blykt dan net sa te wêzen, wylst Oxzana sels in fierstente leech sifer krigen hat, om't se net altyd de kolleezjes folgje kinnen hie.
Oxzana is my ek te faak it slachtoffer fan boaze skoanmemmen en -susters. Yn dat ljocht sjoen is de opmerking oer Natasja dy 't se yn in flechtlingeferbliuw yn Nederlân treft ‘har skoanmem is ek net ien fan de aardichsten as ik har leauwe mei’ (277) net oertsjûgjend.
As Oxzana har op side 290 ôffreget wêr't har âlde krigelheid bleaun is, is it krekt dat wat my it hiele boek troch ûnrêstich makket: se wie noait krigel genôch. Nettsjinsteande allerhanne warskôgings rint se oeral mei iepen eagen yn en tekenet oerienkomsten tsjin better witten. Dat wurdt dan in bytsje goedpraat troch har efterôf hieltyd wer sizze te litten dat se wol hiel nayf wie. Wêrom lit se har skoanmem it jild opbergje dat se as earste help fan it regear krijt nei de dea fan Ghalil? Se hie dochs de ûnderlining dat se it dan net wer werom sjocht? In frou dy't krekt widdo wurden is, tinkt neffens my net wat soe ik dermei moatte. (155)
In oar punt is dat Marga Claus wat te min omtinken foar de bern hân hat. Ik betraapje my by it lêzen te faak op de gedachte dat ik witte wol wêr't dy op dat stuit binne. Op side 111 fertelt Oxzana dat se in baan hat as learares Russysk. Hoe kin dat? Wa past op de bern? Op side 136 kom ik yn ien sintsje te witten dat de bern, as sy wurket achter yn it lokaal op har eigen stuoltsje sitte. Mear net. Hoe fielden de bern har? Hoe fûn Oxzana dat sels? Dêr wurdt oer swijd.
In tekenjende flater yn dat ferbân wurdt makke as Ghalil al dea is en Oxzana besite hat om't se it hûs ferkeapje wol. Side 200: ‘Wy ite mei-elkoar. As ik de boel opromje en de bern op bêd bring...’ Hoe kin dat no, tink ik. De bern wienen dochs al by Zana har mem yn Oekraïne? Ik gean werom nei side 187. Dêr komt de mem fan Oxzana op besite yn Afghanistan en dy hat de bern klandestyn mei weromnommen. Ik lês letterke foar letterke, want ik haw wat mist. Nee dus. Op side 202 stiet dat as Zana mei Farûk trout, dat in mooglikheid is om by har mem en bern te kommen. - Dúdlik in fersin fan de skriuwster en net fan de fertelster.
Yn Nederlân, as Oxzana fan Suzanne les kriget yn de taal fan it lân (mei oaren, mar dy binne ôffallen want dy kinne de wurden mei gjin mooglikheid yn it ûnthâld krije) freegje ik my wer ôf wêr't de bern binne. En wêrom binne se net by dy taallessen? Claus jout de lêzer gjin andert.
Marga Claus hat keazen foar in gronologysk relaas yn de no-tiid en út it perspektyf fan Oxzana wei, ûnderbrutsen troch kursyf printe stikken yn de doetiid dy't refleksje jouwe op it barde.
Guon fan dy stikken hawwe gjin skôgjende funksje en net genôch ôfstân fan it foargeande, en hiene dus foar itselde efter it ferhaal oan kinnen, lykas op side 38, dêr't allinnich mar it lêste sintsje Mar dat wist ik doe noch net oanjout dat it kommentaar efterôf is. De wat langere kursiven lykas op side 34-35 oer it funksjonearjen fan har heit en mem yn in kommunistyske steat, jouwe echt oan dat Oxzana no (op it stuit dat it ferhaal ferteld wurdt) mear eftergrûnynformaasje hat en dat se der mei oare eagen nei sjen kin.
En nochris: as de tredde persoan brûkt wie by it ferhaal, hienen de kursiven yn de ik-foarm in libbener ôfwikseling jûn.
Neffens de ferantwurding wol dit ferhaal ‘sjen litte wat allegear foarôfgean kin oan it beslút om jins lân te ûntflechtsjen. Tagelyk wol it mear ynsjoch jaan yn de feiten, achtergrûnen en stimmingen dy't beskiedend binne foar oare