Medea net iennichste hichtepunt fan Tryater
Piter Terpstra
Yn de foarpublikaasjes en letter ek yn de kritiken like it der op, dat it toanielselskip Tryater nei it jier 2001 tagroeid is mei it spyljen fan in Grykske trageedzje en dat it him weage hat oan Medea fan Euripides, dy't sjoen wurdt as ien fan de grutste treurspulskriuwers yn de Aldheid. Heiner Müller syn Philoktet, basearre op Sophokles syn Philoktetes, dat yn 1989 yn de enoarme romte fan de ôf te brekken elektrisiteitssintrale yn Ljouwert spile waard, soe dan in oanrin west hawwe nei wat goed tsien jier letter in soarte fan bekroaning op it 35-jierrich oeuvre fan Tryater wurde soe. Ik leau der neat fan.
As Medea yndied as it hichtepunt fan dat oeuvre beskôge wurdt dan soe dat betsjutte dat it útkomt boppe wat Tryater mei stikken fan ûnder oaren Shakespeare, Ibsen en Hugo Claus al lang berikt hat. In ûnderlinge fergeliking liket my lykwols ûnmooglik.
As fan Euripides sein wurdt dat er de djipste skûlhernen fan it minsklik hert ûnmeilydsum oan it ljocht bringt en it leed dat de leafde mei him meibringt trochkringend werjout, dan hoecht dat net te betsjutten, dat er dêr yn de fiifentweintich ieuwen dy't nei him kamen ûnneifolchber yn west hat en dat in toanielselskip pas it heechste berikt hat as it syn stikken rjocht dwaan kin.
Dizze trageedzje giet oer djippe leafde, dy't oerslacht yn bline haat. Neidat de keningsdochter Medea de keningssoan Jason holpen hat it Gouden Flues te feroverjen, moatte se nei Korinte flechtsje. Dêr kin Jason kening wurde, at er mei de dochter fan de kening dêre trout. Hy lit Medea yn 'e steek. Dy har grime en
Jan Arendz en Marijke Geertsma as Jason en Medea. (foto Ben van Duin/Tryater)
wraaksucht wurde yn it stik oangripend werjun. Se fergiftiget harren beide bern en slacht dêrnei de hân oan harsels.
Dat in Grykske trageedzje ek yn ús tiid noch oansprekt is in feit dat troch Tryater befêstige wurdt, al hawwe wy al lang oare toanielfoar-