| |
| |
| |
It toaniel
Ulke Brolsma
It wie in echte fikse winterdei. De sinne skynde my sa allemachtich fûl yn 'e eagen, ik koe hast net yn it ljocht op sjen. De loft wie sa blau, de grûn hurd en gjin suchtsje wyn. It wie rûnom deastil. Der wie nimmen oars op de wrâld as ik. Fan 'e moarn bin ik der foar it earst allinne op út gongen. In kuierke is goed foar my, tocht ik sa. Ik bin hjir no op it lest in wike en ik wolris wat mear fan 'e wrâld sjen. It is hjir sa moai, sa sûn, jo rûke de frisse lucht. En dan dat teare laachje snie dêr't noch gjin minske yn rûn hat.
Myn dochters, ik hie se hjir graach by my hân, mar sy ha gjin nocht oan my. Eigentlik wolle se my hielendal net sjen. Ik snap soks net. Se binne no al achttjin en njoggentjin. Se ha ek freonen. Hat dy Elisa fan my dan nea dat gefoel hân. Hat se dan gjin weet hoe't it is as in man nei jo sjocht. Dêr't je weak fan yn 'e búk wurde. Sa slim dat jo de grûn dêr't er op rint mei jo bleate hannen fiele wolle. Ik hie it. Ik ha it noch altyd.
It komt net werom, dy tiid doe't ik achttjin wie. Ik dream derfan. Spannend wie it, alle dagen op 'e nij. Dy Elisa en Barbara fan my, hoe soene sy dat belibje? Of ha se mear it bloed fan Geart? As dat sa is, no dan geane grutte parten fan de wrâld oan har foarby. Geart, Geart, o hoe koe ik sa stom wêze. Wêrom dy krekt? Ik kin my noch wol foar de harsens slaan.
Se hiene noch ferskate dingen yn 'e auto lein. Op it lést kaam Geart noch mei de klarinet. ‘Dy soe ik ek mar meinimme, dêr ha we hjir gjin ferlet mear fan.’ Syn mem stie op de treppen. Ik koe allinne har fuotten mar sjen, mei dy ûnsjogge brune nylons. Se hie alles yn it brún, har jurk, blûze, klean, skuon. Geart hâlde wol fan dy kombinaasje. Hy hie my ek frege sokssawat oan te dwaan, yn it blau bygelyks. It idee allinne al...
Yn it doarp wie ik hast de iennichste dy't de klean net by c&a of soksoarte saken kocht. In grutte stedsmadam, waard ik neamd. Dat wist ik wol, mar ik wie der ek in bytsje grutsk op. Ik wie op it lêst ek net samar immen al wie ik dan mei myn Geart troud. Heit wie spesjalist by it sikehûs. En dat striele yn dit doarp dochs ek op my ôf.
Noch gjin moanne ferlyn hie myn foto grut yn 'e krante stien. Christina Dupuis is Nora wie de kop yn plechtige swarte letters. It wie myn grutte rol by it Goattumer toaniel, de moaiste rol dy't ik ea spile ha. Yn it doarp wie ik efkes in stjer. Yn stee fan twa foarstellingen gong it stik noch fiif kear oer de fuotljochten. Minsken út it hiele gea kamen derop ta. It wie in triomf.
| |
| |
We waarden frege om Nora yn It Fean te spyljen yn de grutte seal fan de skouboarch. Dat wie noch RIS wat oars as de seal fan hotel Brinkman yn ús Goattum. It wie útferkocht. Troch my fansels. En dan al dy stikken yn 'e krante. Dy brieven fan minsken dy't wat te jeuzeljen hiene oer houlikstrou. Argewaasje, dat wol, mar der hie ik doe allinne mar wille om
De oare spilers fan it Goattumer toaniel fielden earst neat foar dat drege stik. De Spaanse Vlieg, dat wie in moai stik, dêr krigen jo de seal slop fan laitsjen mei. Hanna wie de iennichste dy't ek wat oars woe nei't se Shakespeare yn Diever sjoen hie. ‘Dat kinne wy ek,’ hie se sein. As dy Drinten dat foar elkoar krije, wêrom soene wy yn ús doarp soks ek net op priemmen sette kinne? De oaren wiene der net echt tsjin, mar entûsjasme, nee it hâlde net oer.
