? Ik ha hiel oare dingen sjoen. As de tekst de minsken mar even net meinaam, heakken se al ôf. Dat wie dúdlik te fernimmen. Neffens my hâlde se inkeld har fatsoen.
(falt út)
Ach Deby, wat in ûnsin! Hoe soene minsken net trije kertier efterinoar harkje kinne!? Ik kin it dochs ek?
(nimt in hânfol apenuten)
Ja. Dêr moatst fan út gean. Wat ik kin, kin in oar ek. Wat oars.
Gôh. Do bedoelst dat ik ek de Piter Japikspriis winne kin, lykas dy? Te gek.
Mwôôôh... Ik bin tefreden oer myn eigen oandiel dizze jûn. De minsken laken, en it kaam goed oer. En wat de rest oanbelanget...
(lûkt oan de skouders)
Ik ûnthâld der neat fan, ast dat bedoelst. Dat hoecht ek net. Eins ynteressearret it my alhiel net. Of woest soms in gearfetting fan alle bydragen ha. Dat slacht dochs hielendal nergens op?
(krijt wer in hânfol apenuten)
Och, miskien in sin, in ympresje.
Ik fûn dyn ferhaal doe'tst it foarliest noch libbener en moaier as doe't ik it sels lies. Dat