Trotwaer. Jaargang 33(2001)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 202] [p. 202] Harmen Wind Soenmiel 1. Moai rustich knyft, wa'st der in haal mei jouste dy stjert oan tetanus of bloedfergiftiging.' Hy rikte nei it mes, syn skurve tomme leave 't skansearre lims yn fromme hilliging. Ik seach it, dizze leauwige soe net fan wiken witte, efter it skerp fan 't wurd hie er in better ding. 2. It is noch fan ús pake, fûkfisker, in dregen, hy hie in spultsje earne by de Ulesprong. Sa rûch as tou, koe net ûnder de minsken, dochs hat er earne in jong frommis fong en meinommen nei dat ûnfoege pleatske, en rillegau skôp er dat wiif op jong.’ 3. Hy kuozze wer it mes, it hecht hie swarte spjalten, der sieten kartels yn it âlde stiel. It mins ferdwûn, wie nearne mear te finen, it paste net, se joech him gjin skewiel.’ Hy knypeage: ik koe op him betrouwe. Ik skode oan. Wy ieten. Stoofde iel. [pagina 203] [p. 203] Winsk Efter dyn hurdens húsmannet in winsk: yn waarme earmen opheind wurde, nodde, witte dat dy neat oerkomme kin, in sêfte hûd op dines fiele, dimmen lûd: ‘Ik lit dy nea allinne’; de swietrook fan fioeltsjeswit, loshingjend hier, wyt kant, in skurte. Do kenst him net. De hûn slikket dyn hân. Do skopst him yn 'e kloaten. [pagina 204] [p. 204] Lokaasje Read laklear, berneskuontsje, leech yn 't iggegers. In reidhin lûkt deroan, is it wat foar syn nêst? Under de hagebeam, ferlitten himdsje yn 'e sinne. Twa brimzen gûnzje der ferfeeld omhinne. Wyn risselt yn it leaf en lit de reiden bûge. Dit is it plak, it útsicht skept de tsjûge. [pagina 205] [p. 205] Sjoernaal Skansearre lichem, yn 'e snilen dreaun. In fisker hat har fûn. Hjir wie 't, marwetter, reidwâl. In ferware kop: ‘Alderôfgryslikst ja, wat oars. Der bart hjir nea wat. Lit my jo dit sizze, 'k soe dy smjunt mei dizze beide kloeren...’ Grouwe fingers, neilen, swil. Wiuwende tûfen sûnder lûd. It byld befriest it plak: in eineblom tusken twa pompeblêden. De dieder sjocht it - blazend yn syn kofje - evenredich oan. Sûnder bewiis gjin skuld. Twa kreas fersoarge hannen. [pagina 206] [p. 206] Bedroch Bedjer rûkt nei ierde. Barre is foarbygean, oan it keatling leit in deade hûn. Flechtige ferbylding fan in omdoarmer. Wat nimmen langer sjocht is fuort. Dit plak bestiet net. [pagina 207] [p. 207] Ropping Do hiest wol troch datst se dy yntochtst mar makkest se lykwols mei: eachweiden fol fan ljochte fierte, boartlike minsken, muzyk út 'e loft, de rook fan hea en wetter - alles rôp dat it bestie. Do hiest wol yn 'e rekken dat it yn dyn plasse wenne, waardst wol de kjeld fan iensumens, de nearens fan fertriet, it lijen bûten dy gewaar, mar woest beweitsje wat der noch oan wierheid yn dy oerbleaun wie. Vorige Volgende