Tegels
Meinou P.
Eins is der neat watst op fakânsje dochst datst thús ek net dwaan kinst. No ja, yn 'e bergen en lâns frjemde kusten rinne net fansels, mar hjir kinst likegoed kuiers meitsje en fan de natoer genietsje. Hast dyn fyts by de hân en komfortabeler fakânsjehûs en lekkerder bêd as dyn eigen kinst op de hiele wrâld net fine. De tún ûnderhâldst net, dy is oars ast thúskomst ommers ek oergroeid. Lûkst de tillefoanstekker der út, sjochst der net nei oft der e-mail is en seist tsjin bern, famylje en freonen dat se trije wike lang net wolkom binne.
Ytst noait thús, dat dochst yn it bûtenlân ek amper. Moarns stapst ûnder dyn eigen dûs, dy't altiten waarm is. Leist wat broadsjes yn 'e ûn, dochst der wat lekkers op, setst kofje, pakst in boek en joust dy dêrmei del yn 'e tún. Tsjin tolven betinkst watst dwaan silst, want ien aktiviteit de dei is ferplichte. Soms giest wat fierder fan hûs, dan nimst de fytsen mei en sliepst yn in hoteltsje. Dat kinst allegearre mei gemak betelje, dat sparrest dy wol út. Jûns drinkst noch wat yn in kroechje of op dyn eigen terras en dan giest - net te let - op bêd.
Hast neat fan te foaren te regeljen, hoechst gjin lange reis te meitsjen, en do rêst better út as ea.
Moai ferhaaltsje. Wy hawwe it in kear probearre doe't wy yn 'e hjerst fan datselde jier in nije koken krije soenen. Sa holden wy wat jild oer. Mar wy dogge it noait wer. It wurket gewoan net. Wy koenen it net litte, der moast dochs gers meand wurde en doe't it min waar wie, rommen wy de garaazje op, want it wie ûnsin om dat no net te dwaan.
Wy fûnen der neat oan om net ien te sjen en noegen minsken út, dêr't we oant djip yn 'e nacht mei sieten te drinken en te praten. Dat de oare deis waard der dan neat ûndernommen.
Ut te iten is thús lang net sa'n aventoer as yn oare lannen en om in gesellige kroech mei muzyk moatst hjir fier sykje.
Doe't wy wer oan it wurk moasten, hienen wy in gefoel as hie it net fakânsje west.
Dat wy ride oer drokke autobanen mei in swierbeladen, smoarhite auto - de airconditioning dy't wy no lang om let hawwe, makket us alderheislikst ferkâlden - hûnderten kilometers om by in efterôf-hûske te kommen dat yn desimber al besprutsen wurde moat by in dêryn spesjalisearre reisburo. In heale boekekast boeken en ús eigen túnstuollen dy't wier nedich binne, nettsjinsteande it ‘tuinameublement’ dat neffens de brosjuere oanwêzich wêze sil, meitsje dat wy net fan ‘fly and drive’ gebrûk meitsje kinne.
Underweis moatte wy sliepplak sykje en soms komme wy telâne by in ‘bêd en brochje’ mei in badkeamer dy't dield wurdt mei alle oare gasten. Net selden is it húske yn dy badkeamer en dat soarget moarns foar ferfelende problemen. Wy, dy't campings ôfsward hawwe om't wy net mear mei húskepapier ûnder de earm yn 'e rige stean wolle foar it toiletgebou, ûndergeane dat manmoedich. Want wy geane ommers nei ús hutte, mei alle privacy dy't we mar winskje kinne. En mei in hobbelich, te smel bêd, snústerige lekkens en net in stoel yn 'e keamer dêrst lekker op sitst. Wy genietsje.