In pear wike letter hie Hanna in stikmannich boekjes by har. ‘Boargermansbrulloft, Bertolt Brecht’ stie op it omkaft. ‘As we dat spylje dan binne wy hielendal by de tiid. Lit se yn Diever mar moai yn it ferline omdangelje; Brecht is de nije tiid, ús tiid. Syn stikken wurde oeral spile yn Berlyn, Londen, Amsterdam. En yn Goattum.’
De nije regisseur woe der net oan. ‘Moai stik,’ sei Marten Scheepstra, ‘mar ik bin net sa op Brecht. Dy man hâldt it mei de kommunisten. Elk moat fansels witte wat er docht, mar lit se dat foaral yn East-Dútslân spylje. Ik ha hjir wat oars foar jimme. Nim it mei nei hûs, lês it, nije wike prate we deroer.’
Sa wie it begûn. Nora hiet it stik. Ik hie der noch nea fan heard. En ek net fan Ibsen, de skriuwer.
Ik lies Geart it ein foar as Nora by har man wei giet; se wol net langer mear as in poppe by him yn 'e hûs libje. Hy gnúfde wat. ‘Moatst do dat spylje, dy frou dy't har man mei de bern sitte lit? Moaie rol.’ Ik ha him doe it hiele stik ferteld. Ik fûn it sa prachtich. Hy net, hy siet te krantelêzen en seach sa no en dan efkes op. Ik koe dy kop wol efter de krante wei slaan.
As famke fûn ik toanielspyljen al sa moai. Yn it grutte hús yn Sint Nyk koe ik de hiele dei spylje mei noch folle mear bern. ‘Dy binne allegearre in bytsje wurch,’ sei ús heit, ‘en do ek, hjir kinst wer wat bykomme.’
Ik fûn it wol goed, want sa'n grut gebou, al dy minsken, ik fergeat samar dat moaie hûs yn de Spanjertsleane, yn Ljouwert. Heit kaam sa no en dan lâns. ‘Wer is mem,’ frege ik. ‘Dy fielt har net sa goed,’ sei er altyd. Ik frege net fierder. ‘Heit, ik bin hjir de keninginne.’ Hy seach my oan mei dy grutte grize eagen. Der sieten fan dy lytse ljochtsjes yn dy eagen, fûn ik altyd. Hy wie grif bliid soks te hearen. ‘Keninginne, do?’ Hy glimke. ‘Ja heit, ik spylje keninginne en se dogge allegearre wat ik sis. Dat is sa moai heit.’ Heit be- | |
| |
wûndere my, sa fielde ik dat doetiids.
Dat spyljen, dy klean. Ik woe alle dagen wat oars oan. Fan lapen, handoeken en wat al net mear makke ik nije kostúms. Ik frege hieltiten oan oaren om mei te dwaan. Wat ha ik doe dochs in wille hân. Dy Alice mei har lyts swarte kopke wie krekt sa'nien. ‘Wannear moat ik wer nei hûs heit,’ frege ík in kear. ‘Do moatst neat Christina, do bliuwst hjir mar oantsto wer sterk genôch bist. Kin it al? Wat tinkst.’ Dan skodholle ik. ‘Nee heit, noch net.’ Wêr koene jo better libje as hjir. Hjoed prinses, moarn keninginne, dan wer gravinne. Thús wie it allegearre mar wat toar. Dy húskeamer dat koe dochs nea in troanseal wêze. En mem, nee.
Wêrom ha ik der dochs sa lang oer dien om by it toaniel te gean. Ik ha dochs altyd witten dat ik it koe. Wat fûnen se my dêr yn Sint Nyk prachtich. Se kamen altyd om nei my te sjen. De susters en soms ek in pear broeders. Se moasten altyd laitsje. Allinne, se laken altyd wannear't ik it net woe. Dat wie sa steurend. Dêr moasten jo wat oan dwaan kinne. Ik rôp ek wolris ‘hâld op mei laitsjen’, mar dan gniisden se wat.
