werskeunst: tekst yn ferskate kleuren printe op swier papier, wylst de beliedsterreinen opslein wurde kinne mei help fan it telefoanklappersysteem. De belettering is prachtich, mar nochal dryst: de ljochtprinte paragraaftitels binne min te lêzen, de haadstiknûmers rinne foar in part oer de tekst hinne, wylst inkelde haadstiktitels, as it de foarmjouwer better like, net neffens it boekje ôfbrutsen binne, mar sa: útgongs-pun-ten, ta-he-ak-ke-n. It liket der op dat de foarmjouwer sokke frjemdichheden yn de tekst - gefolch fan in tekstferwurker dy't it Frysk net behearsket - fanwege de ienheid, mar sitte litten hat. Best-joerlik, fers-praat, konsek-winsjes, wurde-arring, jeuchdteaterskoalle, kofi-nansiering, eksp-loitearjen, ferhâldingsgewi-is, foarl-jochting, byldz-jende, gewo-ane, bets-jutting, ensf. Typografysk is dat hiel aardich en boartlik, mar it taalgebiet yn myn harsens rekket der wol fan op 'e doele. It slacht sels oan it eksperimintearjen mei wurdôfbrekkings. Nettsjinsteande de tekst en mysels lês ik popa-kademy, pub-lyk, edu-kaasje, ak-sint en dramado-sinten.
Lykwols, dit wurkstik fan Barbara Jonkers komt sûnder mis yn de beneaming foar de Liuweprint.
En de ynhâld? It earste haadstik haw ik mei lijen útlêzen. It amtlik taaltsje is like libben as it dea is (of moat ik sizze like dea as it libben is?). Fierder haw ik hjir en dêr noch in bekjefol probearre, it is as sân tusken de kiezzen en dus bin ik der mei opholden.