By Djo op 'e kofje
Hylkje Goïnga
Yn febrewaris krigen wy fiif ferhalen fan Hylkje Goïnga, it begjin fan in nije seary: ‘Op 'e kofje by...’ Yn it maaienûmer ha wy it earste ferhaal publisearre, hjir folget it twadde. Oer de wize fan publisearjen fan de oare trije ferhalen wurdt noch mei de famylje oerlein. - Red.
Ik ha in stik of wat freondinnen en as ik dêr by op 'e stoepe stean en se dogge de doar iepen, dan wit ik soms, djip yn mysels, eventsjes net as sij it wol echt binne. Want dan hawwe se har om de ien of oare reden noch net opmakke. Sa as no wer by Djo.
Ik doch as sjoch ik neat bysûnders en sis: ‘Ja, hjir wie ik’ en stap deryn. Ik moat net nei de rommel sjen, seit se, en de troep mar wat oan 'e kant skowe, dêre op 'e bank, en wat wol ik drinke?
‘Wat drinksto?’ freegje ik.
‘Ik meitsje kofje,’ seit Djo. ‘Fan ikeltsjekakao. De teepot haw ik al leech.’ ‘Ja,’ sis ik, ‘it is alve oere, wat wolst, dan is de pot leech.’ En Djo giet nei de keuken ta en set wetter op.
‘Stom, stom,’ ropt se dan en slacht har op 'e foarholle mei in hân fol pearse neils, ‘it kin ommers folle handiger yn de magnetron, dy twa kopkes.’
‘Och ja,’ sis ik en aai de kat, dy't my tsjin 'e skonken oankrûpt. Se set de mokken op 'e tafel del.
Wy drinke it allebeide swart om de lekkere smaak better priuwe te kinnen. Djo nimt der in megasprits by. Dy wiene ergens yn de reklame, se wit net mear wêre, mar se moatte op. Der sitte noch sân yn it pak, it wurdt dus avesearen, moarn binne se bedoarn.
‘Ik ha ús Thilde opbelle,’ seit Djo. ‘Ik tocht, ik ha yn gjin dágen niks fan har heard, en sij dus ek net fan my. Se sei: “Ast seurst en sanikst, mama, lis ik daliks wer op, want dêr stiet my no de kop net nei.” Ik frege: “Hast it drok?” “Ja mama,” sei se, “ik moat noch foar twaën...” Ik sei: “It kin my neat skele, watst allegear noch moatst foar twaën, mar hoe is it mei dij en mei Melle en de bern? Ik sjoch jim noait.” En dan wenje se by Wolvegea, in healoere yn 'e auto. “Goed,” sei se, “ja, goed drok en wy soenen ek al wer ris even nei dy ta, mar doe kaam der wat tusken.” Ik sei: “Der komt by jim altyd wat tusken en ik sit hjir mar, mei jim heit.” Ik sei net, dat ik safolle sneinen foar it rút sitten hie te koekeloeren en te wachtsjen en se sjen oft... Begrypst wol, Martha. Mar sjochst se net. Soms, droppe se hjir op in sneontemiddei dy bern dy't it hiele hûs op 'e kop sette en dan moatte sij de stêd yn om in nij