haw ik as lêzer mei it houlik fan Anne en Hylkje noadich? Ik wol gjin voyeur wêze. Fansels, yn literatuer wurdt men oer de meast yntime details fan minsken ynljochte, mar dat binne dan fiktive minsken. Ik kin alteast leauwe dat dat sa is. Mei te fantasearjen oer fiktive personaazjes yn 'e fuotleasten fan wat in skriuwer fantasearre hat en dy yn har yntimiteit te begnuven, doch ik nimmen skea. Mar Hylkje liet trochskimerje, of sels mear as dat: dit liket wol fiksje, mar it is it eigentlik net. As lêzer waard my ynskúnd om partij te kiezen tsjin Anne Wadman en foar Hylkje Goïnga.
Ik fûn dat Hylkje dêrmei misbrûk makke fan 'e literatuer. Ik fûn it ek wat kloatich dat se sa trochsjantere oer dy kearel. Der binne mear kearels as kroegen.
No't de histoaryske persoanen beide dea binne, is it faaks mooglik om it wurk fan Hylkje te lêzen sa't literatuer lêzen wurde moat, as fiksje. Dêr moat ik my dan marris ta sette.
Dit is in ûngebrûklik in memoriam, tink ik. Mar men moat minsken net yn 'e kont krûpe, grif net as se dea binne. Dat is in rare seksuële ôfwiking.