No laken se net mear om my, net yn Goattum en net op It Fean. Dit wie echt toaniel, in echt grut drama. En ik, Christina Dupuis wie de haadpersoan. Ik ha se yn Goattum sjen litten dat it houlik neat oars is as in poppehûs. Ik tocht doe noch dat Geart dan ek snappe soe hoe't ik my fielde. Hy brûkte my. Ik wie der foar de bern, syn sokken en it iten. Jûns wurke er ûnder op kantoar. Der wie altyd wat te rekkenjen of noch efkes nei te gean. Dan siet ik mar boppe. De fammen gongen meast nei har keamers. ‘Ja mem, we ha hûswurk,’ seine se. Ik hie nea sa'n protte huswurk as dizze twa fan my.
Ik siet yn dy tiid alle jûnen mei Nora op skoat. Ik lies en ik lies it stik wol tsien kear. Wat in frou dy Nora, sa helpleas, in frou dy't der allinne foar stiet. Alles hie se foar har man dien en dy omkoal wist fan neat. En doe't er it hearde, doe skamme er him. It skandaal, it skandaal. Wat soene de minsken sizze. Sa is Geart ek, bang foar alles wat in bytsje ûngewoan is. Der kin praat fan komme, dat lei him yn 'e mûle bestoarn.
Henk fûn it allegearre wol moai. Hy sei it daliks doe't er my foar it earst seach. ‘Wêr fynst sokke klean? Hjir dochs net yn Goattum?’ Ik moast laitsje. Hy stie dêrmei syn brún gesicht. Dat swarte hier, dy dûnkere hûd. En goed yn 'e klean. Net dat hiel aparte, mar dochs ek net wat al dy manlju út Goattum altyd drage. Hy koe sa laitsje, hy hie sa'n wille. Dy grapkes, dat snoade praat. Hy wie de nije man by it toaniel. Martin Scheepstra hie himsels útsocht en meinaam. Henk wenne yn Ljouwert, mar kaam alle kearen mei Scheepstra mei. ‘Hy spilet goed en sa'nien kinne we hjir wol brûke.’ We
| |
| |
hiene dy beslissing akseptearre, hoewol't it gjin gewoante wie om spilers út oare plakken meidwaan te litten. En Henk wie goed, dat koene jo sa wol sjen. Dy losse manier dêr't er mei oer it toaniel run. It like krekt as wie er yn syn eigen húskeamer.
Hy spile Krogstad, de glûpert, de boekhâlder fan myn man, dy't wit dat ik, Nora, yn it ferline de hantekening fan myn heit ferfalske hie op in skuldbekentenis oan him. Krogstad soe de ferfalsking ferriede oan myn man. Hy soe it net dwaan as ik der foar soarge dat hy, Krogstad, syn baan hâlde by de bank fan myn man. En oars? Dan wie der it skriftlik bewiis fan myn ferfalsking. Dan soe er nei myn man gean. Sa hie Ibsen it bedoeld.
By de repetysjes wie it krekt echt. Henk wie Krogstad, hy rûn by de earste repetysje noch mei it boek yn 'e hân, want we koene de tekst noch net út 'e holle. Hy foel my oan, sa falsk, sa gemien, ik waard der suver kjel fan. Wat in rotminske dy Henk, tocht ik op dat stuit. Ik fûn him sa gemien, ik tocht dat er my echt yn 'e besnijing nimme woe. Ik wie skrokken. En dat liet ik goed fernimme. ‘Wat spylje jimme dochs geweldich, sa moat it, sa is it goed, in merakel,’ rôp Hanna. De oaren wiene der ek wei fan. As ik Henk sa tusken de oaren stean seach, dan twifele ik. Wa is Henk, is hy yn 't echt ek sa gemien? Mar dat duorre net lang. Ynienen wie er wer dy Henk, mei syn hege laits, de hannen dêr't er hieltyd fan dy grappige meneuvels mei makke.
