Wiffer as ea slaan ik de wurden op
Piter Yedema
Baukje Wytsma, Kom mei in koer. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2001. 68 siden. f 25.
De 43 gedichten fan Baukje Wytsma har nijste bundel, Kom mei in koer, ûnderbrocht yn seis skiften fan ferskillende lingte, soene neffens it kolofon ‘ûntstien’ wêze nei Thúslûd, har foarige bundel fan 1997. Dat gedichten ûntsteane, wol jin einlik wol oan, hoewol't it wurd poëzij fanâlds tsjut op meitsjen, kreëarjen, makwurk. Wy swarre by de foarstelling dat it gedicht in entiteit op himsels is, dy't by it ûntstean - guon dichters ha it sels oer de ûntdekking fan it gedicht, as hie it der altyd al west - no ienris it breklik medium minske noadich hat, dy ûntrouwe hampelman dêr't neffens Olly B. altyd wat by tusken komt.
By Wytsma is sok ûntstean, as ik goed sjoch, grif wat fan wier en ik helje dat út it foarkommen fan hiel sterke iepeningsrigels fan hiel wat fersen yn dizze bundel. Se sette de sfear, de stimming en soms de ynhâld fan it hiele fers del, en foarmje soms licht farieare der ek gauris de slútrigel fan. Sa'n rigel op te heinen is de helte fan it wurk en it heart ta it goed dokumintearre mystearje fan it dichterskip, dat dy rigel jin samar, wêr dan ek wei, oanwaaien komt.
Dit ferhaaltsje mei faaks nei de lampe rûke, in skriuwtafelprodukt lykje, mar lit no de jonge dichter Tsead Bruinja op in byienkomst fan it Skriuwersboun ûnôfhinklik en iepenbier itselde beweare: ‘Ik haw earnewei in rigel en dêrmei gean ik oan 'e slach.’ (Ljouwert 3 maart 2001)
Rigels dy't my by Wytsma as sadanich ynspirearre talykje neam ik fan: ‘Wat men gjin namme jout hat noait bestien’ (21), ‘Soms fiel ik noch it lichte tippen’ (37), ‘De dea leit oan yn 'e haven fan it ûnthâld’ (58).
Dochs binne har bêste fersen yn myn eagen net folslein autonoom, want se hâlde ûnderling ferbân, ferdúdlikje elkoarren en se binne tige ferweefd mei stimmingen dêr't in gefoelich persoan no ienris oan bleatsteld is.
De bundel is net allinne wichtich fanwege de oantoanbere artistisiteit, mar ek as in moetingsplak mei in djipfielende frou dy't har eangsten, opstannigens en mankelikens wrachtich net ûnbesprutsen lit. By dy opsomming wyk ik bewust ôf fan wat de flap har ‘grutte tema's’ neamt: ‘leafde en dea, freugde en fertriet, striid en fermoedsoening’, omdat dêrmei suggerearre wurdt dat de tsjinstellings mekoar opheffe soene, in lykwicht berikt wêze soe, eat wat sjoen de ûnoploste fragen en begearten gewoanwei net it gefal is.
Om de lêberij oer de flaptekst noch even fuort te setten: ik protestearje tsjin de dêr ferkundige opfetting as soene dizze gedichten ‘njonken de persoanlike toan ek in riper lûd hearre (litte) fan mear algemiene meiminsklikens’. Myn beswier jildt de wurden ‘njonken’ en ‘riper’, want ik begear yn it algemien meiminsklike fan Wytsma no krekt neat sa fûl as just har persoanlike toan, en dan wol sa grien en spontaan mooglik.
Wytsma dy't krekt as elk dy't de pinne tille kin der faak foar frege wurdt, is bêst by steat en skriuw in meinimmend gelegenheidsfers. Fansels skaait soks mear út nei it minder winsklike makwurk, wierskynlik de reden om har Sim-