Tegels
Meinou P.
By it opromjen fan myn keamer fûn ik in tentamen fonology, makke yn it begjin fan myn stúdzje mu-Frysk yn 1995. Ik hie in transkripsje makke mei amper flaters. Ik lies dat ik doe de ferskillen tusken fokalen en konsonanten wist, dat de b [+ant] en [-kor] is en dat assimilaasje foar deleesje giet. En noch folle mear wist ik. Mar ek in protte net, want ik hie mar in seis. En ik wit no allinnich noch hoe bliid dat ik dêrmei wie. Fierder neat, mar dan ek wier neat! Net iens wat ant en kor betsjut!
Dat hat men derfan, as men nei jins fyftichste in stúdzje docht, tocht ik. Ferlerne muoite. Alles glidet wer fuort.
Koart dêrnei seach ik yn 'e Ljouwerter in kop fan in artikeltsje Psychologen op zoek naar geheim gelukkige relaties. Ik lies de sin in pear kear oer. Semantysk homonym, sei ik lûdop en grutsk dat ik dat noch wol wist. Want dat haw ik by dyselde stúdzje leard.
Yn it iene gefal sykje de psychologen nei geheime relaasjes dy't lokkich binne en yn it oare nei it geheim fan lokkige relaasjes.
It ûndersyk soe oer it twadde gefal gean, lies ik fierder. Dat fûn ik spitich, want geheime relaasjes binne folle ynteressanter en de kâns dat se lokkich binne, is ek grutter. Mar dêr wol ik it no net oer hawwe.
Ik wol it ha oer hoe't it ûnthâld wurket. Ik wit bêst wêrom't ik de term semantyske homonimy noch wol paraat haw. Ik kaam de jûns nei de kursus doe't dat oan de oarder west hie, thús mei de foarbyldsin in lange man komt de oanskaffan in húshâldtrepke foar.
Dy sin kin betsjutte dat in frou in lange man hat dy't alles foar har pakt wêr't se sels net by kin. In trepke is hielendal net nedich. Hy is lang en aardich en hy docht it wol.
Mar it kin ek gean om in oare man. Dat dy lang is, docht der eins net ta. Hy is deun! Op it stuit dat de frou in trepke keapje wol, wol hy it net lije!
It hat lang duorre foar't wy it flau begûnen te finen om alle kearen dat wy in trepke nedich hienen opmerkings te meitsjen lykas as ik kieze mocht, hie ik leaver in....
It is fansels neat nijs datst oan 'e gong moatst mei dingen dyst ûnthâlde wolst. Hoefolle minsken roppe net nei in kompjûterkursus dat it neat jûn hat om't se dat wat der leard is net echt nedich hienen yn 'e praktyk?
Mar dochs is it foar my wol wat dêr't ik kjel fan wurd as ik betink wat wy op basisskoallen doseare. Tink mar ris oan in desimeter. Wannear brûke basisskoallebern no in desimeter? Hoe kinne se dêrmei oefenje? Gjin boufakker dy't it oer in desimeter hat, alle ôfmjittings dêr't bern mei te krijen hawwe binne yn meters, sintimeters of milimeters.
Neffens my is foar harren in desimeter [+ant] en [-kor].