‘It gong ferrekte goed,’ sei er, ‘mar it kin op in pear plakken better.’ Sa rekken wy nei de earste repetysje oan de praat. Hy lei út wat er woe en ik harke en harke. ‘Do meist ek wol wat sizze. Bist it dermei iens of wolst it oars ha.’ Geweldich, dat er my dat frege. Ik doch altyd wat de regisseur seit, dan is it wol goed, tink ik. En as ik wat oars wol, dan fertelle se my altyd dat ik it by de ferkearde ein ha. Dêrom liet ik it allegearre mar gewurde. Mar dy Henk dy woe wite wat ik fan syn spyljen fûn, oft er it oars dwaan moast.
Henk wie yn Ljouwert boekhâlder, krekt as Krogstad. Fan sokke minsken tocht ik altyd dat se droech binne, altyd oan it rekkenjen, altyd mei de holle yn 'e boeken. Henk wie sa net, hy hie it noait oer syn wurk. En ek net oer syn frou. Doe't Marten Scheepstra him frege oft syn frou dy jûns thús wie, begriep ik dat Henk gjin....? wie, mar in kreas troude man. Dat joech my ek wat rest, want ik moat sizze dat ik nei dy earste repetysje hieltyd oan him tocht. Sa't er my as Krogstad tasprutsen hie, syn bewegingen, dy eagen dy't my sa gemien oanseagen.
Nei dy twadde repetysje hawwe wy noch wat dronken. Ik wie wat hoeden om te sizzen wat ik tocht, want ik hie it faak genôch meimakke dat minsken der argewaasje fan hienen as ik my oppenearre. Dat hie ik as bern al. Op dat ynstitút yn Sint Nyk seine se ek hieltyd dat ik net sa folle út 'e wei
| |
| |
sette moast. Mar wêrom net? Wêrom swije tocht ik doe. Dat wie it moaie fan Geart. Yn it begjin dan wol. Doe harke er nei my. Hy sei noait in protte werom, mar ik fielde dat er in minske wie. Ik wie net allinne. Geart hâlde my net tsjin as ik wat útlizze woe. By ús thús sette ús mem de bile der daliks yn. Us mem woe net prate, net mei my yn alle gefallen. Geart waard letter oars. Net yn ien kear, mar sa stadichoan. De lêste jierren sei Geart meast: ‘Hâld dy de bek.’
Nei trije repetysjes ha ik Henk frege hoe't syn frou hiet. Hy lake wat.
‘Hoe wisto dat ik troud bin?’ frege er. ‘Dat wit ik, dat witte wy hjir allegearre.’
Ik ha har ien kear sjoen. By de premiêre siet se foaroan yn 'e seal.
Doe't ik har dêr seach, hie ik mei Henk te dwaan. Wat moast sa'n man lyk as hy dochs mei sa'n snoad klaaid frommeske. Dat rare mantelpakje. Alhiel út de tiid. Ik tocht wat spitich dat sa'n man mei sa'n sjutsje troch it libben moat. Dat Henk wat yn dy frou seach, der siet gjin krûmke fantasije bij, it like myn skoanmem wol. Hoe koe soks dochs bestean?
Van der Wielen hie my al ris ferteld dat it tusken dy twa net goed siet.
Mar de twadde foarstelling wie se der wer. Mei har dochter. Dat wie nij. ‘Wa sit der neist dyn frou?’ ‘Dat is Martine. Sy is al wer trettjin. Flinke faam hear.’ Hy glimke.
Dêrnei ha ik dy beide nea wer sjoen. Wol fan heard, o heare ja. It skaad fan dy twa falt alle dagen wer oer my hinne. Se binne der net mear, mar ik sjoch se alle dagen wer foaroan sitten yn dy grutte seal fan Goattum.
