Hearrenfeankultuer: wêze wolle wat jo binne
Bertus Mulder
Fan 'e moarn kaam ús soan fan bêd ôf en it earste wat wy seagen wie in shirt, in sliephimd, mei foarop fean fan, mei fjoer enfaasje. Der binne guon dy't ûnder in Hearrenfean-dekbêd sliepe. Of mei sa'n strik omrinne.
Hearrenfeankultuer. Mar der is mear. It is amper by te hâlden wat der oer Hearrenfean ferskynt. Ik hear ta de lokkigen dy't seis jier lyn it abe!-spektakel fan Tryater meimakke hat. Doe kaam der ek in mânsk boekwurk út: Een pompeblêd als voetbalhart fan Albert fan Keimpema, oer 75 jier Hearrenfean. Dêr stiet in bydrage fan Wio Joustra yn ûnder de kop ‘Ze willen dat de verkering uitgaat’, oer Hil Lenstra-Wisman en har libben mei Abe. Ek Yme Kuiper komt der yn foar. Dy spile begjin jierren santich in tal wedstriden yn it earste fan Hearrenfean en skreau foarich jier it artikel ‘Van Us Abe tot nationaal idool’ (yn it tydskrift Fryslân).
Dan wie der ek noch Abe in Oranje, in publikaasje fan it museum Willem van Haren, en okkerdeis Eppie Dam syn boek oer Foppe de Haan, dat heech stiet yn de nasjonale bestsellerlist. En no dan fan Joustra en Kuiper sc Heerenveen, spelen met traditie. Beide yn it Nederlânsk èn it Frysk.
Der is belangstelling foar de ploech, foar it ferskynsel, Hearrenfean. Wat is it dat soks útmakket?
Der is in byld fan in ploech dy't knap spilet, dêr't aventoer yn sit en dy't it minste reade kaarten oprint. In ploech mei in trener en in foarsitter dy't it langst meigeane yn de earedivyzje. It byld fan in ploech dy't syn saakjes foar elkoar hat. In ploech út in plak mei in namme dy't grutter is as it plak sels. In ploech mei in nij stadion dat hieltyd grutter wurde moat.
Dat is allegear wier, mar it is net genôch. As ik it goed sjoch, komt der noch wat oars trochhinne. Trije saken wol ik neame.
Yn 't foarste plak is dat de skiednis fan de klup. Op it omslach spylje trije fuotballers fan no - Klompe, Radomski en Lurling - ûnder tafersjoch fan in noch jonge Abe Lenstra. Dat is min te ûnderskatten. Myn heit is read en blau, in ynbannich man. Yn de tradysje fan Domela moat er neat ha fan heldeferearing. Mar op syn Kaptein Mobylette siet yndertiid in plakplaatsje fan in man mei in grutte tûfte hier foar de holle: ‘ús Abe’. En ik wit noch dat wy te praten wiene by kunde en dat de radio oangie foar Nederlân-België en dat Abe meidie, ek al wied er hast fjirtich.
Der is fansels in twadde laach: dy fan de ploech út de provinsje dy't it opnimt tsjin de westerske oerhearsking. Hearrenfean wie sa faak kampioen fan it noarden, mar krekt net Nederlânsk kampioen. Abe dy't net opnommen waard yn it Nederlânsk alvetal. Yn 1948 wurdt it al sa sein:
Wy sillefjochtsjefoar ús rjocht,
As't moat mei lûde stimme!
Men moat yn Hollân witte, dat
Wy 't ûnrjocht sa net nimme!
As Hearrenfean yn 1947 wint fan ado, seit Abe: ‘Mar se koene it net ha. Foaral de kranten net.’ En letter seit foarsitter Lotsy fan de knvb dat it spul yn it noarden net minder wie as yn it Westen. ‘Voor vele Friezen was Abe meer dan alleen een begenadigde voetballer. Hij was de trots van Friesland: ús Abe die zeker twee klas-