Hoe men het ABC begeerde en leerde...
Marga Claus
Met afbeeldingen
Meest in de oorspronkelijke kleuren
Naar de oude originelen
Doe't ik ferline simmer op 'e wyklikse boekemerk op it Spui omsneupte, fûn ik tusken in steapeltsje snústerige tydskriften in boekje oer it abc, skreaun troch E. Tierie-Hogerzeil en útjûn yn 1946. Bliid drukte ik twa fyfkes yn de hân fan de ferkeaper.
‘Aardich boekje foar my,’ sei ik. ‘Ik sit al jierren yn it alfabetisearringswurk.’
Unferskillich luts de man oan 'e skouders. It liet him kâld wat syn keapers by de ein hiene. De loft stie op reinen, it wie oer fiven en ek foar him wie it freed.
In healoere earder hie ik by De Slegte myn beskieden samling boeken oer lêzen en skriuwen al oanfolle mei A is een aapje. Over abcboeken en dêrom wie ik nei dizze nije fynst wer folslein fermoedsoene mei it libben. Ik joech my del op ien fan de banken foar boekhannel Athenaeum en blêde wat yn beide útjeften om.
Yn de achttjinde ieu, lies ik, waard de stavermetoade dy't de letters fan it alfabet by de folle namme neamde, ferfongen troch de klankmetoade. In dûmny Nieuwold fan Wergea hie in lêsmetoade Spelend onderwijs ûntwikkele, om krekt te wêzen yn 1796. Wa wit hie dy man it foarbyld betocht dat ik altyd brûk foar ‘myn’ minsken, nammentlik dat zet-ie-tee foar in begjinnende lêzer net folle te krijen hat mei it wurdsje zit. Sokke ynsichten binne dus al twahûndert jier âld.
Ik moast dalik tinke oan Jaspers, ien fan de miljoen minsken yn ús lân dy't benammen troch it rudimint fan de achterhelle achttjindeieuske stavermetoade noch altyd net Nederlânsk lêzen en skriuwen leard ha.
Jaspers wenne op in skip yn de binnenstêd fan L. Berne op in skip, troud op in skip, túntsje by it skip. Fan syn tolfde ôf wurke er op in baggelmasine en op syn fiifentritichste waard er ôfkeurd. Jaspers kaam út in gesin fan alve bern. Hy mocht yn syn bernejierren gauris de blommen wetter jaan fan master.
Undertusken wie er fjouwerenfyftich. Net te âld om noch wat te wollen. Syn frou krige de opdracht om nei ús ûnderwiisynstelling foar basisedukaasje te beljen. Har man woe lêzen en skriuwen leare, mei as eindoel it rydbewiis. It wie yn de tiid dat it in intaker noch tastien wie en gean nei de kursist ta foar in earste petear. Dat wie mar goed ek, want oars hie it safier nea kommen. Jaspers hie it net sa stean op minsken fan 'e wâl.
Twa dagen nei it oanmeldingstelefoantsje wrotte de yntaker harsels rûngear troch it foarûnderdoarke fan wenskip Sylvia. Se krige dalik in stoel en in bakje kofje oanbean. Wilens koe der praat wurde. Doe't it wetter wat nofliker om 'e boech begûn te streamen, besleat de yntaker om in lytse test te dwaan. Se skreau yn blokletters in koarte sin op in stikje papier en lei dy Jaspers foar. ‘Witte jo wat hjir stiet?’
De grutte skipper kuchte senuweftich en seach helpleas nei syn frou. Doe sette er útein. ‘Ie-kaa-wee-oo-oo-en-oo-pee-ee-ee-en-bee-oo-oo-tee.’ Feilleas stavere er de hiele sin. Grutsk seach er de yntaker oan. Dat frommes moast net tinke dat er ûnnoazel wie. Hy koe fansels it alfabet wol.
‘Wat ha jo no lêzen?’