Meiwurkers
Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer, debutearre yn 1994 mei It fertriet fan dokter Kildare, ferhalen út Wester wierrum. Yn 1998 ferskynde syn twadde boek, Neaken as in ierdbei, yn febrewaarje 2001 syn trêde, It aai fan Siderius, in ynspekteur Hofstra mystearje.
Marga Claus (1955) is edukatyf wurkster by it Friesland College yn Snits. Jont lessen Nederlânsk en digitale feardigens, fan it 0-nivo ôf, d.w.s. oan analfa- en digibeten. Yn septimber 2000 ferskynde fan har Oxzana, ferhaal fan in flechting.
Remco Ekkers (1941) wie dosint Nederlânsk, publisearre ferskate dichtbondels, as lêste Het gras vergeten (1991). Is poëzyresinsint fan de Ljouwerter Krante en de Poëziekrant.
Klaas Feenstra (1929) krige, nei't er as amtner fan in tal gemeenten - mei Tytsjerksteradiel as lêste - de pinne dellein hie, dy wer op om yn syn frije tiid mei poëzij te pielen. In kearmannich is der wat fan syn hâu publisearre, û.m. yn De Stim fan Fryslân, Frysk en Frij (beide silger eilaas) en de Leeuwarder Courant.
Hylkje Goïnga (1930) wie sa'n tweintich jier warber as foarljochtster yn 'e ‘jeugdtandzorg’. Hat fan begjin oant ein redaktrise fan De Strikel west. Publisearre trije (lytse) romans en sân ferhalebondels, dy't foar in grut part ek yn it Nederlânsk fertaald binne. Wurke mei oan Frysk en Frij en levere bydragen oan Nederlânske tydskriften en ferhalebondels.
Piet Hemminga (1946) is as bestjoerskundige oan de Fryske Akademy ferbûn. Hâldt him dêr benammen dwaande mei de fraach op hokfoar wize it oerheidsbelied oangeande regionale talen yn West-Europa ta stân komt. Promovearre yn septimber 2000 op Het beleid inzake unieke regionale talen.
Jan Pieter Janzen (1945) wurket as learaar skiednis en kulturele en keunstsinnige foarming yn Ljouwert, is (ein)redakteur fan Trotwaer. Skriuwt stikken en stikjes oer skiednis, kultuer, polityk en media.
Jitske Kingma (1959) wurke op de steds-, kultuer- en einredaksje fan it Friesch Dagblad, de lêste jierren as sjef fan de redaksje. Yn 1989 debutearre se mei it reisferhaal In dûkyn 'e Ganges, tsien jier letter oanfolle mei In twadde libben. Wurket by de ynternet-útjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan Trotwaer.
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis en fersoarget kursussen foar de AFUK. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993).
Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, boadskiprinder, itensierder en republikein le Frjentsjer.
Willem Schoorstra (1959) is tiimlieder by de Flaggesintrale yn Dokkum en sûnl twa jier yntinsyf oan it skriuwen. Debutearre yn 1999 mei poëzy yn Hjir en Trotwaer, wûn in Rely Jorritsmapriis foar in koart ferhaal en krige in priis foar Proms 2000. Hy besiket no stil te libjen fan de ynkomsten út ien en oar.
Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad en Byntwurk. Publisearre ferskate dichtbondels - de lêste wie Kajapoetoaly (2000) - en (tegearre mei Doeke Sijens) it tinkboek by it 25-jierrich bestean fan de Koperative Utjowerij, In útjouwerij fan QuizeQUânsje (1995).
Atze van Wieren (1943) woont in Buitenpost en is als loopbaanadviseur verbonden aan de rug. Hij schrijft korte verhalen en gedichten. De laatste tijd ligt het zwaarte punt bij de poëzie. Publiceerde in diverse literaire bladen.
Harmen Wind (1945) is as direksjelid ferbûn oan in learareoplieding yn Doetinchem. Hy skriuwt Frysk- en Hollânsktalige fersen. Yn it Frysk ferskynde foarich jier Op sân. Yn 1987 wûn er de Fedde Schurerpriis foar literêre debuten.
Willem Winters (1946) sosjolooch, publisist en útjouwer (lyts). Publisearre oer de âldereisoarch, skreau foar De Strikel, de lc, Hjir en Trotwaer oer - koartsein - keunst en kultuer. Skreau in essay oer typearjende aspekten fan de Fryske literatuer: De wite skelk fan Richt (Hjir, desimber 1999).
Piter Yedema (1941) prate thús gjin Frysk mar Stedsk. Wie fan berop gemysk analist en learaar natuerkunde. Hâldt him dwaande mei poëzy, fertalen, resinsje- en stikjeskriuwen en mei skilderjen.
(Basearre op troch de auteurs oanlevere gegevens.)