Altyd wat!
Tr. Riemersma
Realiteit en fiksje
‘Heit! Hasto sa yn 'e gids omkrast?’ frege ús dochter ferwûndere. Ja, dat hie ik dien en dat wie eksepsjoneel, want ik haw ûntsach foar it printe wurd en ik kras noait yn teksten om. Mar dit wie wat bysûnders, dit programma mocht my net ûntkomme. De grutte pylk dy't ik skean oer de side fan de vpro-gids krast hie, wiisde nei it Canvas-programma oer de persoan en it boek fan Binjamin Wilkomirski, in man dy't nei alle gedachten net wie dêr't er him foar útjoech en waans boek sadwaande ek net op wierheid berêste koe.
Twa jier lyn hat dêr al in berjocht oer stien yn 'e Ljouwerter Krante. De man dy't yn syn boek bewearde dat er as beuker fan likernôch trije oant seis jier yn Auschwitz en Majdanek de yslikste dingen oan 'e lea ûnderfûn en fan oaren obsterwearre hie, wie in ‘oplichter’. De man foel fan syn fuotstik en it boek, in bestseller yn en bûten Switserlân, waard ûnferkeapber.
Ik wit noch dat ik der om gnize moast doe't ik dat stik yn 'e Ljouwerter lies. De minsken dy't har troch de saneamde Wilkomirski ‘ferrifelje’ litten hienen, hienen dat dochs folslein oan harsels te tankjen?
It Canvas-programma - oarspronklik in Ingelske produksje út 1999 - joech wol wat mear feitlike ynformaasje, mar benammen emoasjes. De stikjeskriuwer yn 'e vpro-gids wie fan miening dat it programma der tefolle op rjochte wie om de sjugger op te setten tsjin ‘Wilkomirski en zijn leugens. Er is geen ruimte voor begrip of medelijden. En zo blijft de tragiek van een verloren ziel die zijn eigen werkelijkheid heeft geschapen onderbelicht’ (vpro-gids, nr. 16, 53).
Ja, dat is it minsklike drama. Dy man, Bruno Grosjean, sa't er nei alle gedachten yn it echt hyt, dy doocht net yn syn boppekeamer, dy is it_ slachtoffer fan syn eigen fantasijen. Dat er troch it publyk op in skriklike manier ôfstraft is, makket it allegearre noch slimmer, earst op in fuotstik set en doe útkoarre.
Mar ynteressanter is: hoe komt it publyk der ta om it relaas fan Wilkomirski foar in feitlik ferslach te hâlden? Elke autobiografy is fiktyf. Yn prinsipe fiktyf mei dêryn in mear of minder grut part feitlikheid bemongen. En wat is dat foar raars om in boek goed te finen as it op oanwiisbere feiten werom giet en te fersmiten as it mar optocht is? As wy it no sa draaie: Grosjean hat him yn syn rol fan Wilkomirski ynlibbe yn it lot fan tûzenen fermoarde bern en út har namme dat boek skreaun. Wat is dêr ferkeard oan? Hy hat de fiksje wat te fier dreaun troch ek yn it deistich libben de rol fan syn protagonist spylje te wollen. Dêrmei is de man mear in stumper as in smjunt. Hoe dat ek wêze mei, der is gjin reden om dat boek út 'e rekken te klauwen. Dat boek kin tige goed wêze. De wierheid lige is ommers it métier fan de skriuwer.