Libbenselikser
Jitske Kingma
Draaie
It draaide allegear wat yn it grôtfolle kafee. De gesichten mei switdrippen, de folle glêzen, de ljochten en de healbleate liven fan de mannen fan de betsjinning boppe koarte spikerbroeken. Ik hie it lêste rûntsje oerslaand sild, want der siet my mear wyn yn it liif as ik ornaris ha woe. Mar dy brune eagen fan de ûnbekende dy't my it glês oerjoech makken in nee ûnmooglik.
‘Drok!’ raasde er yn myn ear, net botte orizjineel.
Ik knikte en sei: ‘Lekkere wyn,’ allike stupide en ek noch net iens wier.
Hy knypeage en pakte myn earmtakke beet. ‘Ik fyn dy ek lekker.’
‘Ik hie it oer de wyn.’
‘De wat?’
‘De wyn.’
‘Dyn wat?’
Ik gong noch tichter by him stean en raasde:
‘Lit mar. Ik ferstean der gjin hout fan.’
‘Troud? Bist troud?’
‘Neehee.’
Hy helle de skouders op in bearde dat er hiel close mei immen oan it dûnsjen wie.
Hy hie in prachtich liif, strak, slank en lang. Hy slingere him om him hinne, luts my nei him ta, draaide wer fuort, it duzele my der fan.
‘Ik wol wol... foar ien...’ sei er en helle my wer oan.
Ik fielde my eins wol lekker. Wazich en rûzich, los en lollich. It wie in moaie jonge. Hy hie it krekt útmakke mei syn freondinne, fertelde er my doe't wy inoar noch ferstean koene. Mar yn 'e buert fan 'e bar, dêr't wy sûnder dat ik it yn 'e gaten hie telâne kommen wiene, dindere it allemachtich.
En ynienen wie er samar in pear meter by my wei. Ik hie him net fuortdûnsjen sjoen. De oare gesichten by my yn 'e buert wiene ek justjes oars. Der wie samar in oare jonge, dy't my in wyntsje joech. Pas doe hie ik yn 'e gaten dat de hiele bar yn de flier draaide. En elk dy't in heale meter fan de taap ôf stie, draaide mei. Stadich, hiel stadich. Dizze jonge lei fuort de earm om my hinne en raasde yn myn ear:
‘Satee iten?’
‘Nee, ik haw noch.’
‘Moai rûntsje.’
Neffens my waard dit wat te plat en ik stapte in heale meter fansiden. De jonge bleau stean en draaide troch. Syn glês stie noch op in taffeltsje. Even letter stapte ik wer op en draaide de kroech opnij om my hinne. De jonge mei de prachtige brune eagen hie in oar om tsjin te razen. Hy dûnse.
Ik stapte op en ôf en op en ôf. Hieltyd grappiger, sa'n draaibar. Ik hie iderkear samar in earm om my hinne. Hearlik, luchtich, maklik. Ik rekke de tel fan de wyntsjes kwyt en fûn de minsken aardich en moai.
Om in oere as seis draaiden se de ljochten op. Ynienen seach ik de freondin wer mei wa't ik kommen wie. Se hie myn brúneagige begjinfreon oan 'e lippen.
‘It draait om leafde,’ sei se doe't se my seach.