In fers skeind
Op de F-side fan 4 maaie skriuwt Wim van der Schaaf dat der noch altyd Dútske oarlochsmisdiedigers har straf ûntrûn binne. Yn dat ferbân hellet er trije rigels oan út Freark Dam syn fers ‘De Joadebern’:
Joadesoan Jezus, wol ús bidden hearre.
Lit nea in joadebeul ynfrede stjerre,
Nim wraak foar juster enfoar hjoed en moarn.
Mar Van der Schaaf lit mei opsetsin de lêste rigel fuort, want moederaasje mei sokke beulen is om him net nedich. Wa't it gedicht net ken wit dus ek net wêr't it om giet en wa't it àl ken sil it opfalle dat it raar tekoart dien wurdt.
Freark Dam hat it yn syn fers oer Roos Cohen, dy't net by har poppen bliuwe mocht en as in beest swypke waard, oer de lytse David Turksma, dy't brûkt waard as sjitskiif foar revolvers, en oer Isy Leefsma, dy't se op in moarn deagewoan deaskopt hawwe.
It lêste part fan it gedicht is:
Mar wegerje heechhertich, wegerje beslist:
Ferjou de moardners nea, ferjou nea de fascist.
Joadesoan Jezus, wol ús bidden hearre.
Lit nea in joadebeul ynfrede stjerre,
Nim wraak foar juster enfoar hjoed en moarn.
Joadesoan Jezus, sjoch ús net sa oan.
Troch it weiliten fan de lêste rigel wol Van der Schaaf de eagen fan Joadesoan Jezus dus ûntwike. Mar dat er syn lêzers misliedt en in gedicht dat in slotrigel hat om djip oer nei te tinken, ferminkt, is in tekoartdwaan oan de dichter en syn oangripende fers.
Piter Terpstra