iens mear sitten sjen koe. Ik woe wol gûle: haw ik altyd sa goed west foar myn bern en no helje se myn hûs leech. Se kinne fansels fan alles brûke mei dy opgroeiende bern.
Hoe humoristysk ek, achter de grappen skûlet earnst. De froulju yn de ferhalen wrakselje mei de maatskiplike ûngelikens fan man en frou. ‘In man driuwt op syn dierlike driften en dat knoeit in frou op den doer. Myn generaasje manlju, alteast in bepaalde kategory, is op 'e rin slein. Gelokkich is dat de lêste tiid wer wat oan it feroarjen, manlju hawwe tsjintwurdich mear ferantwurdlikheidsgefoel,’ seit de skriuwster yn in fraachpetear. Har personaazjes wolle mear (seksuele) frijheid yn de ferhalen ‘Brief foar myn advokaat’ en ‘Arko’, en hja wolle minder fêstsitte oan har soms benearjende rol as mem yn ‘De appelbeam’.
Dat lêste ferhaal giet oer mefrou Pereboom mei har njoggen dochters. No't hja gjin bern mear krije sil, hat hja gjin funksje mear. Hja draacht har fruchtberens en har húshâldlike taken oer op de dochters. Troch in rare sykte feroaret hja dan sa stadichwei yn in appelbeam. Hja krijt in moai plakje yn de tún as warskôging foar de fammen om fral gjin al te romantyske ferwachtingen fan it libben te hawwen. Opfallend is dat frou Pereboom wol krityk hat op har iensidige rol as mem, mar dy dochs oerdraacht op har dochters. Hja kin gewoanwei net oars: hja is finzene fan maatskiplike regels, mar net yn it lêste plak fan harsels.
Dat Hylkje Goïnga foar it neist persoanlik mei dyselde problematyk te krijen hân hat, soe men faaks opmeitsje kinne út har publikaasjelist. Al yn de lette jierren '40 skreau hja ferhalen yn
De Tsjerne en de Ljouwerter Krante, mar pas yn 1971 ferskynde har earste bondel
Jantsje..., Ja heit. Wierskynlik hat it troch har bestean as mem fan trije bern lang duorre, foar
Hylkje Goïnga yn it begjinfan har skriuwerskarriêre. (net-datearrefoto, argyf flmd)
dat hja ‘echt’ skriuwster waard en geregeldwei boeken útbringe koe.
Ek personaazje Martha wurdt behindere troch maatskiplike regels en troch har eigen, persoanlik ûnfermogen om frijheid te nimmen. Yn Thús is de Maggi op (1981) en In superman fersûpt net (1982) is se troud mei Jaap, in fint dêr't jo net oergeunstich om hoege te wêzen. Martha sjocht wol yn dat har houlik net goed is,