Wêrom se it dien hat begryp ik noch net. Se koe dochs bêst sûnder dy man. Wat koe se no mei him. Mei dy Henk. Se hiene dochs neat te bepraten. En as frou? Ik koe my net foarstelle dat dy prachtige Henk mei dat frommes... Ik woe it net iens witte.
Se hiene har fûn yn it Van Harinxmakanaal. Wat in plak. As jo soks dogge sykje dan dochs in gaadlik stee. It is jo lêste died yn it libben op dizze wrâld. Meitsje der dan in foarstelling fan, soe ik sizze. Mar in deagewoan kanaal. Henk wie der net. Fansels net, wat moast er dêr noch. Oan de oare kant, it wie ek wol maklik. Sy fuort, it makke de kar foar him fansels al in stik nofliker.
Wat is de snie hjir yn dizze tún dochs moai. It paad is noch sa wyt. Der hat hast gjin minske rûn. Ik folgje de spoaren fan in kat. Dy lytse plofkes yn it wyt. Wêr soe dat bist hinne wolle? Ik wit it net, mar wêrom sil ik him net folgje. Is der wat oars te dwaan? It is hjir sa kâld, sa near. Der binne gjin minsken dy't om my laitsje wolle. Ik doch sa myn bêst. Krekt noch by it kofjedrinken. Ik tocht, ik sil se wat fertelle oer hoe't ik yn Goattum op it toaniel
| |
| |
stie. Se rûnen fuort. By my wei, it grutste talint fan Fryslân. Dat skreau dochs de Ljouwerter. Soene se dat wol witte fan dy krante. Ik ha him net mear by my. Se ha my alles ôfnommen. Oars koe ik it se sjen litte. Spitich.
Geart sei dat ik mar wer ris nei Sint Nyk moast. Wêrom, haw ik him frege. Der is dochs neat mear mei my. Ik wie eartiids in drok bern. Us mem koe der mar min oer. Dêrom gong ik sa no en dan nei Sint Nyk. Us heit hat dat altyd sein.
Geart woe trochsette. ‘It is better foar ús allegearre,’ sei er. ‘Dan kinsto dêr wat útrêste fan it toanielspyljen.’ Och, tocht ik doe, wêrom net. Efkes der tuskenút. Mar Henk dan, Henk, wat soe dy wol tinke. Ik yn Sint Nyk, dan wol er neat mear fan my witte. It wie no sa moai. Wat in man, wat in ferskil mei dy Geart fan my. Dat wie mei muoite noch ris ien kear yn 'e wike. Meastentiids hie er gjin sin. As ik him dan oanhelle, suchte er en sei dat it moarn wer in drokke dei wie. No, wêrom soe ik dan net mei Henk? Ik ha it by myn folle ferstân dien. Ik wit dat jo as troude frou soks net dwaan meie. Mar der binne dochs omstannichheden? Of net? As jo man jo net mear wol. Syn sekslibben is miskien mei pensjoen, mar sa leit it by my net. Mei Henk hie ik in ryk libben. Wat wie it dochs oars as jo mei dy man wiene. Jo fielden jo sa ryk, ik hie in wrâld, in eigen wrâld, de Christina-wrâld. Dy bestie no echt, foar de earste kear. Ik koe mei him ek mear as iksels ea tocht hie. Ik fielde my lokkich. Dat koene jo miskien ek wol op myn gesicht sjen. Soe dat it wêze wêrom't Geart my nei Sint Nyk ta ha woe? Dan koe Henk fansels net mear komme. Mar soe er it witte?
Hanna liet noait wat merke. En sy soe it my daliks fertelle as der oer praat waard.
