learje en meiprate, oanfiterje en ynspylje op de ûnderskate inisjativen fan (groepen) minsken en foar minsken’. Boppedat komt de Provinsje hyltyd mear yn byld ‘as tafersjochhâlder op de kwaliteit en as regisseur fan regionale sprieding, en as bestjoerlike partner’.
Hoe't sok amtlik beliedsproaza yn 'e praktyk útpakke moat, wurdt beskreaun yn Hst. 02 ambysjes de sektor. Opfallend is dêryn it omtinken foar festivals: leechdrompelige en populêre briedplakken foar nij talint en nije keunstfoarmen. ‘Hja hawwe boppedat ynfloed op it tinken oer de grinzen fan besteande sjenres hinne.’ Dêrom komt der in apart budzjet ‘Festivals Ljouwert’ om de haadstêd ‘sichtber [te] meitsjen as regionale en lanlike festvalstêd’.
Dat soe wol ris op kosten gean kinne fan it fiifjierlikse Frysk Festival. Want it nuvere is dat dy ferline jier mei û.o. de Slachtemaraton en Orfeo Aqua dochs sa suksesfolle organisaasje yn de nota allinnich neamd wurdt at it giet oer de evaluaasje fan struktureel troch de Provinsje stipe festivals: ‘Wy wolle benammen ek stilstean by de organisaasje en opset fan it Frysk Festival’, sa stiet der driigjend. Folslein sûnder grûn, om't krekt dat festival syn besteanrjocht wol bewiisd hat.
It haadstik ‘Letteren’ neamt as swiertepunten û.o. ‘it krijen fan mear lêzers en stipe oan de jongerein’, it tawurkjen op ‘in folweardich provinsjaal literêr prizebelied’ (ferheging fan de besteande prizen en in nijenien foar it Frysktalige liet) en ‘in bredere ynset fan nije media yn de Fryske letteren’. Sadwaande krige it digitale Kistwurk fuortdaliks subsydzje. In moaie útdaging foar dit justjes alternative ienmanskollektyf.
De Provinsje set ek swier yn op Fryske spylfilms, dokumintêres en dramaproduksjes. De earste soap is mei tanksij it entûsjasme fan deputearre Mulder al ûnderweis. Fierder moat it Frysk yn de skreaune media ‘fuortsterke’ wurde. (Dat kin gefolgen ha foar Trotwaer: it fersyk om dêr in breder magazine fan te meitsjen is/wurdt yn de Steaten behannele.)
En sa giet it mei de goede foarnimmens noch even troch. Yn net altiten like linich proaza. Mar de bedoelings binne goed: it bewarjen, útwreidzjen en tagonklik meitsjen en it bij de tiid hâlden en bringen fan de kolleksje Fryslân, ‘it gehiel oan wurken fan keunst, wittenskip en arsjitektuer yn de provinsje’. Mei ekstra finansjele ynjeksjes (5,5 miljoen gûne yn fjouwer jier). Leafst ek mei de modernste middels.
Dat de wâl dêrbij it skip wolris keart - ek bij de ‘pro-aktive’ Provinsje sels -, leit foar de hân. Sa wol de irony fan de histoarje dat de nije kultuernotysje net tsjinsteande alle omtinken foar ‘nije media’ ein april noch net op www.fryslan.nl te finen wie.