Boer, bakker, Bolletje en it bûthúsbankje
Sjoerd Bottema
Do bliuwst wol. Do wol. Fryslân nei 2000. Fersen. Utj ouwerij Frysk en Frij, Ljouwert 2000.80 siden. f 35.
Hiel oars as de titel fan de blomlêzing Fryslân nei 2000 suggerearret, ha de measte dichters der hielendal gjin fertrouwen yn dat Fryslân yn wêzen bliuwe sil sa 't it is. In hiel soad is al ferdwûn en der sil noch hiel wat folgje.
‘Ik sjoch ús heit noch stean by Jantsje 10,’ fersuchtet Jelle Bangma op side 11, ‘de earste stâl, sturtwosken skjin, se glimme.’
Dat wie doe. Kom dêr no ris om. En skielk?
‘... om de twa kilometer/in Mac Krokket of Big Mac’ (Wim Beckers).
‘Sil skielk yn 'e / skientme fan it gea / yn blommige berm / in byldskerm stean?’ (Neeltje Bonnema)
‘Mear lúkse wenningbou en minder buorkerij; / rûnom technology en inkeld kloande kij; / mear asfaltbanen, akwadukten, klaverblêden, / om 't strjemjende ferkear op mar en dyk te rêden’ (Atze Bosch).
‘As aansen doarp yn stêd ferdwynt, / al wat grien is ferboelguodde wurdt, / de kij lûd baltend yn lisboks omdoarmje / en in pil harren fretten wurdt...’ (Berber van der Geest)
Dêrmei is yn it begjin fan de bondel de toan set. It is de romantyk fan ‘It bûthúsbankje’ en ‘De âlde dwersfeart’, jankfodden dy't sneontemoarns tusken alven en tolven geregeld op Omrop Fryslân te beharkj en binne. Jaj a, dat alles is Fryslân foarmy:
‘... de lytsfaam op it stalt, de bussen moasten skjin, / de mieren oan 'e seine, wraggeljende weiden/ en op 'e bûthúsbankitpypskofttuskenbeiden’ (Atze Bosch).
Buten liet de stiennen man syn eagen stoarje oer fjild en strân. Mar dat is ek foarby:
‘... de stiennen man gûlt, syn eagen read / fan't seewetter bewosken’ (Tjitske Mud-Norbruis). En sa eamelet dat mar troch:
‘Mien laand is verkaveld, / moedwillig verrinneweerd / deur rechthoekig daenken/ achter strakke tekentoafels./ Dat now daanst et leven / nooit meer springerig over / hoekies en eggies en tippies.’ (Johan Veenstra)
O moaie âlde tiden, it wurdt noait wer wat. Eartiids hiene wy ‘ús eigen dokter / dy't goerie en pillen joech / as der wat te reden wie’ (Jan J. Bylsma).
No bist ‘pasjint tolvehûnderttwa’ en komt ‘nei hiel wat skiljen en gesanger / de singeneurige ferfanger’ (id.)
Eartiids wie alles better, Jan J. Bylsma sels ek. Doe't Jan Bylsma noch net in âld seur wie, en noch lyts mar krigel, skreau er ommers it prachtige gedicht ‘Winter’, dat yn Oppewal syn winterblomlêzing Snie&Iis net ûntbrekke mocht hie:
wyt bestruid nei blauwe loft
en wylst ik sit te stinnen
dy ferfelende natoerlyryk
sjoch ik troch it finster