Nei Sint Nyk betsjut gjin Henk. Ik soe syn lichem net mear fiele. Dat koe net. Ik ha wegere. Plan-út sei ik tsjin Geart dat it miskien foar him tiid waard om ris nei Sint Nyk te gean. ‘Do likest my nei tweintich jier in man dy't noch mar foar in lyts partsje bestiet. In hiel lyts partsje mar. De rest is stoarn. Ik libje, dat kinsto ek sjen. De minsken fine it prachtich wat ik doch. No sit ik noch by it Goattumer toaniel, mar Martin Scheepstra hat al ris sein, dat der by de ploech yn Ljouwert ek foar sa'n keunstneresse plak is. Ja Geart, hearst it goed, der is plak foar my by it grutte toaniel. Martin Scheepstra hat sein dat der rûnom oer my praat wurdt. Do bist it grutte talint yn dizze provinsje, dat wit elkenien dy't hjir wat mei toaniel te krijen hat. Dal sei Martin Scheepstra en dy kin it witte. Bliuw do hjir yn dyn winkel, yn dyn saak sitten. Yn Goattum kin elkenien dy. Mar dêrbûten. Nimmen hat weet fan dy en dyn saak. Ik sil der foar soargje dat de hiele wrâld myn namme ken. Ik wurd ferneamd.
| |
| |
De jûns dat it wiif fan Henk fûn waard, stie er ynienen by ús foar de doar. Geart die iepen. Ik hearde wat praten en tocht nearne oan. Henk hie fansels dy middeis wol skille om te sizzen wat der bard wie. ‘Dan hoechst it net út 'e krante te lêzen.’ Ynienen skeat dy stim út. Ik hearde it fuortendaliks, der wie mar ien man dy't sa'n stim hie: Henk. Se gongen nei it kantoar fan Geart.
Ik koe it net litte, ik bin der hinne slûpt.
‘Dat hat dyn frou taret,’ hearde ik Henk roppen. Ik tocht, hy soe roppe dat er my helje soe, dat er noch mar ien op 'e wrâld hie en dat wie ik. No't syn eigen wiif oan 'e kant wie, like my dat logysk.
Ik hearde Geart wat mompeljen. Yn dit soarte fan situaasjes wie er noait sterk. As minsken begûnen te balten liet er de holle gau sakje. Mar moai, einlings fertelt Henk it himsels dat der wat tusken us is, no komt it goed. Dan moat Geart my wol gean litte. Ik waard hielendal slop yn 'e knibbels. Nimmen wie ea sa foar my opkomd. Dat er deselde jûns nei't syn eigen frou yn it kanaal fûn wie, hjir al om my kaam.
‘Witsto wêrom se har ferdronken hat?’
‘Nee, nee,’ hearde ik Geart sizzen.
‘Dyn frou hat oeral rûnstruid dat ik mei har op bed gong. Se hat dy freondinne fan har, dy Hanna, sels ferteld hoe't we it diene. Sy is de moardner. Sy hat myn frou ombrocht. Hjir lês de brief fan myn frou. It stiet der allegearre yn. Troch har rabjen, har wylde fantasijen is myn frou dea en myn dochter...’
It lûd foel efkes wei.
‘Ik gean nei de plysje en jou dyn frou oan.’
Ik hearde neat mear, ik woe neat mear hearre. Net wier, net wier, tocht ik. Wat kin dy man fantasearje. Ik ha dochs neist him lein. Hy hat my dochs oer myn boarsten strutsen. Ik ha syn tonge dochs echt, echt wier field. Hoe kin er dat no sizze.
‘Nee,’ hearde ik Geart no hiel lûd roppen. ‘Doch dat net. Ik wol gjin skandaal. Wy moatte prate.’
‘Wat kin my dat skele? In moardner is in moardner, it docht der net ta hoe't jo immen ombringe, mei in mes of mei jo tonge.’
‘Asto net nei de plysje giest...’ En doe koe ik neat mear hearre. De stimmen waarden no sêfter. Rêstiger. Geart hâlde in hiele ferhanneling. Ik hearde wol in kear Sint Nyk. Ik stie dêr op dy kâlde gong en waard sels ek hielendal kâld. Dat sa'n man sa lige kin, alles fan jo ôfskowe, al dat moaie wat we tegearre hân hawwe.
Geart raasde ynienen: ‘Man ik wol jo alles jaan wat jo mar wolle, mar doch it net, doch it net.’
| |
| |
Wat se ôfpraat ha, ik wit it net. Mar ik wie ynienen ferneamder as ik ea tocht hie. Dat ferdomde minske yn it Van Harinxmakanaal. De kranten begûnen der oer te skriuwen. De Ljouwerter kaam mei it ferhaal oer in frou dy't de dea socht hie. Se koe it net ha dat har man, de bekende amateurtoanielspiler Henk Bruinsma, wat hie mei syn tsjinspylster. Sa stie it net yn 'e krante. Dy krante skriuwt in hiel oar ferhaal, mar dat wie fansels allegearre net wier. Se fantasearje mar wat by sa'n redaksje. De leagen regearret by dy sjoernalisten. No sa is it. Se hiene it fansels oer Christina Dupuis de grutte toanielspylster, dy't Henk Bruinsma... Och skreaunen se dat mar. Dan wit de hiele wrâld it einlings mar ris in kear.
Soks heart dochs by de karriêre fan in grutte toanielspylster, dat minsken harren foar jo ombringe. Wie ik net goed op wei? Ik koe it dochs net helpe. En jo moatte sa mar tinke, sokke krantestikken binne net moai, mar jo namme, jo namme stiet alle dagen yn de krante. De minsken sille de namme Christina Dupuis nea ferjitte. En as ik dan strak wer op de planken stean sitte al dy sealen grôtfol.
Geart wat woe dy Geart no. Soe er my de doar útgoaie. As er in bytsje in keardel wie dan die er dat dochs. Dan hie ik fansels myn Henk, dêr koe ik sa hinne. Mar Geart sei net safolle. De stommeling hie hielendal ferleard him te uterjen.
Us dochters hie er nei syn mem ta brocht.
‘It is wier,’ ha ik doe tsjin him sein, ‘ik bin dy net trou. Ik ha in oar. Do hast my al jierren sitte liten. Ik wie troud, mar hie gjin man. Is it myn skuld? Wis, ik woe it sels. Doe't ik Henk seach, wist ik dat is de Geart sa as ik dy ha woe. En sa wiesto yn it begjin in bytsje. Krekt as Henk. Mar dat gong hurd oer. Do hiest dyn eigen dingen, dy belangrike saak fan dy. Ik bin mei in oaren gong. Wis, tusken ús wie it al lang út. Mar sels dat hasto nea yn 'e rekken hân.’
Wat wie er doe lilk wurden. Sa hie ik him noch noait sjoen. Wat siet er doch hieltyd oer Sint Nyk te razen. Dat er der te let efterkommen wie. ‘Dy heit fan dy, dy smycht hat der goed om tocht my nea it hiele ferhaal te fertellen. Dy tocht as se troud is, is se moai ûnder de pannen. Ik bin der fan ôf.’
Dat ús ynleave heit sizze soe dat er fan my ôf woe. Dy skat fan in heit, ik moast sa gûle doe't er dat sa sei. De bêste heit fan 'e wrâld dy't my altyd sa holp. Dat ha ik Geart doe sein.
‘Us heit hat my altyd holpen, hy harke nei my. Hy begriep my.’
‘No, ik begryp dyn heit ek bêst. Dy wist wat der mei dy wie. Dy hie dy al lang ôfskreaun doe't er wis wie. Jim heit hat alles dien om it nimmen witte te litten. Dyn freondinnen wisten dochs ek net datsto yn Sint Nyk sietst.
| |
| |
Hiest dochs mei jimme heit ôfpraat datst in pear moanne nei in omke yn België gongst. Hy hat mei dy dochs repetearre as bern fregen watst dan sizze moast?’
‘Nee, nee heit en ik diene dan in toanielstikje. Hy die my foar en dan moast ik it neidwaan. Ik ha letter nea wer sa moai mei in man spile!’
Och wat is de wrâld dochs wyt, En dy kat dy rint mar troch. Wat kin ik hjir oars dwaan. Ik rin ek mar sa yn 'e rûnte as dat bist. Dy wit dochs ek net hoe't dizze grutte minske wrâld yn elkoar sit. Sjoch, hjir binne wat wetterdripkes fan 'e takke op de snie telâne kommen. Allegearre lytse dripkes yn it snietek. Jo soene der amper trochhinne stappe wolle. Jo meitsje dan sa'n protte kapot en dat wol ik dochs net? Mar ik kin net oars, ik moat wol, want dy kat, dy kat is hjir ek net ophâlden. Fierder mar, fierder, wat is sa'n park dochs ûnbidich grut, der komt gjin ein oan. Of dochs wol, dêr yn 'e fierte, stekt in stik fan in bank boppe de snie út.
Ik sei tsjin Geart dat ik nei de begraffenis fan Henk syn frou woe. Dat is dochs it minste wat ik foar Henk dwaan koe. Him dochs in bytsje ta stipe wêze yn dizze minne tiid. Ik hie al nei Ljouwert west en hie my dêr ris moai yn it swart stutsen. De minsken moatte op it lêst sjen kinne dat jo net allinne op it toaniel in fantastysk minske binne. Ek yn jo publike optredens ha jo in plicht as keunstner. Jo moatte wat útstriele, sadat se de azem ynhâlde.
Ik pakte de klean út en ha se efkes oanlutsen. Ja ús dochters wiene der net mear; dy sitte mar by beppe en litte har gesicht hjir net mear sjen. Ik bin doe efkes yn it swart it kantoar fan Geart ynstapt.
‘Sa gean ik moarn.’
‘Wat moarn,’ sei er wat ferstruid.
‘No nei de begraffenis fansels fan de frou fan Henk.’
Doe seach er foar it earst op. Hy stoarre nei my. Hy beseach hast elke tried fan myn klean. Gjin wurd. Dy man koe dochs wolris efkes sizze dat ik er goed útseach.
Neat, neat.
‘Derút do, derút, nei boppen. Ik kom daliks. Fuort, fuort.’
Juns binne se kommen. Ik hie de swarte klean oanhâlden. Ik fûn it wol tapaslik om de dei foar de begraffenis al fêst yn it swart te wêzen. Ik ha noch efkes besocht om Henk te skiljen. Ik krige dy grouwe faam, dy Martine foar de tillefoan. Doe't dy myn stimme hearde hat se de hoarn der op goaid. Dochs net normaal sa'n reaksje. Ik soe krekt sizze hoe't it my spiet fan har mem. Ja, jo wolle dochs jo fatsoen hâlde.
| |
| |
Doe stiene se boppe. Ik koe dy unifoarmen noch wol. De gesichten net, dy wiene fansels nij. It is al salang lyn dat ik der west ha. Ik bin mar meigien. As se no allegearre wolle dat ik efkes rêst ha, wêrom soe ik dat dan ek net dwaan?
Dêr wie dochs in fiver? Ja hear, ik wit it noch wol fan doe't ik in famke wie. Se warskôgen altyd, kom net te ticht by it wetter, want it is sa djip. No leit der in moaie laach iis op. Dat is myn toaniel. Sjoch ris it is sa moai egaal run, it is krekt in Gryksk teater. Dat ik dochs oeral in toaniel tsjin kom, sels yn 'e snie. Wol dat net wat sizze? Sjoch, dy kat is dêr ek hinne gongen. Ik sil him sykje, dan kinne we tegearre wat spylje. Dêr yn it grutte hûs wolle se perfoarst neat fan myn talinten witte. Ik mei neat. No kin ik dan wer ris sjen litte wat ik echt kin. Der binne gjin minsken, mar jout dat wat? De beammen deromhinne binne foar my ek publyk. Se binne sa ûnbeweechlik, applaus ha 'k net te ferwachtsjen. Mar se sille my begripe. En mei har tûken nei my bûgje. De natuer hâldt de siken yn as se Christina Dupuis sjocht. O, de natuer is sa moai. De natuer is alles foar my.
Kom, it is it tredde bedriuw, Nora komt út de kûlissen en rint it toaniel op. Ik sjoch de kattepoaten. Ik hoech se mar te folgjen. No begjin ik mei myn earste sin.
|
|